Titus Brandsma

Een roomse Fries - In roomske Fries

Leven als hoeder van de mensen, sterven als een verzetsheld en daarna officieel zalig worden verklaard. Dat overkwam Titus Brandsma, een priester uit Bolsward die belangrijk werk deed in de katholieke wereld, maar stierf in een Duits concentratiekamp in de Tweede Wereldoorlog. Titus Brandsma werd in 1985 door de paus zalig verklaard, Niet alleen door de katholieken, maar ook door mensen van andere levensovertuigingen wordt Brandsma bewonderd voor al het werk dat hij deed om mensen van verschillende richtingen met elkaar in contact te brengen en zo een bijdrage te leveren aan een vreedzame wereld. Het is dan ook hard dat juist hij door onverdraagzaamheid om het leven is gekomen.

-------------------------------------------------------------------

Libje as hoeder fan de minsken, stjerre as fersetsheld en dêrnei offisjeel sillich ferklearre wurde. Dat oerkaam Titus Brandsma, in priester út Boalsert dy’t foarnaam wurk die yn de katolike wrâld mar stoar yn in Dútsk konsintraasjekamp yn de Twadde Wrâldoarloch. Titus Brandsma waard yn 1985 troch de paus sillich ferklearre. Net allinnich troch de katoliken, mar ek troch minsken fan oare libbensoertsjûgings wurdt Brandsma bewûndere foar al it wurk dat hy die om minsken fan ferskillende rjochtingen mei inoar yn kontakt te bringen en sa in bydrage te leverjen oan in freedsume wrâld. It is dan ek wreed dat krekt hy troch ûnferdraachsumens om it libben kommen is.

Zaligverklaring
Paus Johannes Paulus II verklaarde in 1985 Titus Brandsma zalig. Een dag later sprak de paus de pelgrims uit binnen- en buitenland toe in de nabijgelegen San Michele dei Frisoni. Deze kerk, bekender onder de naam ‘Friezenkerk’, deed in de Middeleeuwen dienst als verblijfplaats voor pelgrims uit Friesland en bedient tegenwoordig de Nederlandse gemeenschap in Rome. De ontmoetingsruimte in de kerk is naar Brandsma genoemd. Het geloof en engagement van Brandsma waren gedurende diens leven een grote stimulans voor kerkelijke en maatschappelijke groeperingen binnen en buiten Friesland.

Levensloop
Titus Brandsma werd in 1881 in Oegeklooster bij Bolsward geboren als Anno Sjoerd Brandsma. Op elfjarige leeftijd vertrok hij uit Friesland om in Brabant een kloosterschool te bezoeken. Bij zijn intrede in de orde van de Karmelieten in 1898 nam hij de naam Titus aan. In 1905 werd hij tot priester gewijd, waarna hij in Rome enkele jaren filosofie studeerde aan de beroemde Pontificia Università Gregoriana. Na zijn promotie in 1909 werd hij hoogleraar aan het filosofisch college van zijn orde te Oss en later aan de katholieke universiteit van Nijmegen. Hij was gespecialiseerd in de geschiedenis van de mystiek.

Roomsk Frysk Boun
Al tijdens zijn verblijf in de internationale gemeenschap in Rome werd Brandsma zich bewust van de waarde van de eigen taal – in zijn geval het Fries – voor de religieuze beleving en voor een goed maatschappelijk functioneren. Vanuit het Brabantse droeg hij vanuit deze gedachte zoveel mogelijk bij aan de gelijktijdige versterking van de positie van het Fries en de Friese Rooms-katholieke gemeenschap. In 1917 was hij een van de oprichters van het Roomsk Frysk Boun, waarvan hij ook de eerste secretaris was. Het Boun streefde de erkenning van het Fries na, onder andere door te werken aan de productie van Friestalige verhalen, liederen, devotieprentjes en gebedenboeken. Brandsma publiceerde zelf zeer geregeld in het Fries en ging bij gelegenheid ook missen in het Fries voor.

Fryske Akademy
Brandsma hechtte aan goed onderwijs en goede voorlichting en probeerde op het gebied van onderzoek, onderwijs en journalistiek allerlei krachten te bundelen. Voor Friesland spande hij zich in als lid van de Provinciale Onderwijsraad, bepleitte hij de stichting van een leerstoel Fries taal- en letterkunde (1933), stond hij mee aan de basis van de facultatieve invoering van het Fries als vak op lagere scholen (1937) en had hij een belangrijk aandeel in de oprichting van de Fryske Akademy (1938). Ook was hij medeoprichter van de vereniging voor wetenschappelijk onderzoek naar de kerkgeschiedenis van Friesland, Frisia Catholica (1937). Brandsma’s Friese activiteiten waren een integraal onderdeel van zijn streven naar een wereldomvattende samenleving op praktisch-christelijke grondslag. Andere initiatieven in dit licht waren zijn bemoeienissen met het Esperanto en zijn werk voor het Apostolaat der Hereniging, een internationale organisatie die streefde naar eenheid der christenen. Deze en vele andere functies brachten Brandsma in contact met mensen van over de hele wereld.

Oorlogsjaren
In de Tweede Wereldoorlog toonde Brandsma zich in woord en geschrifte een verklaard tegenstander van het nationaalsocialisme en het antisemitisme. Als landelijk adviseur van de katholieke dagbladschrijvers kwam Brandsma in de eerste oorlogsjaren in een moeilijk parket. In overleg met de aartsbisschop stelde hij een advies op aan de katholieke dagbladen om bepaalde mededelingen van de Duitse overheid niet te plaatsen. Tijdens zijn rondgang langs de verschillende redacteuren werd hij gearresteerd en gevangengezet. Vanuit zijn cel schreef hij brieven en geschriften die na zijn dood in Dachau in 1942 eerst heimelijk werden verspreid en na de bevrijding werden gepubliceerd.

