Toerisme op het Wad - Toerisme op it Waad

Uitwaaien op een eiland - Utwaaie op in eilân

Er zullen niet veel Nederlanders zijn die nog nooit een vakantie op de Waddeneilanden hebben gevierd. Vlieland, Terschelling, Ameland en Schiermonnikoog zijn gebieden waar vaak veel toeristen zijn. In de zomervakantie zijn er zelfs veel meer toeristen dan inwoners. Bijna al deze inwoners verdienen hun brood met het toerisme. Dat is nog niet zo lang zo. De geschiedenis van alle vier Friese Waddeneilanden begon heel anders. De mensen leefden van landbouw, zeevisserij en de walvisjacht. Van Terschelling kwam zelfs de wereldberoemde walvisjager Willem Barentsz. Van de landbouw, visserij, de jacht en nu het toerisme hebben de eilanders altijd goed kunnen leven. Maar ze woonden natuurlijk wel altijd op een eiland, op zichzelf. Zo kon ook ieder eiland zijn eigen taal en zijn eigen specifieke kenmerken ontwikkelen, met eigen klederdracht en eigen meubels.

------------------------------------------------------------------

Der sille net folle Nederlanners wêze dy’t noch noait in fakânsje op de Waadeilannen fierd hawwe. Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach binne gebieten dêr’t it faak optilt fan de toeristen. Yn de simmerfakânsje binne der sels folle mear toeristen as ynwenners. Hast al dizze ynwenners fertsjinje har brea mei it toerisme. Dat is noch net hiel lang sa. De skiednis fan alle fjouwer Fryske Waadeilannen begûn hiel oars. De minsken libben fan lânbou, seefiskerij en de walfiskjacht. Fan Skylge kaam sels de wrâldferneamde walfiksjager Willem Barentsz. Fan de lânbou, fiskerij, de jacht en no it toerisme ha de eilanners altyd goed libje kind. Mar se wennen fansels wol altyd op in eilân, op harsels. Sa koe elk eilân syn eigen taal en syn eigen spesifike kenmerken ûntwikkelje, mei eigen klederdracht en eigen meubels.

Vrijetijdszones
Wie is er niet ooit een dagje naar een van de Friese Waddeneilanden geweest? Vlieland, Terschelling, Ameland en Schiermonnikoog. Om er uit te waaien, van de natuur te genieten, te zonnebaden, te sporten of op een regenachtige dag een dorpsmuseum te bezoeken. De Waddeneilanden zijn vrijetijdszones die aan het toerisme hun voortbestaan danken. Bij uitstek de Waddeneilanden laten zien hoe ook Friesland sinds de Tweede Wereldoorlog steeds afhankelijker is geworden van de toerist: de massa- , de cultuur- en de natuurtoerist.

Geïsoleerde gemeenschappen
Maar toerisme is een betrekkelijk nieuw verschijnsel. De geschiedenis van alle vier de Friese waddeneilanden begon heel anders. De mensen die er woonden leefden tot voor kort van landbouw, zeevaart en walvisvangst. Terschelling bracht een van Nederlands bekendste zeevaarders voort: Willem Barentsz. Ondanks de voorspoed die ze dankzij de bloei van de Hollandse en Friese scheepvaart in de zeventiende en achttiende eeuw kenden, vormden de eilandbevolkingen vrij geïsoleerde gemeenschappen. Dat blijkt bijvoorbeeld uit de eilander dialecten die er worden gesproken, mengsels van Fries en Nederlands. Ook ontwikkelden zich er – net als in Hindeloopen – eigen variaties van de materiële cultuur die men langs de hele Nederlandse, Duitse en Deense Noordzeekust vindt. Ieder eiland heeft zijn eigen klederdracht en zijn eigen interieurs.

Cultuurtoeristen
De aantrekkingskracht van het wad lag voor een deel in deze eigenheid. Dat bleek toen men rond 1800 in West-Europa de oude angst voor de zee begon af te leggen en in plaats van de afschrikwekkendheid de schoonheid van de kust ontdekte. Friese bewegers als de predikanten Joost Halbertsma en Rinse Posthumus gingen nu naar de Waddeneilanden. Ze ontdekten er de in hun ogen oude resten van een Friese cultuur die op het vasteland volgens hen sinds lang zou zijn verdwenen. Achteraf kunnen we hen wel aanmerken als de eerste toeristen, cultuurtoeristen.

