Vincent van Gogh

Skilder yn in nije tiid

Syn libbensferhaal is like kleurryk as in protte fan syn skilderijen. Salang’t er libbet hat suver gjinien each foar syn radikaal fernijende manier fan skilderjen. Hy fielt him dêrtroch iensum en ûnbegrepen. Pas nei syn selsmoard wurdt er ferneamd; tsjintwurdich wurde syn skilderijen troch miljoenen minsken fan oer de hiele wrâld bewûndere.

Keunstner
Vincent van Gogh wurdt yn 1853 berne yn it Brabânske doarp Zundert. Op jonge leeftiid reizget er al in protte troch Nederlân en Europa. Nei withoefolle baantsjes en in mislearre stúdzje kiest Van Gogh úteinlik foar in keunstnersbestean. Hy nimt skilderles en tekenet in protte. Yn 1885 makket er yn Nuenen it bekende skilderij De aardappeleters. It is in somber en donker portret fan in boerefamylje. Dy skilderstyl en it tema fan it libben en lijen fan gewoane minsken binne karakteristyk foar Van Gogh syn iere wurk.

It jier dêrop reizget er nei Parys, de stêd dêr’t in soad minsken dwaande binne mei fernijing fan de skilderkeunst. Syn broer Theo is dêr keunsthanneler en lit him kennis meitsje mei skilderijen en tekeningen fan Frânske ympresjonisten. Dy skilders geane mear ferfine om mei ljocht en kleur as dat Van Gogh wend is. Dat ynspirearret him om te eksperimintearjen: syn wurk wurdt kleurriker en hy begjint te skilderjen mei de koarte pinsielstreek dêr’t er letter sa ferneamd mei wurden is. Ek sammelet er Japanske houtsneden; de ynfloed dêrfan is werom te sjen yn syn lettere wurk.

Yn 1888 hiert Van Gogh in atelier yn Súd-Frankryk: it ‘Giele Hûs’ yn Arles, rûnom bekend wurden troch syn skilderij dêrfan. Oan syn suster Wil skriuwt er dat de wielderige natuer fan it suden freget om in nije manier fan skilderjen: ‘Absolút kleurich: himelsblau, rôs, oranje, fermiljoen, heech giel, heldergrien, helder-wynread, fiolet.’ Hy skilderet faak lânskippen en, om’t er gjin jild hat foar in model, aardich wat selsportretten.

Sykte en dea
It libben fan Van Gogh wurdt tekene troch ûnrêst, leafdesfertriet en jildsoargen. Mei syn keunstnersfreonen makket er faak rûzje. As keunstner Paul Gauguin by him is, rint in konflikt sa út ’e hân dat Van Gogh him bedriget mei in skearmes. Net folle letter snijt Van Gogh – by ûngelok of mei sin – in stik fan syn eigen linkerear ôf. Op in oantal selsportretten sjochst him mei syn ear yn it ferbân. Van Gogh krijt hieltyd mear lêst fan psychyske problemen. Hy lit him in skoft opnimme yn in psychiatryske ynrjochting, dêr’t er ferneamde skilderijen makket fan sipressen en de stjerrenacht. Op 27 july 1890 rint er in nôtfjild yn en sjit himsels yn it boarst. Hy stjert twa dagen letter.

Wrâldferneamd
Pas nei syn dea begjint er bekender te wurden. Oan de iene kant is dat fanwegen syn skilderijen, want dy binne libben, kleurich en eigensinnich. Oan de oare kant wekket syn libbensferhaal in protte ynteresse op: hy is it skoalfoarbyld fan de like geniale as iensume keunstner. Boppedat litte in protte lettere skilders har troch syn wurk ynspirearje.

Vincent van Gogh is no wrâldferneamd. Alle jierren komme der sawat twa miljoen besikers nei it Van Gogh Museum yn Amsterdam. Mear as 80 prosint fan dy besikers komt út it bûtenlân. Syn wurk is ek yn kolleksjes fan oare musea te finen, sawol yn as bûten Nederlân. Tsjintwurdich is Vincent van Gogh sa’n wurdearre keunstner dat syn wurk in soad jild wurdich is. Yn 2017 wurdt syn skilderij Boer in een veld by feilinghûs Christie’s feild foar hast 70 miljoen euro.