Herdenking
In de loop der jaren werd hij als verzetsheld, als gelovig christen, als rooms-katholiek en als Fries op verschillende plaatsen in Nederland en Europa herdacht door het oprichten van instituten, musea en standbeelden, door het publiceren van levensbeschrijvingen en niet in de laatste plaats door zijn zaligverklaring.

 

-------------------------------------------------------------------------------------------------

 

Sillichferklearring
Paus Johannes Paulus II ferklearre Titus Brandsma yn 1985 sillich. De deis dêrnei spruts de paus de pylgers út binnen- en bûtenlân ta yn de San Michele dei Frisoni, tichte by it Fatikaan. Dy tsjerke, bekender as de ‘Friezetsjerke’, tsjinne yn de midsieuwen as ferbliuwplak foar pylgers út Fryslân wei en betsjinnet hjoed de dei benammen de Nederlânske mienskip yn Rome. It trefplak yn de tsjerke is nei Brandsma neamd. It leauwe en engaazjemint fan Brandsma wiene yn syn libben in grutte stimulâns foar tsjerklike en maatskiplike groepearrings yn en bûten Fryslân.

Libbensrin
Titus Brandsma waard yn 1881 yn Oegekleaster by Boalsert berne as Anno Sjoerd Brandsma. Doe’t er alve wie, gie er út Fryslân wei om yn Brabân oan in kleasterskoalle te gean. By syn yntree yn de oarder fan de Karmeliten yn 1898 naam er de namme Titus oan. Yn 1905 waard er ta pryster wijd, wêrnei’t er yn Rome in pear jier filosofy studearre oan de ferneamde Pontificia Università Gregoriana. Nei syn promoasje yn 1909 waard er heechlearaar oan it filosofysk kolleezje fan syn oarder te Oss en letter oan de katolike universiteit fan Nijmegen. Hy wie spesjalisearre yn de skiednis fan de mystyk.

Roomsk Frysk Boun
Doe’t er yn de ynternasjonale mienskip yn Rome tahâlde, waard Brandsma him al bewust fan de wearde fan de eigen taal – yn syn gefal it Frysk – foar de religieuze belibbing en foar in goed maatskiplik funksjonearjen. Fanút Brabân droech er út dat betinken wei sa goed mooglik by oan it fuortsterkjen fan de posysje fan it Frysk en de Fryske roomske mienskip. Yn 1917 wie er ien fan de oprjochters fan it Roomsk Frysk Boun, dêr’t er sels ek de earste sekretaris fan wie. It Boun stribbe nei de erkenning fan it Frysk, ûnder oare troch te wurkjen oan de produksje fan Frysktalige ferhalen, lieten, devoasjeprintsjes en gebedeboeken. Brandsma publisearre sels geregeldwei yn it Frysk en gie by gelegenheid ek yn missen yn it Frysk foar.

Fryske Akademy
Brandsma hechte tige oan goed ûnderwiis en goede foarljochting en besocht om op it mêd fan ûndersyk, ûnderwiis en sjoernalistyk allerhanne krêften te bondeljen. Foar Fryslân sette er him yn as lid fan de Provinciale Onderwijsraad, gie er yn de pleit foar it stiftsjen fan in learstoel Fryske taal- en letterkunde (1933), stie er mei oan de basis fan de fakultative ynfiering fan it Frysk as fak op de legere skoallen (1937) en hie er in wichtich oanpart yn it oprjochtsjen fan de Fryske Akademy (1938). Ek wie er mei-oprjochter fan de feriening foar wittenskiplik ûndersyk nei de tsjerkeskiednis fan Fryslân, Frisia Catholica (1937).Brandsma syn earste aktiviteiten wiene in yntegraal ûnderdiel fan syn stribjen nei in wrâldomfiemjende maatskippij op praktysk-kristlike grûnslach. Oare inisjativen yn dat ljocht wiene syn bemuoienis mei it Esperanto en syn wurk foar it Apostolaat der Hereniging, in ynternasjonale organisaasje dy’t stribbe nei ienheid fan de kristenen. Dy en gâns oare funksjes brochten Brandsma yn kontakt mei minsken fan oer de hiele wrâld.

Oarlochsjierren
Yn de Twadde Wrâldoarloch liet Brandsma him yn wurd en skrift kenne as in útdruklik tsjinstanner fan it nasjonaal-sosjalisme en it antysemitisme. As lanlik adviseur fan de katolike deiblêdskriuwers kaam Brandsma yn de earste jierren fan de oarloch yn ’e pine te sitten. Yn oerlis mei de aartsbiskop stelde er in advys op oan de katolike deiblêden om beskate meidielings fan de Dútske oerheid net te pleatsen. Under syn omgong by de ferskate redakteuren del waard er arrestearre en finzen naam. Ut syn sel wei skreau er brieven en geskriften, dy’t nei syn dea yn Dachau yn 1942 earst temûk ferspraat en nei de befrijing publisearre waarden.

Betinking
Mei de jierren waard er as fersetsheld, as leauwend kristen, as katolyk en as Fries op ferskate plakken yn Nederlân en Europa betocht yn de foarm fan it oprjochtsjen fan ynstituten, musea en stanbylden, troch it publisearjen fan libbensbeskriuwings en, net yn it lêste plak, troch syn sillichferklearring.