De Twadde Wrâldoarloch

Nederlân beset en befrijd

Op 10 maaie 1940 falt it Dútske leger Nederlân yn. Under de besetting wurde mear as hûnderttûzen Nederlânske Joaden fermoarde yn konsintraasjekampen. Guon Nederlanners komme yn ferset, mar de measten binne passyf anty-Dútsk.

Adolf Hitler
Yn 1933 komt Adolf Hitler as lieder fan de ekstreemrjochtse NSDAP yn Dútslân oan ’e macht. De nasjonaalsosjalistyske partij, wêrfan’t de oanhingers nazys neamd wurde, groeit troch de ekonomyske krisis en de wraakgefoelens oer de manier wêrop’t Dútslân behannele is nei de Earste Wrâldoarloch. Hitler wol fan Dútslân it machtichste lân fan Europa meitsje. Yn 1938 nimt er syn bertelân Eastenryk yn. Dêrnei anneksearret er in part fan Tsjecho-Slowakije. As er Poalen ynfalt, folget de Britsk-Frânske oarlochsferklearring oan nazy-Dútslân: de oarloch is begûn. Yn maaie 1940 falt Hitler Frankryk oan. By dy oanfal wurde ek Nederlân en België beset.

Op freedtemoarn 10 maaie 1940 geane Dútske soldaten de Nederlânske grins oer. It Nederlânske leger is net bestân tsjin de Dútske oarlochsmasine. Nei’t de Dútsers it sintrum fan Rotterdam bombardearre hawwe, beslút de Nederlânske legerlieding him oer te jaan. De regearing, de keninginne dêrby ynbegrepen, is dan al nei Ingelân ôfstutsen.

Besetting
It besette Nederlân wurdt earst bestjoerd troch it Dútske leger, mar dy taak wurdt al gau oerdroegen oan in boargerlik bestjoer. Hitler docht dat mei in reden: de Nederlanners binne foar him in ‘Germaansk bruorrefolk’ en moatte wûn wurde foar it nasjonaalsosjalisme. Dat kin neffens him it bêste troch it bestjoer safolle mooglik oan de Nederlanners oer te litten, mei in boppelaach fan Dútske funksjonarissen. De Dútsers wurde bystien troch leden fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB), in Nederlânske partij mei fergelykbere ideeën as de Dútske NSDAP, en troch meirinners en profiteurs.

Wannear’t Hitler yn 1941 de oanfal ynset op de Sovjet-Uny, slute sa’n tweintichtûzen Nederlânske manlju har oan by it Dútske leger. Mar der binne ek minsken dy’t har by it ferset oanslute. Sy hawwe eigen kranten dy’t se yn it geheim ferspriede. Der wurde ek oanslaggen útfierd op besetters en kollaborateurs. De oanhang fan it ferset nimt ta tsjin ’e ein fan ’e oarloch. It grutste part fan de Nederlânske befolking is lykwols passyf anty-Dútsk en past him oan de omstannichheden oan.

Ferfolging
Yn it begjin liket de besetting mei te fallen, mar al gau wurdt dúdlik wat ûnfrijheid betsjut. Op de earste fersetsdieden reagearje de besetters mei swiere straffen. Nederlânske manlju wurde twongen om yn Dútske fabriken te wurkjen. Minsken wurde sûnder foarm fan proses opsletten yn finzenissen en konsintraasjekampen. Foaral foar de Nederlânske Joaden wurdt it libben hieltyd swierder troch it groeiende oantal anty-Joadske maatregels. Fan 1942 ôf deportearret de Dútske besetter mear as hûnderttûzen Joadske manlju, froulju en bern út Nederlân wei yn frachttreinen nei konsintraasjekampen. Fierwei it grutste part wurdt fermoarde. Under it skrikbewâld fan de nazys wurde nei skatting yn totaal seis miljoen Joaden en hûnderttûzenen Sinti en Roma, handicapten, homoseksuelen en Jehova’s Tsjûgen ombrocht.

Hongerwinter en befrijing
Yn de hjerst fan 1944 wurdt it suden fan Nederlân befrijd troch alliearde troepen. Pas yn de maitiid fan 1945 begjint ek de befrijing fan it gebiet boppe de grutte rivieren. Yn de tuskenlizzende moannen krije foaral de stêden yn de westlike provinsjes noch te meitsjen mei de Hongerwinter. Troch itensgebrek komme neffens skatting op syn minst tweintichtûzen minsken om. Op 5 maaie 1945 jout it Dútske leger him oer en is Nederlân befrijd. Nederlânsk-Yndië is dan noch yn hannen fan de Japanske besettingsmacht. Nei de atoombomoanfallen op Hiroshima en Nagasaki kapitulearret Japan op 15 augustus 1945.

Betinke
Oantinkens oan dy traumatyske oarloch beynfloedzje de Nederlânske maatskippij noch altyd sterk. Alle jierren wurde op 4 maaie de oarlochsslachtoffers betocht en wurdt op 5 maaie de frijheid fierd.