Alle lagen fan ’e befolking
Rembrandt van Rijn is in ambisjeuze skilder dy’t al jong syn berteplak Leiden ferlit yn ’e hope yn it rikere en gruttere Amsterdam karriêre te meitsjen. Dat slagget him. Mei syn djoere portretten en skilderijen fan Bibelske en mytologyske figueren en tafrielen betsjinnet er de elite fan begoedige boargers en keunstkenners. Dêrneist tekenet en skilderet Rembrandt in soad Amsterdammers út syn omjouwing, ûnder wa ymmigranten. Yn ’e buert fan syn atelier oan ’e Jodenbreestraat wenje tsientallen seelju en soldaten fan Afrikaanske komôf. Sjochst dat ûnder oaren werom op syn skilderij Twee Afrikaanse mannen (1661).
De Nachtwacht
De Nachtwacht fan Rembrandt is wrâldferneamd. Syn styl fan skilderjen is dêryn goed werkenber. Hy kreëarret djipte yn it skilderij troch de spesjale tapassing fan ljocht en donker, ek wol clair-obscur neamd. It skilderij stammet út 1642 en is sûnt dy tiid faak besprutsen en priizge. It is dan ek in skilderij dat yntrigearret: der is wat op til, mar wat? Oan ’e oare kant is it ek in deagewoan skilderij: in groep Amsterdamske boargers hat him as skutters om harren kaptein Frans Banninck Cocq hinne ôfbyldzje litten yn in groepsportret, bestimd foar de nije grutte seal fan de renovearre Kloveniersdoelen. Sa’n groepsportret hat yn Amsterdam in tradysje dy’t weromgiet oant de earste helte fan ’e sechstjinde iuw. De kollega’s fan Banninck Cocq wolle net achterbliuwe: ek sy bestelle in groepsportret by renommearre skilders. Rembrandt syn skuttersstik hinget sa yn it earstoan yn it selskip fan in tal nije groepsportretten yn ’e seal dêr’t de skutters geregeld byinoar komme om mei-inoar te iten, te drinken en te smoken.
Der is de ôfrûne iuwen in soad mei De Nachtwacht bard: fan troch need twongen ferhuzingen oant fandalisme. Yn 2018 kundige it Ryksmuseum in grutskalige restauraasje oan: Operaasje Nachtwacht. Underdiel fan ’e operaasje is in yngeand ûndersyk om ûnder mear fêst te stellen hoe’t it doek sa goed mooglik foar takomstige generaasje behâlden wurde kin.
De keunstmerk
Net allinnich Rembrandt is symboal fan de opfallende kulturele bloei fan de santjinde iuw, mar ek Johannes Vermeer, Frans Hals en Jan Steen en al dy oare hûnderten lokale skilders. Om 1650 hinne binne allinnich al yn Amsterdam sa’n 175 keunstskilders wurksum. It grutste part fan harren produsearret goedkeape skilderijkes foar in anonime merk, faak lânskippen en foarstellingen fan alledeiske sênes. Ivige rom hawwe sy dêr net mei wûn, mar it lit wol sjen hoe mânsk oft de Nederlânske skilderkeunst wie. Der is berekkene dat yn ’e santjinde iuw goed fiif miljoen skilderijen makke wêze moatte. It ynwennertal fan de Republyk skommele doe om de twa miljoen hinne.
It is net allinnich de skilderkeunst dy’t yn dy tiid florearret, ek de literatuer bloeit. Skriuwers lykas Joost van den Vondel en Pieter Corneliszoon Hooft hawwe deroan bydroegen dat dy perioade de skiednis yngien is as in gouden iuw foar de keunsten.