Radio en ferpyldering
Al yn 1880 wurdt der wurke oan de ûntwikkeling fan de telefyzje, mar it duorret noch santich jier foar’t it tastel yn de húskeamer telâne komt. De radio is der earder: it earste tastel wêrmei’t minsken nijs, muzyk en ferdivedaasje direkt harren wenkeamer yn helje kinne. Fan 1920 ôf wurde der yn rap tempo radio-omroppen oprjochte, sa as de AVRO, NCRV, KRO, VARA en VPRO. Nederlân is ferdield yn groepen, de saneamde ‘pylders’. Elke pylder hat in eigen politike partij, in eigen fakbûn, in eigen krante en no ek in eigen radio-omrop. Meielkoar ferdiele de omroppen de útstjoertiid en elk bepaalt syn eigen oanbod, rjochte op de eigen pylder. It Nederlânske omropbestel wurket dêrmei oars as bygelyks yn it Feriene Keninkryk, dêr’t de publike omrop BBC de hiele maatskippij besiket te betsjinjen.
Earste offisjele útstjoering
Yn Nederlân is de firma Philips út Eindhoven de driuwende krêft achter de ynfiering fan de telefyzje. Philips begjint yn 1948 mei eksperimintele tv-útstjoeringen dy’t allinnich yn en om Eindhoven te ûntfangen binne. Yn 1951 nimme de radio-omroppen it fan Philips oer. Meielkoar rjochtsje se de Nederlandse Televisie Stichting op. Op 2 oktober 1951 is de earste offisjele lanlike útstjoering fan de NTS, letter omdoopt yn NOS.
De tiid dat je allinnich seagen nei programma’s fan je eigen groep duorret net lang. Sommige programma’s binne sa populêr dat ek minsken út oare pylders dêr graach nei sjogge. Foarbylden fan pylder-trochbrekkende programma's binne Swiebertje (NCRV, fan 1955 ôf) en Pipo de Clown (VARA, fan 1958 ôf). Ek de ynsammelaksje ‘Open het Dorp’ (AVRO) wurket ferbinend. Dat programma, presintearre troch Mies Bouwman, wurdt yn 1962 tagelyk op radio en telefyzje útstjoerd en duorret 23 oeren. Der wurdt mear as tolve miljoen gûne byinoar brocht foar in soarchynstelling foar minderfaliden yn Arnhem.
Sjen by de buorlju
De earste tv-tastellen fan de fyftiger jierren hawwe in lyts skerm mei swart-wytbyld en binne hiel djoer. Der binne yn de begjinperioade dan ek mar sa’n fiifhûndert Nederlanners dy’t in tv yn ’e hûs hawwe. Yn de earste jierren is it hiel gewoan om tv te sjen by buorlju of bekenden dy’t al in tastel hawwe. It oantal ferkochte telefyzjes nimt yn heech tempo ta. Om 1970 hinne hat frijwol elk húshâlden in swart-wyttelefyzje en guon hawwe sels al in kleure-tv.
Om 1970 hinne sit de gemiddelde Nederlanner sawat oardeloere deis foar de tv. Kritisy fine dat it sjochgedrach passiviteit en konsumintisme yn ’e hân wurket. Mar de pleitbesoargers fan it nije medium wize op de gesellichheid dy’t it yn it gesin bringt en op de ynformative funksje derfan.
Telefyzje spilet hoe dan ek in belangrike rol yn de mieningsfoarming oer maatskiplike ûnderwerpen. Om’t der lange tiid net folle te kiezen falt (oant 1964 is der ien kanaal, oant 1988 twa), sjogge in soad minsken nei deselde programma’s. Foaral sjoernaal, drama, amusemint en sportwedstriden wurde in protte besjoen. Benammen programma’s oer kontroversjele ûnderwerpen lykas seks, emansipaasje, jeugdkultuer, religy en it keningshûs meitsje in soad diskusje los.
Ynternet
Mei de yntroduksje fan kabeltelefyzje, satellyt en ynternet is it telefyzje-oanbod folle grutter en ynternasjonaler wurden. De measte minsken sjogge noch folle mear oeren nei in skerm as yn 1970, mar meielkoar telefyzjesjen mei it hiele gesin wurdt hieltyd minder dien, om’t elkenien mei in smartphone of tablet de wrâld op it eigen skerm ûntfange kin. De filosoof Marshall McLuhan foarsei it al yn 1959: de wrâld is in doarp wurden, in ‘global village’. Foaral tanksij telefyzje en ynternet.