Srebrenica

Ferantwurdlik foar frede

Wylst Nederlânske militêren yn de Bosnyske enklave Srebrenica de frede hanthavenje moatte, falle Bosnysk-Servyske troepen binnen en fiere hast alle manlju fuort om harren dêrnei te fermoardzjen. It wurdt de slimste moardpartij yn de nei-oarlochske Europeeske skiednis. It oandiel yn dat barren bringt Nederlân yn grutte ferlegenheid en liedt ta in oare manier fan dielnimmen oan bûtenlânske fredesmissys.

Fredesmissys
It Nederlânske leger hat fan it begjin ôf oan meidien oan fredesoperaasjes fan de Feriene Naasjes. Nederlânske soldaten meitsje dêrmei diel út fan mear as in miljoen útstjoerde militêren út sa’n 120 lannen. De troepen hâlde út namme fan de VN tafersjoch op it neilibjen fan fredesoerienkomsten yn ferskillende gebieten. De earste missy giet fan start yn 1948, yn Israel. Ien fan de weromkommende problemen by dy operaasjes is it saneamde mandaat: as fredestroepen meie VN-soldaten allinnich geweld brûke foar selsferdigening. Se krije net folle militêre romte om boargers te ferdigenjen en te beskermjen.

Mei it útinoar fallen fan de republyk Joegoslavië brekt yn 1991 in boargeroarloch út tusken ferskate dielsteaten. It stribjen nei ûnôfhinklikheid giet yn in oantal steaten anneks mei in soad geweld. Yn ien dêrfan, Bosnië en Hertsegowina, is de striid tusken ferskillende befolkingsgroepen bûtengewoan heftich. Yn 1993 ropt de Feilichheidsried yn Resolúsje 819 it plak Srebrenica út ta 'feilich gebiet', in saneamde enklave. Bosnyske Serviërs meie dy stêd fan de VN net mear besjitte of belegerje. Yn dy enklave ferskûlje har in protte Bosniakken (Bosnyske moslims). De VN stelt in fredesmacht yn dy’t Resolúsje 819 yn Srebrenica hanthavenje moat. Yn 1994 giet in bataljon Nederlânske troepen, Dutchbat III, nei Srebrenica om dy opdracht op him te nimmen.

Genoside
Dutchbat is lichtbewapene en hat mar in bytsje middels om de frede om Srebrenica hinne te hanthavenjen. Yn de maitiid fan 1995 begjinne de Bosnyske Serviërs de befoarrieding fan Dutchbat te blokkearjen, wêrtroch’t harren posysje noch swakker wurdt. Ek besykje se Dutchbat op alderlei manieren te yntimidearjen. Op 6 july 1995 trekke de troepen fan de Bosnysk-Servyske generaal Ratko Mladić rjochting Srebrenica. Sûnder folle tsjinstân nimme de oanfallers seis dagen letter it feilige plak foar Bosniakken yn. In soad Bosniak-manlju en -jonges besykje fergees te flechtsjen.

De Bosnyske Serviërs fiere de achterbleaune manlju en jonges ôf yn bussen, nei’t se harren earst fan de froulju en bern skieden hawwe. Se wurde gearfoege mei in oare groep finzen nommen flechtlingen en net folle letter wurde hast al dy Bosniakken troch de Bosnyske Serviërs eksekutearre. It is de grutste massamoard yn Europa sûnt de ein fan de Twadde Wrâldoarloch. Yn totaal steane der 8372 nammen op it betinkingsmonumint by it flakby lizzende Potočari.

Ferantwurdlikheid
As yn Nederlân trochkringt watfoar ramp syn beslach krigen hat, komt de fraach op oft Dutchbat mear dwaan kinnen hie om de enklave te beskermjen tsjin de Bosnyske Serviërs. Nederlanners freegje har ôf oft harren lân moreel tekoartsketten is. Der folget in djipgeand ûndersyk fan it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie (NIOD), dat seis jier duorret. It ûndersyk wiist ûnder mear op ûndúdlikheid fan de VN-opdracht en de ûnmooglikheid om dy út te fieren. De opdracht fan Dutchbat wie yn feite in mission impossible. As yn 2002 it NIOD-rapport ferskynt, nimt premier Wim Kok de politike ferantwurdlikheid foar de ramp yn Srebrenica en treedt ôf. De Nederlânske regearing krijt mear each foar de kompleksiteit fan fredesmissys. Tenei wurde allinnich noch mar soldaten stjoerd dy’t foldwaande bewapene binne, sa as by de Nederlânske missys nei Irak en Afganistan.

It Joegoslaviëtribunaal feroardielet yn respektyflik 2017 en 2019 de lieders fan de Bosnyske Serviërs, Radovan Karadzić en Ratko Mladić, foar harren oandiel yn de moarden. Neibesteanden spanne noch hieltyd rjochtsaken oan, om’t se antwurd ha wolle op fragen oangeande ferantwurdlikheid en skuld. Srebrenica bliuwt in iepen wûne.