Slavernij

Minskehannel en twongen arbeid

De Nederlânske kolonisten yn Azië en it Atlantyske gebiet ferhannelje fan de santjinde iuw ôf minsken om te wurkjen op plantaazjes, yn minen en yn húshâldingen. Dy slaven krije gjin lean moatte ûnder twang wurkje. Dat liedt faak ta opstannen en besykjen om te flechtsjen. Pas yn 1863 ferbiedt Nederlân de slavernij.

Fort Elmina
Portugezen stichtsje yn ’e fyftjinde iuw de earste Europeeske koloanjes basearre op slavernij: yn sûkerplantaazjes lâns de Afrikaanske kust en letter ek op grutte skaal yn Brazilië. Oare Europeeske lannen nimme dat foarbyld oer. Lâns de Afrikaanske kust wurde forten stichte om hannel te driuwen mei keninkriken yn Afrika. It belangrykste Nederlânske fort is Elmina, yn it notiidske Ghana. Dêr wurdt hannele mei it keninkryk fan Ashanti, dat minsken rôvet of kriichsfinzen makket yn oarloggen. De Nederlânske hannelers ruilje dy minsken yn Elmina foar tekstyl, metaal, sieraden, alkohol, buskrûd en wapens.

West-Yndyske Kompanjy
Under lieding fan gûverneur-generaal Johan Maurits van Nassau-Siegen, de gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Brazilië, wurdt de Republyk in hieltyd belangrikere spiler binnen de minskehannel. De West-Yndyske Kompanjy ferliest yn 1654 de koloanje Brazilië en dêrmei in grut part fan de ôfsetmerk. De WIC giet lykwols troch mei de minskehannel, foaral nei Ingelske en Spaanske koloanjes. Kurasau wurdt dêrfoar it knooppunt yn it Karibysk gebiet. De Republyk groeit sa foar koarte tiid út ta de grutste slavehanneler fan ’e wrâld. Yn Azië ferhannelje Nederlanners ek hûnderttûzenen minsken.

Nei 1750 is de trans-Atlantyske slavehannel it grutst. De Nederlânske rol yn ’e slavehannel nimt ôf, mar de troch slaven makke produkten wurde belangriker foar de ekonomy. Om 1770 hinne wurdt mar leafst 19 prosint fan it ymportguod troch ta slaaf makke minsken produsearre en bestiet goed 5 prosint fan ’e Nederlânske ekonomy út slavernijrelatearre aktiviteiten. Tusken de fyftjinde en njoggentjinde iuw ferfiere Europeeske slavehannelers yn totaal sa’n tolve miljoen slaven oer de Atlantyske Oseaan, wêrfan 600.000 op Nederlânske skippen.

Opstân
Op slavernij basearre mienskippen binne ekstreem ûngelikens en gewelddiedich. De slavehâlders hawwe de wet oan har kant en passe terreur ta om mei in lytse minderheid de kontrôle te hâlden. Der is oanhâldend lyts en grut ferset. Op it Surinaamske plattelân wurdt sa’n 95 prosint fan ’e befolking as slaaf holden. In part wit te flechtsjen nei de bosken, dêr’t se har beskûlhâlde. Dêrwei fiere se lang striid tsjin ’e kolonisten. Dy flechte minsken en har neiteam wurde marrons neamd. Guon marrongroepen, lykas de Saamaka, Aluku en Okanisi, besteane noch altyd.

Yn 1795 is der op Kurasau in opstân ûnder lieding fan fersetsstrider Tula. Hy easket mei mei-opstannelingen de frijheid, ynspirearre troch de idealen fan ’e Frânske Revolúsje en de suksesfolle slave-opstân op Saint-Domingue (it notiidske Haïty en destiids in Frânske koloanje). De Nederlânske koloniale machthawwers slaan Tula syn opstân yn itselde jier del. Hy en syn meistriders wurde martele en eksekutearre.

Ofskaffing
Ein achttjinde iuw nimt de lilkens oer de slavehannel ta. Nei de slagge opstân op Saint-Domingue beslute de Frânsen de slavernij ôf te skaffen. De Ingelsen ferbiede de slavehannel yn 1808 en sette kening Willem I yn 1814 ûnder druk om de slavehannel ek te ferbieden. Ofskaffing fan ’e slavernij folget pas yn 1860 foar Nederlânsk-Yndië en op 1 july 1863 yn ’e Atlantyske koloanjes.

Jierliks wurdt yn Nederlân op 1 july mei it befrijingsfeest Keti Koti – Surinaamsk foar ‘boeiens brutsen’ – de ôfskaffing fan ’e slavernij betocht en fierd.

Op 19 desimber 2022 hat de doetiidske Nederlânske minister-presidint Mark Rutte postúm ekskuzes oanbean. Yn in taspraak bea er syn ferûntskuldigingen oan foar it hâlden en dragen fan it Nederlânske regear yn it ferline. In healjier letter hat ek kening Willem-Alexander syn ekskuzes oanbean foar it slavernijferline.