Ynfloed
Om ’e grins te ferdigenjen bouwe de Romeinen ferskate wachtposten en legerkampen. Yn ’e buert fan Nijmegen komt in kamp dat twa legioenen fan seistûzen man herbergje kin. Mei har rokken, blinkende helms, skylden en swurden moatte de goed trainde Romeinske soldaten yndruk makke ha op de lokale befolking. De Romeinske oanwêzichheid is yn alle gefallen fan grutte ynfloed op de omjouwing. Der wurde ymponearjende timpels, badhuzen en boerepleatsen boud en hieltyd mear lân wurdt foar lânbou yn gebrûk nommen. Ek bringe de Romeinen de earste skreaune taal nei de regio: it Latyn. Se bringe har eigen goadeferearing mei, mar nimme ek Germaanske goaden op. Op ferskillende plakken bouwe se timpels foar Hercules Magusanus, in kombinaasje fan in Romeinske en in Germaanske godheid. Dêrneist bloeit de hannel, want behalve as grins funksjonearret de Ryn as wichtige transportier. Foarrieden en hannelswaar wurde mei de boat oanfierd.
Oanfal út it noarden
Yn ’e eagen fan de Romeinen begjint noardlik fan de limes de ûnbeskaafde wrâld. Keltyske en Germaanske stammen bewenje dat gebiet. Mar de limes wurdt ek in mear symboalyske grins, dy’t in limyt stelt oan de Romeinske macht. It direkte gesach fan de Romeinen rikt net folle fierder as de Ryn, al hawwe se earst wol de ambysje om harren territoarium út te wreidzjen. Dat begjint om te slaan yn it jier 9 nei Kristus, as Germaanske troepen by it Teutoburgerwoud, yn it notiidske Dútslân, trije Romeinske legioenen ferneatigjend ferslaan.
Noardlik fan de Ryn hawwe de Romeinen it yn it lân fan de Friezen noch oant 28 jier nei Kristus foar it sizzen, mar dat folk komt mei sukses yn opstân tsjin de Romeinske oerhearsking. Op befel fan ’e keizer lûke de Romeinen har fan it jier 47 ôf werom achter de Ryn, dy’t dêrmei de natuerlike noardgrins wurdt. De hannel wurdt dêrnei wol gewoan fuortset en de Romeinske kulturele ynfloed op ’e Friezen giet troch.
Ek op Romeinsk grûngebiet, súdlik fan ’e limes, binne der opstannen tsjin de Romeinske oerhearsking. De bekendste is de opstân fan ’e Bataven ûnder oanfiering fan Julius Civilis yn it jier 69. Lang hawwe de Bataven yn frede libbe mei de Romeinen en tsjinje se ek yn it Romeinske leger. Mar by de striid om ’e macht dy’t nei de dea fan keizer Nero ûntstien is, nimt Civilis de lieding op him fan in opstân, dy’t de Romeinen nei sawat in jier witte del te slaan. Hûnderten jierren letter, yn ’e Tachtichjierrige Oarloch, wurdt it ferhaal oer dy Bataafske opstân brûkt as ynspiraasjeboarne foar it ferset tsjin Spanje.
Spoaren
Fan de tredde iuw nei Kristus ôf nimt it tal Germaanske ynfallen flink ta. De Romeinen wurde twongen om ’e limes te ferlitten en se lûke har úteinlik werom achter de Alpen. Yn Nederlân binne noch altyd spoaren fan de Romeinske tiid werom te finen. Ferskate plakken yn ’e âlde grinsstreek stamje út de Romeinske tiid. Ek wurde geregeld nije boaiemfynsten dien. Sa binne yn Utert by de oanlis fan de wyk Leidsche Rijn in wachttoer en twa skippen fûn.