Franken en Friezen
Yn 690 komt de Ingelske Willibrord oan yn ’e Lege Lannen. Dy muonts en misjonaris út Northumbrië is mei tolve maten de Noardsee oerstutsen om it kristendom te fersprieden yn it lân fan de Friezen. Syn eigen lân is al earder kerstene. It Fryske gebiet beslacht de kuststripe fan ’e Westerskelde oant de Wezer. De Friezen hâlde fêst oan har âlde gebrûken en leauwe yn goaden lykas Wodan en Donar.
Fan syn foargongers wit Willibrord dat it bekearen fan de Friezen gjin ienfâldige saak is. Dêrom freget er it Frankyske hôf om stipe. It Fryske gebiet grinzet oan it Frankyske Ryk, dat ûnder kening Clovis twa iuwen dêrfoar al it kristlike geloof oannommen hat. De Fryske elite beskôget de misjonarissen as hantlangers fan de Franken, mei wa’t de Friezen geregeld yn konflikt komme.
De striid tusken Franken en Friezen hat in wikseljende skiednis fan bûnsgenoatskippen en konflikten. Der is gjin sprake fan in hurde grins tusken Frysk en Frankysk gebiet: nei elk gefjocht skowe óf de Friezen in eintsje op nei it suden óf de Franken nei it noarden. Sa falt Utert ûnder wikseljend gesach. Om 630 hinne – yn in tiid fan Frankyske suksessen – lit de Frankyske kening Dagobert it earste tsjerkje fan Utert bouwe op it hjoeddeiske Domplein. Net lang dêrnei wurdt dat ûnder Frysk gesach wer ferwoaste.
Kerstening
Op oanstean fan de Frankyske foarsten beneamt de paus Willibrord ta ‘aartsbiskop fan de Friezen'. De Franken kinne sa fia de aartsbiskop ynfloed útoefenje op it bestjoer fan de Fryske gebieten. Yn 696 fêstiget Willibrord him yn Utert en bout de ferwoaste tsjerke wer op. Ek jout er opdracht ta it bouwen fan in nije tsjerke en stichtet er in kleaster.
Ut Utert wei trekke de misjonarissen dêrnei it lân fan de Friezen yn. Foar in part mei sukses: tsjin ’e ein fan Willibrord syn libben – hy stjert yn 739 – binne yn ’e kuststripe in soad minsken ta it kristendom bekeard. Mar yn ’e rest fan it Fryske gebiet stuitsje de misjonarissen op ferset. Bekend is it ferhaal fan de dea fan Bonifatius, dy’t op sindingsmisje om 754 hinne by Dokkum fermoarde wurdt. Pas oan de ein fan de achtste iuw komt der troch de wapens fan de Franken in ein oan de striid. De kerstening fan Europa wreidet him dêrnei stadichoan fierder út nei it noardeasten. It is in lang proses. Fan 1100 ôf is Skandinavië kerstene. Yn 1387 lit Litouwen, it lêste ‘heidenske’ lân fan Europa, him ta it kristendom bekeare.
Doopbelofte
Elke bekearling moat in doopbelofte útsprekke. Ut de tiid fan Willibrord is sa’n doopbelofte bewarre bleaun, yn it Nederlânsk fan 1400 jier lyn. Yn it dokumint stiet mei watfoar Germaanske gewoanten en gebrûken de bekearlingen brekke moatte. De belofte giet sa:
Ec forsacho diabolae, end allum diobolgeldae, end ec forsacho allum dioboles wercum and wordum, Thunaer ende Woden ende Saxnote ende allum them unholdum the hira genotas, sint. Ec gelobo in Got alamehtigan fadaer. Ec gelobo in Crist gotes suno. Ec gelobo in Halogan Gast.
Ik swar de duvel ôf, en alle duvelsoffers, en ik ferleagenje alle wurken en wurden fan de duvel, Donar, Wodan, Saxnot en de ôfgoaden dy’t har maten binne. Ik leau yn God de almachtige Heit, yn Kristus Gods Soan en yn ’e Hillige Geast.