It âldste minsklike skelet dat yn Nederlân fûn is, is fan in frou. Sawat 7500 jier lyn is se leafdefol begroeven op in donk, in sândún yn it sompige rivieregebiet. As se stjert, is se tusken de fjirtich en sechstich jier âld en mem fan op syn minst ien bern. As archeologen de lytse delsetting dêr’t se libbe opgrave, is har bonkerak noch kompleet. Dêrtroch kinne har gesicht en lichem rekonstruearre wurde. Om’t se by in spoarline fûn is, wurdt se Trijntje neamd. Har echte namme kenne wy net en watfoar taal oft se prate, witte wy net.
Iistiden
Foardat de moderne minske (homo sapiens) yn Europa arrivearret, sa’n 45.000 jier lyn, wenje dêr ek al minskesoarten. Bygelyks de Neandertalers, dy’t libje yn de perioade dy’t wy de âlde stientiid neame, fan 300.000 jier lyn ôf. Se wenje hjir yn in wiid steppeachtich lânskip mei rivieren en falleien, dat amper begroeid is. De Noardsee stiet folle leger as no en yn de kâldste perioaden leit er drûch. De Neandertalers libje yn hutten en kinne fjoer meitsje.
Jagers en samlers
Trijntje libbet folle letter, yn ’e middenstientiid, yn in groep fan sa’n 25 minsken. Mei-inoar reizgje se jierliks hinne en wer tusken in simmer- en winterkamp. Wierskynlik wenje se yn hutten fan tûken, reid en miskien ek wol hûden. Se meitsje ynventyf fjoerstiennen ark, lykas skrabbers, messen en pylkpunten. Reizgje dogge se rinnende en mei de kano. Op it ritme fan de seizoenen libje se fan wat de natuer harren biedt, dêrûnder ytbere sûchdieren, fisken en fûgels.
De hiele winter libje Trijntje en har groep op in rivierdún. Se jeie ûnder oaren op bevers, otters, seehûnen, oeroksen en ferskillende soarten fûgels. Wylde baarch en reahart steane it meast op it menu. Foar it fangen fan fisken, foaral snoeken, brûke se netten en fûken. Hûnen binne ûnderwilens dierbere húsgenoaten; der lizze trije neist Trijntje begroeven.
De groep brûkt alle ûnderdielen fan de bisten dy’t se fange. Se roasterje it fleis. Pezen en terms wurde brûkt om pylk-en-bôge mei te meitsjen. Fan hûden en pelzen meitsje se klean en tassen. Bonken en gewei brûke se foar alderhande ark, lykas bilen en nullen. De trochboarre tosken fan in reahart dy’t oantroffen binne, binne miskien droegen as sieraden.
Hoe’t Trijntje der krekt útseach is net bekend, mar út DNA-ûndersyk fan skeletten út de iere- en middenstientiid docht bliken dat de minsken doe faak in donker fel en blauwe eagen hiene. Troch de fersprieding fan spesifike soarten fjoerstien witte wy dat der hannele waard, soms oer grutte ôfstannen.
Opkomst fan de lânbou
Op de tiidline fan ’e skiednis fan de minske steane Trijntje en har stam hast oan ’e ein fan de perioade fan omreizgjende jager-samlers yn dizze kontreien. Fan sa’n 7300 jier lyn ôf trekke groepen migranten, libjend fan lânbou en feehâlderij, út it easten wei it Limboarchske heuvellân yn. De techniken om sels iten groeie te litten, ferspriede har fluch. De opkomst fan ’e lânbou markearret it begjin fan de ein fan it tiidrek fan de jager-samlers yn dizze streken, al wurde beide libbenswizen noch goed twatûzen jier kombinearre.