Bleekneusjes
In de tweede helft van de negentiende eeuw werd de aantrekkelijkheid van de eilanden vergroot door de opvatting die toen algemeen opgang maakte dat zeelucht erg gezond was. Men stichtte vakantiekolonies. Op Schiermonnikoog en later op Vlieland, dat overigens pas na de Tweede Wereldoorlog bij Friesland werd gevoegd, bouwden vooruitstrevende Leeuwarder artsen in 1886 bijvoorbeeld een Gezondheidskolonie waar stadse bleekneusjes weer op krachten konden komen. Ook de dichter Slauerhoff – hij had zwakke longen – logeerde om deze reden als Leeuwarder jongetje vaak op Vlieland; hij zou er een levenslange liefde voor het eiland aan overhouden.

Kleine groep
Het toerisme was in de periode tot de Tweede Wereldoorlog slechts voorbehouden aan een kleine groep van mensen die voldoende vrije tijd en/of geld hadden. Ze bouwden er vaak hun eigen pittoreske vakantiehuisjes. De eilanden waren ook geliefd bij kunstenaars en schrijvers. Zo hield de Jongfryske Mienskip onder leiding van Douwe Kalma in de jaren twintig op Ameland en Terschelling elk jaar een zomerkamp en kwamen veel schilders naar Vlieland.

Massatoerisme
Het echte massatoerisme ontstond pas na de Tweede Wereldoorlog. In de toen ontstane welvaartsstaat kreeg de Nederlandse bevolking meer vrije tijd en ook vaste vakanties. Voor de Friezen werden de eilanden toen een goedkope en gemakkelijke vakantiebestemming. Echter ook Duitsers uit het industriële Ruhrgebied kwamen massaal naar de Nederlandse waddenkust. De brede stranden langs de Noordzee waren bij hen vooral in trek.

Uitbreidingen voorzieningen
Sinds die tijd is er sprake van een doorgaande ontwikkeling, van groei en van uitbreiding van toeristische voorzieningen. Hoewel door de toegenomen welvaart de massatoerist van nu liever naar de Costa del Sol of de Carribeans reist, groeiden ook de vakantiekolonies op de Wadden van het einde van de twintigste eeuw uit tot steeds grotere recreatieparken. Een van de redenen ligt in de herwaardering van de natuurlijke waarde van de Wadden sinds de jaren zeventig. Het is het grootste getijdengebied ter wereld en dat weten niet alleen mensen, maar ook vogels. Tegenwoordig komen er dan ook steeds meer natuurtoeristen naar de Wadden. De cultuurliefhebbers (onder hen) kunnen in de zomer genieten van grote evenementen als het Terschellinger Oerolfestival.

 

--------------------------------------------------------------------------------------------------

 

Frijetiidssônes
Wa hat net ris in dei nei ien fan de Fryske eilannen west? Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermuontseach. Om dêr út te waaien, fan de natuer te genietsjen, te sinnebaaien, te sporten of om op in reinige dei in besite oan in doarpsmuseum te bringen. De eilannen binne frijetiidssônes, dy’t harren fuortbestean oan it toerisme te tankjen ha. De eilannen, by útstek, litte sjen hoe’t ek Fryslân as gehiel sûnt de Twadde Wrâldoarloch hieltiten mear ôfhinklik wurden is fan de toerist: de massa-, de kultuer- en de natuertoerist.

