It ferfal fan de Republyk
Yn de twadde helte fan de achttjinde iuw liket de bloeitiid fan de Republyk definityf foarby. As hannelslân docht Ingelân it folle better as de Republyk. De finansjele sektor groeit noch wol, mar dat lost de grutte wurkleasheid net op. Yn de ynternasjonale polityk telt de Republyk ek amper mear mei. Dat wurdt pynlik dúdlik yn de Fjirde Ingelske Oarloch (1780-1784), dy’t de Republyk ferliest.
Yn dy krisis komt in nije politike groep op. It binne boargers, dy’t oant dan ta hast gjin stim hân hawwe yn it lâns- en stedsbestjoer. Se fine dat it ferfal de skuld is fan de steedhâlder en fan korrupte reginten. Dy krityske boargers easkje ynspraak en tafersjoch en neame har ‘patriotten’ (patriot betsjut lângenoat). Ek in oantal reginten foegje har by dy beweging.
Opstân
Op 26 septimber 1781 publisearret de Swolske patriot Joan Derk van der Capellen tot den Pol it pamflet ‘Aan het volk van Nederland’, wêryn’t er opropt ta in revolúsje. It pamflet wurdt anonym printe en stikem troch it lân ferspraat yn blyndearre koetsen. Der barst in politike diskusje los wêryn’t twa partijen ûntsteane. Oan de iene kant de oanhingers fan steedhâlder Willem V: de oranzjisten. Oan de oare kant syn tsjinstanners: de patriotten. Beide kampen meitsje folop gebrûk fan polityk printwurk. Se ferspriede in grutte stream fan tydskriften, losse bledsjes en spotprinten oer it lân dy’t de tastân fan de Republyk analysearje en yllustrearje. Stadich mar wis ûntstiet der in nasjonaal gefoel. Minsken fiele har net allinnich mear ynwenner fan in stêd of streek, mar ek boarger fan in lân.
Steatsgreep
Yn 1787 besykje de patriotten de macht oer te nimmen en de steedhâlder ôf te setten. Sy organisearje har yn ‘frijkorpsen’, in soarte ferieningen fan wapene boargers. Steedhâlder Willem V fielt him net mear feilich yn it patriotske Den Haach en lûkt him werom yn Nijmegen. Syn frou Wilhelmina van Pruisen krijt koart dêrnei in haadrol yn de steatsgreep. Op 28 juny 1787 reizget sy nei Den Haach om de Steaten fan Hollân derfan te oertsjûgjen dat se har man weromkomme litte moatte. Net fier fan Gouda wurdt se tsjinholden troch de patriotten en nei in boerepleats by de Goejanverwellesluis brocht. Se beweart dat se net neffens har status behannele is en skeakelet de help fan har broer yn, kening Frederik Willem II fan Prusen, om de steedhâlderlike macht werom te bringen. De frijkorpsen fan de patriotten kinne net tsjin de goed trainde Prusyske soldaten op. De steedhâlder en syn gesin keare werom en de Oranjes binne wer oan ’e macht. Nei dy nederlaach wurde patriotten finzen set of wurde se oanfallen troch oranzjisten. In soad patriotten flechtsje dêrom nei Frankryk.
Bataafske Republyk
Sân jier letter komt der dochs noch in ein oan de âlde Republyk, as patriotten mei help fan de Frânsen de regearing falle litte. De Bataafske Republyk (1795-1801) wurdt oprjochte, folge troch it Bataafsk Mienebest (1801-1806). Yn dy perioade komme der in protte politike fernijingen, sa as de foarming fan in keazen parlemint en de ynfiering fan de earste grûnwet fan Nederlân: de ‘Staatsregeling voor het Bataafsche Volk’. It Bataafske Mienebest hâldt yn 1806 op te bestean, as Lodewijk Napoleon kening wurdt fan it Keninkryk Hollân.