Spinoza

Op syk nei de wierheid

Yn syn eigen tiid stuitet Spinoza syn gedachtegoed op in soad wjerstân. Hy fynt dat de natuer, alles wat bestiet, in ferskining fan God is, dus ek de minske sels. Foar de santjinde-iuwers is dat in skokkend boadskip. Spinoza wurdt no rekkene ta de ynfloedrykste filosofen fan it westerske tinken.

Ferstjitten
Benedictus de Spinoza wurdt yn 1632 yn Amsterdam berne as Baruch d’Espinoza, soan fan út Portugal flechte Joadske âlden. Hy krijt in joadsk-religieuze opfieding. Thús praat er Portugeesk, dêrneist leart er Nederlânsk, Spaansk, Hebriuwsk en Latyn, de taal dêr’t er letter yn skriuwe sil. Hy is ynteressearre yn filosofy en lit him al betiid kritysk út oer tradisjonele joadske stânpunten. De joadske bibel, de Thora, is yn syn eagen in produkt fan de minsklike fantasy. Ek wol er him net oan ’e strange uterlike easken en foarskriften fan ’e joadske tradysje hâlde. Op 23-jierrige leeftiid wurdt er ferstjitten út de joadske mienskip. Dêrtroch mei sels syn famylje net mear mei him omgean. Hy giet út need fan Amsterdam nei Rijnsburg en ferhuzet letter nei Den Haach. Hy fertsjinnet de kost mei it slypjen fan brilleglêzen en linzen foar mikroskopen, ûnder mear foar Christiaan Huygens.

Tolerânsje
Spinoza is net de iennige dy’t ôfstân nimme wol fan fêststeande tinkbylden en hy krijt stipe fan ferskate oanhingers, dy’t har krekt as hy losmeitsje fan filosofyske en godstsjinstige tradysjes. Yn syn Tractatus theologico-politicus jout Spinoza yn 1670 in oanset ta in frijere útlis fan ’e Bibel. Hy sprekt him út foar de demokrasy en wiist op it grutte belang fan prinsipiële tolerânsje en frijheid fan mieningsutering. Spinoza bringt de Tractatus anonym út, want hoewol’t der yn de Republyk mear romte is foar krityske tinkbylden as yn omlizzende lannen, moat er dochs foarsichtich wêze.

Spinoza skriuwt en publisearret yn it Earste Steedhâlderleaze Tiidrek, in perioade wêryn’t de spanningen tusken Oranjelju en steatsken oprinne en de sfear grimmitiger wurdt. It Rampjier 1672 is it djiptepunt. Riedpensjonaris Johan de Witt wurdt tegearre mei syn broer Cornelis lyncht troch in kloft Oranjelju, sûnder dat de autoriteiten dêrtsjin optrede. It skokt Spinoza sa djip dat er in papier nei it plak bringe wol mei de tekst ‘ultimi barbarorum’ (‘slimste barbaren’). Syn húsbaas en freon hâldt him tsjin en rêdt sa miskien wol syn libben.

Masterwurk
Spinoza syn haadwurk, de Ethica, wurdt flak nei syn dea útjûn. Dêryn beskriuwt er hoe’t minsken ferlichting fan harren lijen fine kinne; it boek hat dus in praktysk doel. De minske moat leare yn te sjen dat God net bûten syn skepping stiet, mar dat alles wat bestiet – ek de minske sels – in ferskining is fan God. Foar Spinoza binne God en natuer twa nammen foar deselde werklikheid. Oan God kinst gjin minsklike eigenskippen takenne, lykas wenst is yn ’e joadske en kristlike tradysje. Spinoza nimt dêrmei ôfstân fan it idee dat God straffend optrede kin of in goede heit wêze kin.

Spinoza stribbet altyd objektiviteit nei. Dat is ek te sjen oan ’e foarm wêryn’t er syn wurk jit. De Ethica is opset as in mjitkundich systeem, wêrby’t Spinoza gebrûk makket fan definysjes en stellingen. Troch de skiednis hinne klagen in soad lêzers dat it boek dêrtroch sa dreech te lêzen is. Mar dan hat Spinoza dochs it lêste wurd, want de lêste sin fan syn Ethica is: ‘Alles wat treflik is, is like dreech as seldsum.’

Frijheid fan mieningsutering
Spinoza stjert yn 1677 yn Den Haach oan in longsykte dy’t it gefolch is fan syn wurk as linzesliper. Hoewol’t syn gedachtegoed yn ’e santjinde iuw as gefaarlik beskôge wurdt, krijt syn wurk yn de iuwen dêrnei in soad ynternasjonale wurdearring. Syn ideeën oer de frijheid fan tinken en fan mieningsutering hawwe belangryk west foar de moderne demokrasy.