Isolearre mienskippen
Mar toerisme is in betreklik nij ferskynsel. De skiednis fan de fjouwer Fryske eilannen begûn hiel oars. De lju dy’t der wennen libben oant koartlyn fan lânbou, seefeart en walfiskerij. Fan Skylge kaam ien fan de bekendste seefarders fan Nederlân: Willem Barentsz. Nettsjinsteande de foarspoed dy’t hja mei tank oan de bloei fan de Hollânske en Fryske skipfeart yn de santjinde en achttjinde ieu meimakken, wiene de eilânbefolkings frijwat isolearre mienskippen. Soks docht bygelyks bliken út de eilanner dialekten; hja binne in gearmjuksel fan Frysk en Nederlânsk. Ek ûntjoegen har – lykas yn Hylpen – eigen fariaasjes op de materiële kultuer sa’t dy by de hiele Nederlânske, Dútske en Deenske Noardseekust oantroffen wurdt. Elts eilân hat syn eigen dracht en syn eigen ynterieurs.

Kultuertoeristen
It oantreklike fan it Waad lei him foar in part yn dy eigenens. Dat die bliken doe’t om 1800 hinne yn West-Europa de âlde eangst foar de see ôflein waard en yn stee fan de ôfgryslikens it moaie fan de kust ûntdutsen waard. Fryske bewegers lykas de predikanten Joast Halbertsma en Rinse Posthumus giene no nei de waadeilannen. Hja ûntdutsen dêr de yn har eagen âlde resten fan in Fryske kultuer, dy’t op de fêstewâl neffens harren al lang lyn ferdwûn wêze soe. Efternei kinne wy harren wol beskôgje as de earste toeristen – kultuertoeristen.

Wytsnútsjes
Yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu waard de oantreklikens fan de eilannen fergrutte troch de opfetting dy’t doe algemien opgong makke, dat seelucht tige sûn wie. Der waarden fakânsjekoloanjes stifte. Op Skiermuontseach en letter op Flylân, dat oars pas nei de Twadde Wrâldoarloch by Fryslân kaam, bouden foarútstribjende Ljouwerter dokters yn 1886 bygelyks in Gezondheidskolonie, dêr’t stedske wytsnútsjes wer op krêften komme koene. Ek de dichter Slauerhoff – hy hie minne longen – kaam dêrom as Ljouwerter jonge gauris op Flylân te útfanhûzjen; it eilân soe foar him in leafde foar it libben wurde.

Lytse groep
It toerisme wie yn de perioade oant de Twadde Wrâldoarloch allinne foarbehâlden oan in lytse groep minsken dy’t genôch frije tiid en/of jild hiene. Hja bouden gauris har eigen pittoreske fakânsjehúskes. Ek keunstners en skriuwers kamen graach op de eilannen. Sa hold de Jongfryske Mienskip ûnder lieding fan Douwe Kalma yn de tweintiger jierren alle jierren in simmerkamp op It Amelân en Skylge, en kamen der in protte skilders nei Flylân.

Massatoerisme
It echte massatoerisme ûntstie pas nei de Twadde Wrâldoarloch. Yn de wolfeartssteat dy’t doe ûntstien wie, krige de Nederlânske befolking mear frije tiid en ek fêste fakânsjes. Foar de Friezen waarden de eilannen doe in goedkeape en maklike fakânsjebestimming. Der kamen lykwols ek massaal Dútsers út it yndustriële Ruhrgebiet nei de Nederlânske waadkust. Benammen de brede strannen by de Noardsee lâns luts harren.

Utwreidzjen foarsjennings
Sûnt dy tiid kin praat wurde fan in trochgeande ûntjouwing, fan groei en fan útwreidzjen fan toeristyske foarsjennings. Ek al giet troch de tanommen wolfeart de massatoerist fan hjoed leaver nei de Costa del Sol of de Carribean, likegoed groeiden ek de fakânsjekoloanjes fan it Waad fan de ein fan de tweintichste ieu út oant hieltiten gruttere rekreaasjeparken. Ien fan de redenen leit yn it op ’e nij wurdearjen fan de natuerlike wearde fan it Waad sûnt de santiger jierren. It is it grutste tijgebiet fan de wrâld en dat witte fûgels likegoed as minsken. Tsjintwurdich komme der dan ek hieltiten mear natuertoeristen nei it Waad. De kultuerleafhawwers (ûnder harren) kinne simmerdeis genietsje fan grutte eveneminten lykas it Skylger Oerolfestival.