Willem van Oranje

Fan opstanneling ta ‘vader des vaderlands’

Willem van Oranje is in ambisjeuze ealman dy’t útgroeit ta lieder fan de Opstân en letter fereare wurdt as ‘vader des vaderlands’. Hy wurdt sjoen as de grûnlizzer fan in nije Nederlânske steat. Hy hat dy selsstannige steat sels lykwols noait neistribbe.

Prins van Oranje
Willem wurdt yn1533 op slot Dillenburg (yn it hjoeddeiske Dútslân) berne. Yn1544 ervet er it Frânske prinsdom Oranje (Orange) en mei er him tenei ‘prins’ neame. Willem van Oranje heeft lutherske âlden, mar Karel V easket, as keizer fan it Hillige Roomske Ryk en hear fan de Nederlannen, dat de jonge prins fierder in katolike opfieding krijt. Dêrom groeit Willem fan syn tolfde ôf op oan it keizerlik hôf yn Brussel. Yn dy tiid is Brussel in wrâldstêd binnen in ryk dat him útstrekt fan East-Europa oant Súd-Amearika.

Willem rekket yn dy omjouwing goed op ’e hichte fan ’e ynternasjonale politike ferhâldingen en bout in grut netwurk op. Sa skriuwt er sa’n 13.000 brieven oan syn ynternasjonale kontakten. In soad dêrfan binne yn it Frânsk of yn syn memmetaal Dútsk skreaun.

Adellike opposysje
Fan 1555 ôf krijt Oranje hege posysjes en feardiget Filips II, de soan fan Karel V, him ôf om belangrike ynternasjonale ûnderhannelingen te fieren. As militêr opperbefelhawwer, lid fan ’e Ried fan Steat (advysried fan de foarst), ridder yn de Oarder fan it Gouden Flues en steedhâlder fan Hollân, Seelân en Utert wurdt er ien fan ’e ynfloedrykste eallju yn de Nederlannen. Mar syn ferhâlding mei Filips II wurdt minder. Oranje wurdt de belangrykste wurdfierder fan ’e aadlike opposysjepartij. Hy stiet by de kening oan op minder strange ketterferfolgingen en ferset him tsjin de gruttere rol fan profesjonele amtners yn it lânsbestjoer. Troch dy nije amtners reitsje eallju harren âlde posysjes kwyt.

Opstân
It ferset tsjin de Spaanske foarst groeit. Te wurk gean mei diplomasy hat net in soad sukses en yn 1566 brekt de Byldestoarm út. Filips II beäntwurdet de opstân mei de oanstelling fan de hartoch fan Alva, dy’t de opstannelingen swier bestraft. Willem van Oranje flechtet, en organisearret fan 1568 ôf út slot Dillenburg wei ferskate militêre ynfallen yn de Nederlannen om in ein te meitsjen oan it bewâld fan Alva. Yn de Nederlannen fiert er syn striid dêrneist mei propagandamiddels lykas pamfletten, striidlieten en printen. Dêr hawwe wy ûnder oaren it Wilhelmus oan te tankjen. Ynearsten bliuwt militêr sukses út. Pas as de geuzen, sa’t de opstannelingen harsels neame, op 1 april 1572 Den Briel ynnimme, begjint de Opstân bredere stipe te krijen.

Tsjin ’e ferwachting yn hâlde de opstannelingen yn Hollân en Seelân stân, mei tanksij it trochsettingsfermogen fan Oranje. Mei de Pasifikaasje fan Gent yn 1576 witte sy sels frede te sluten mei de oare gewesten. It ideaal fan Oranje liket tichteby: it werombringen fan ’e santjin gewesten ûnder adellik bestjoer en in ein meitsje oan ’e striid tusken de ferskillende groepen op basis fan ferdraachsumens. Mar dy ienheid is net fan lange doer.

Republyk
Yn 1580 set Filips in beleanning op ’e holle fan Willem van Oranje. Willem reagearret dêrop mei syn Apology (ferwarskrift) en de Steaten-Generaal fan ’e opstannige gewesten komme mei it Plakkaat van Verlating. De strekking fan beide geskriften is deselde: ferset is rjochtfeardige om’t de kening him as in tiran gedraacht. Op 10 july 1584 makket de katolike Balthasar Gerards mei pistoalskotten in ein oan it libben fan Willem van Oranje. Willem liket neat berikt te hawwen. Mar de opstannige provinsjes ûntwikkelje har in pear jier nei syn dea ta in ûnôfhinklike selsbewuste republyk. Dêrom wurdt Willem van Oranje achternei beskôge as de grûnlizzer fan dy nije steat, de 'vader des vaderlands'.