Leauwe op basis fan ’e Bibel
Foar de measte midsiuwske kristenen binne de rituelen (hieltyd weromkearende plechtige hannelingen) yn de tsjerke folle belangriker as it lêzen fan de Bibel. Dat is net frjemd yn in tiid wêryn’t net folle minsken lêze en skriuwe kinne. Troch de opkomst fan ’e boargerij giet de taalfeardigens flink omheech. Der ûntstiet in fruchtbere boaiem foar it idee fan ûnder oaren Maarten Luther (1483-1546) dat net de rituelen it belangrykst binne, mar it leauwen op basis fan de Bibel. Leauwigen reitsje oertsjûge fan ’e needsaak om yndividueel de Bibel lêze te kinnen. De taak fan ’e predikant is dan foaral om de Bibel út te lizzen.
Al yn ’e midsiuwen wurde der geregeld parten út de Bibel yn it Nederlânsk oerset. In foarbyld dêrfan is de Rymbibel fan Jacob van Maerlant út 1271. Maarten Luther set om 1535 hinne de Bibel oer yn it Dútsk, wêrby’t er gebrûk makket fan Erasmus syn útjefte fan it Grykske Nije Testamint. Fan dy Lutheroersetting wurde yn ’e sechstjinde iuw ek in tal oersettingen yn it Nederlânsk makke.
Nije oersetting
Yn ’e jonge Republyk groeit de behoefte oan in nasjonale taal en in nasjonale Bibel, dy’t in ein meitsje moat oan de godstsjinstige ferskillen. Yn de protestantske tsjerke ûntstiet ek in rop om in nije Bibeloersetting, neffens foarbyld fan de Ingelske Authorized Version: de saneamde King James Bible út 1611. Yn 1618 beslút in belangrike tsjerklike gearkomste, de Synoade fan Dordrecht, ta it meitsjen fan in nije Bibeloersetting. De oersetting moast finansiere wurde troch de Steaten-Generaal, dêrom de gongbere namme Steatefertaling. De synoade draacht de oersetters op de oarspronklike Hebriuwske en Grykske tekst trou te folgjen en de tekst yn in foar elkenien begryplike, heldere taal op te stellen.
Troch alderhande godstsjinstige en politike diskusjes stimme de Steaten-Generaal pas yn 1626 mei dat foarstel yn, wêrnei’t de oersetters oan ’e slach geane. Njoggen jier letter is de oersetting klear en yn 1637 mei de Steatefertaling of Steatebibel foar it earst printe wurde. Tusken 1637 en 1657 wurde mar leafst in heal miljoen eksimplaren printe, op in Nederlânske befolking fan twa miljoen minsken.
Ynfloed op Nederlânske taal
De Steatefertaling wurdt yn alle sân provinsjes fan de Republyk brûkt en lêzen. Troch de iuwen hinne binne grutte groepen protestantske leauwers fertroud rekke mei de taal fan de Steatebibel. Oan de Steatefertaling ûntliende útdrukkingen lykas ‘op handen gedragen’, ‘in het zweet zijns aanschijns’, ‘verboden vrucht’ en ‘doorn in het oog’ binne net mear út de Nederlânske taal wei te tinken. Lang is oannommen dat de Steatefertaling fan grutte ynfloed west hat op it ûntstean fan it Standertnederlânsk, mar neffens resint wittenskiplik ûndersyk is dat amper it gefal.
Oant likernôch 1950 bliuwt de Steatebibel de meast lêzen Bibeloersetting yn ’e protestantske tsjerken. Hjoed-de-dei binne der noch altyd tsjerkegenoatskippen dy’t dy oersetting brûke. Underwilens is der ek in ‘op ’en nij besjoene Steatefertaling’ yn gebrûk.