VOC en WIC

Farre en fjochtsje foar hannel

Yn ’e santjinde iuw groeit yn Europa de behoefte oan lúkseprodukten fan ’e oare kant fan ’e see: speserijen, sûker, kofje, tee en porslein. Hannelers ferkringe har om oan dy fraach te foldwaan. Mar foar lytse ûndernimmingen binne fiere reizen nei Azië, Afrika of Amearika kostber en gefaarlik. Nije kompanjyen moatte dy oerseeske hannel organisearje.

VOC
Op 2 april 1595 reizgje de trije hannelsskippen MauritiusHollandia en Amsterdam en it lytse jacht Duyfken mei-inoar ôf fan Teksel nei Azië. It is in risikofol aventoer; trije fan ’e fjouwer skippen en mar 87 fan ’e 249 bemanningsleden komme yn augustus 1597 werom. De opbringst is matich, mar dochs is dy ‘earste skipfeart’ nei Azië in ekonomysk sukses. Op eigen krêft is der in nije hannelsrûte iepene, neidat Spanje en Portugal dy seerûte al earder ûntdutsen hiene.

Yn 1602 rjochtet Johan van Oldenbarnevelt foar de hannel mei Azië de Feriene Eastyndyske Kompanjy (Nederlânsk: Vereenigde Oostindische Compagnie, VOC) op. Ingelân, Frankryk en oare Europeeske lannen hawwe yn dy tiid soartgelikense ûndernimmingen, mar de VOC wurdt fierwei de grutste. De VOC krijt it Nederlânske monopoalje op alle hannel yn ’e Aziatyske wetters eastlik fan Kaap de Goede Hoop. Yn namme fan ’e Republyk mei de kompanjy ferdraggen slute, oarloggen fiere en ferovere gebieten bestjoere. Ut hiel Europa wei trekke jonge mannen nei de Republyk om oan board te gean by de kompanjy. In grut part fan harren sjocht Europa net mear werom. Se stjerre oan sykten dy’t op de lange reizen oan board útbrekke.

De VOC ûntwikkelet him ta in macht en oarlochsmasine dêr’t elk ûntsach foar hat. De kompanjy bout forten yn ûnder mear it notiidske Súd-Afrika, Yndia, Sri Lanka en Makassar. Dêrwei driuwt er hannel en ferdigenet er syn hannelsgebieten. De VOC krijt yn bepaalde lannen in útsûnderingsposysje. As Japan foar alle bûtenlanners ôfsletten wurdt, krijt de VOC yn 1641 as iennichste tastimming om hannel te driuwen, fan it eilantsje Deshima by Nagasaki ôf.

Jan Pieterszoon Coen
De fjirde gûverneur-generaal fan ’e VOC, Jan Pieterszoon Coen, feroveret yn 1619 de stêd Jayakarta en stichtet dêr Batavia. Hy lit parten fan Java besette. Ambon en Ternate yn de Molukken wurde ûnderwurpen. De befolking ferbout ûnder twang speserijen. As de ynwenners fan de Banda-eilannen har yn 1621 tsjin de VOC fersette, lit Coen sawat de hiele befolking útmoardzje en de oerlibjenden ta slaaf meitsje. Fan ’e 15.000 Bandanezen bliuwe der noch gjin tûzen op ien fan ’e eilannen achter.

WIC
Yn 1621 wurdt de West-Yndyske Kompanjy (Nederlânsk: West-Indische Compagnie, WIC) oprjochte. De ûndernimming krijt fan ’e Steaten-Generaal it allinnichrjocht op kolonisaasje, hannel en kaapfeart yn ’e gebieten om de Atlantyske Oseaan hinne. Under de WIC falle koloanjes lykas Nieuw-Nederland yn Noard-Amearika, Brazilië en slavekoloanjes yn it Karibysk gebiet. It slagget de WIC net om krekt as de VOC in ferlykber ympearium op te bouwen. Om’t de ôfstannen oer de Atlantyske Oseaan relatyf lyts binne, slagget it de konkurrinten om de monopoaljeposysje fan ’e WIC te trochbrekken. De WIC hâldt úteinlik allinnich it rjocht op de slavehannel en it bestjoer oer in pear lytsere koloanjes, lykas de hannelsknooppunten yn ’e Kariben en Afrika.

Desennia lang folje beide kompanjyen de Nederlânske pakhuzen mei koloniale produkten en de huzen fan ’e boargers mei seldsume foarwerpen út in ûnbekende wrâld. Troch ferskillende faktoaren, lykas ôfnimmende winst, konkurrinsje, korrupsje en oarloggen, wurde de WIC en de VOC ein achttjinde iuw opheft.

Wrâlderfgoed
Hjoed-de-dei binne de argiven fan beide kompanjyen erkend as wrâlderfgoed. De brieven tusken bestjoerders, ferslaggen fan ûnderhannelingen mei keningen en hearskers yn Azië, Amearika en Afrika en de mânske personielsadministraasjes binne in belangrike boarne foar ûndersyk nei en diskusje oer koloniale en hannelsskiednis.