Sara Burgerhart

Rebelske froulju yn tiden fan Ferljochting

De skriuwsters Betje Wolff en Aagje Deken publisearje yn 1782 in opmerklik en fernijend boek. It giet oer de njoggentjinjierrige wees Sara Burgerhart: in jonge frou op syk nei lok en leafde. De ynhâld is foarútstribjend om’t it boek in pleit is foar de ûntwikkeling fan froulju.

Boargerskip
Sara Burgerhart is represintatyf foar de Nederlânske Ferljochting, dy’t ta bloei komt yn ’e achttjinde iuw. De Ferljochting is in brede yntellektuele, kulturele beweging, dy’t it sûn ferstân as remeedzje tsjin maatskiplike problemen beskôget. Nederlânske skriuwers ferspriede boargerlike prinsipes út in kristlike ynfalshoeke wei. Hoe reedlik harren opfettingen soms ek binne, se binne kritysk oer it besteand gesach. Sa stelle se fragen oer de tsjerklike lear en se binne foarstanner fan in aktivere dielnimming fan froulju oan it maatskiplik debat. It grutbringen fan bern ta goede en deugdsume boargers stiet sintraal en wurdt sjoen as de basis fan in lokkige en lykwichtige maatskippij.

Froulju
Foardat Wolff en Deken inoar yn 1776 kennen leare, skriuwe se beide al. Elisabeth Wolff-Bekker (1738-1804) is troud mei in tritich jier âldere predikant en wennet yn ’e pastorij fan Middenbeemster. Yn har wurkkeamer skriuwt se proaza en poëzy. Se krijt in soad kommentaar op har krityske gedicht De onveranderlyke Santhorstsche geloofsbelydenis (1772), wêryn’t se in frije opfetting fan it geloof ferdigenet. Ek Agatha Deken (1741-1804), opgroeid yn in Amsterdamsk weeshûs, hat al in pear publikaasjes op har namme.

As de froulju inoar kennen leare, fiele se hast drekst in sielesibskip. Nei it ferstjerren fan Wolff har man yn 1777 geane se byinoar wenjen. Se wurkje hiel goed gear en bringe as duo publikaasjes út. Sara Burgerhart is harren bekendste wurk. It is in briefroman mei autobiografyske eleminten. Krekt as Deken is haadpersonaazje Sara Burgerhart wees. Krekt as Wolff wurdt se maatskiplik feroardiele fanwegen in stikkenrûne leafdesrelaasje. Wolff en Deken skriuwe yn it boek oer in tema dat elkenien oansprekt: de syktocht fan in jonge frou nei it lok yn ’e leafde. Sara giet op syk nei in geskikte houlikspartner. Nei in mislearre aventoer fynt se úteinlik de geskikte kandidaat: Hendrik Edeling.

It boadskip fan ’e auteurs is revolúsjonêr: trou net foar it jild mar om ’e leafde. Se beklamje dat froulju harren ferstân ûntwikkelje moatte en selsstannich kieze moatte. In typysk ferljochte boek dus, wêrmei’t se de ‘Nederlânske juffers’ oanmoedigje wolle om har frij te ûntwikkeljen. Dy frije ûntwikkeling moat trouwens wol passe by harren rol as frou, dy’t yn dy tiid oars is as de rol fan de man. Mar dat mei net ferhinderje dat froulju oer alles meiprate en meitinke kinne.

Behalve Wolff en Deken binne der noch folle mear froulju dy’t yn dy tiid de pinne opnimme. Se moatte faak tsjin foaroardielen opbokse. Dat jildt ek foar de adellike Belle van Zuylen (1740-1805). Sy skriuwt yn it Frânsk en lit froulju neitinke oer harren achterstelde maatskiplike posysje. Har bekendste útspraak is "Ik haw gjin talint foar ûnderhearrigens".

Patriotten
Wolff en Deken fertsjinje harren ynkommen mei skriuwen en bliuwe trou oan harren patriottyske prinsipes. In pear jier nei it ferskinen fan har briefroman wurdt in patriotte-opstân delslein en ûntflechtsje se Nederlân, lykas tûzenen oare patriotten. Nei de Bataafske Revolúsje fan 1795 komme se wer werom. Se ferstjerre allebeide yn novimber 1804 en wurde yn itselde grêf yn Scheveningen begroeven.