De wettersneed

It gefaar fan it wetter

De Deltawurken binne oer de hiele wrâld bekend. Se binne boud om tenei in wettersneed lykas yn 1953 foar te kommen. Yn dy rampnacht beswike yn Súdwest-Nederlân de diken ûnder it geweld fan in swiere stoarmfloed. 200.000 hektare lân rint ûnder wetter en 1836 minsken komme om.

De rampnacht fan 1953
Yn de nacht fan 31 jannewaris op 1 febrewaris 1953 brekke yn Seelân, West-Brabân en op de Súd-Hollânske eilannen by in fûle stoarmfloed in soad diken troch. It iiskâlde wetter slacht ferneatigjend ta: 200.000 hektare lân rekket ûnderstrûpt, 1836 minsken ferlieze it libben, tsientûzenen bisten ferdrinke en 72.000 minsken reitsje dakleas. It is in nasjonale ramp.

Lâns de Hollânske Isel kin mar krekt foarkommen wurde dat de ramp noch folle slimmer ôfrint. In begjinnende dykbreuk by Nieuwerkerk aan den IJssel kin tichtmakke wurde troch in skip foar it gat te farren, wêrtroch’t de dyk it hâldt. Achter dy dyk wenje mear as in miljoen minsken yn it leechste part fan Nederlân, oant wol sân meter ûnder seenivo.

Hiel Nederlân sammelet klean en jild yn, evakuees wurde gastfrij ûntfongen en der komt ek help út it bûtenlân wei. Sa wurdt in grut oantal houten needwenningen skonken foar gesinnen dy’t dakleas wurden binne. It duorret oant ein 1953 foar’t alle trochbrutsen diken wer tichtmakke binne.

De Deltawurken
Al foar 1940 warskôget wettersteatsyngenieur Johan van Veen foar in katastrofale oerstreaming, mar der wurdt amper nei him harke. De plannen foar kustfersteviging dy’t der binne, wurde troch de Twadde Wrâldoarloch en de weropbou hieltyd útsteld. Ein jannewaris 1953 leveret Van Veen by syn baas syn Deltaplan yn. In pear dagen letter brekke de diken.

Nei de ramp wurdt gau in begjin makke mei it útfieren fan Van Veen syn plannen: in systeem fan ferskillende dammen en wetterkearingen om Súdwest-Nederlân tsjin heechwetter te beskermjen. Der komt in stoarmfloedkearing yn de Hollânske Isel. Alle seegatten tusken de Súd-Hollânske en Siuwske eilannen wurde mei dammen ôfsletten, op de Westerskelde nei. De see- en rivierdiken wurde fersterke. It is ien fan de baanbrekkendste wetterboukundige projekten yn ’e wrâld, mei as masterstik de ôfslútbere stoarmfloedkearing yn de Easterskelde, iepene yn 1986.

Tanksij dat enoarme projekt is Súdwest-Nederlân stikken better beskerme tsjin oerstreamingen. Tagelyk is de berikberheid fan de Siuwske eilannen ferbettere troch nije dammen en diken – in stimulâns foar de ûntwikkeling fan yndustry en toerisme yn dy provinsje.

Romte foar de rivier
De ramp fan 1953 makket dúdlik hoe kwetsber oft grutte dielen fan Nederlân binne foar wetteroerlêst en oerstreamingen. It gefaar fan wetter komt net allinnich by de see wei: ek rivieren kinne oerstreame. Klimaatferoaring draacht derta by dat de delslach yn Europa grilliger wurdt en dêrmei it wetterpeil yn de grutte rivieren ek.

Yn 1993 en 1995 komt it wetter yn Ryn, Waal en Maas gefaarlik heech te stean. Yn 1995 wurde yn it rivieregebiet dêrom 250.000 minsken en in miljoen bisten út foarsoarch evakuearre. It giet krekt goed. Mar yn Limboarch komme de ûnbedike doarpen Borgharen en Itteren ûnder wetter te stean. Dy benei-rampen soargje foar in omslachpunt yn it wetterbehear. Waarden de rivieren eartiids hieltyd fierder ynsletten troch diken, begjin dizze iuw krije se op krúsjale plakken mear romte.

De takomst
Wyls is dúdlik dat de stigende seespegel en ekstreme wetteroerlêst al lang gjin Nederlânsk probleem mear is, mar troch de klimaatferoaring in ynternasjonale útdaging wurden is.