Skiednis
‘Oranje’ is fan ein sechstjinde oant ein achttjinde iuw in polityk symboal dat assosjearre wurdt mei de oranzjisten: oanhingers fan de steedhâlders út it Hûs fan Oranje. De kleur rekket ferbûn mei de identiteit fan de Nederlânske naasje. Yn perioaden fan bûtenlânske hearskippij, sa as de napoleontyske jierren en de Twadde Wrâldoarloch, stiet oranje foar ferset tsjin de frjemde oerhearsking.
De ôfrûne jierren spilet it Oranjegefoel foaral in net-politike, ferbinende rol. It slút oan by in langst nei ferbûnens dy’t groeit yn in maatskippij wêryn’t ferskillen tusken minsken en groepen hieltyd grutter lykje te wurden. It komt bygelyks ta utering op Keninginnedei (sûnt 2013 Keningsdei), in nasjonale feestdei dy’t ein njoggentjinde iuw foar it earst fierd wurdt. Mar ek yn tiden fan ûnwissens en krisis kin ‘Oranje’ minsken hâldfêst biede en it gefoel jaan dat se mei-inoar ferbûn binne.
Sportheldinnen en -helden
De ôfrûne desennia wurdt it Oranjegefoel foaral wekker roppen wannear’t Nederlânske sporters meidogge oan belangrike ynternasjonale wedstriden of toernoaien. Yndividueel of yn teamferbân fertsjintwurdigje se harren lân; de taskôgers sjogge by de wedstriden Nederlân yn aksje kommen, konkreet makke troch de sporter of it team. Dat ropt in gefoel fan nasjonale ferbûnens op. De reedriderssport rint dêr geregeld yn foarop. In evenemint lykas de Fryske Alvestêdetocht, foar it earst yn wedstriidferbân riden yn 1909, kombinearret groepsgefoel mei yndividuele topprestaasjes. En de earste oranjekleure tribunes en oranje mûtskes binne healwei de sechstiger jierren ek te finen yn de reedriderssport.
De Nederlânske sportskiednis telt in protte sportheldinnen en -helden. In stikmannich fan harren tankje harren rom net allinnich oan sportive prestaasjes, mar ek oan in bredere maatskiplik-kulturele ynfloed. Bygelyks Fanny Blankers-Koen (1918-2004), dy’t as atlete in legindaryske status krijt wannear’t se by de Olympyske Spullen fan 1948 fjouwer gouden medaljes wint. Dêrmei kin se wrâldwiid as rolmodel foar sportende froulju fungearje, om’t se sjen lit dat froulju folweardich meidwaan kinne. Ek fuotballer Johan Cruijff (1947-2016), dy’t mei syn bûtengewoane talint furoare makket by klups lykas Ajax en FC Barcelona, wurdt wrâldferneamd. Syn bekendheid groeit troch syn persoanlikheid: hy is rjocht foar de raap en ferriket de Nederlânske taal mei cruijffiaanske útspraken lykas ‘elk nadeel heb z’n voordeel’.
Fuotbal
Hoewol’t it Oranjegefoel him oant hast alle sporten útstrekt, is fuotbal noch altyd de populêrste sport yn Nederlân. Gjin wûnder dus dat der foaral by ynternasjonale fuotbalkampioenskippen sprake wêze kin fan in wiere Oranjekoarts. Yn 1974 nimt it Oranjegefoel yn it fuotbal massale foarmen oan. It Nederlânsk alvetal stiet yn de WK-finale, mar rint de wrâldtitel krekt mis trochdat it fan Dútslân ferliest. Dat wurdt goedmakke mei in Europeeske titel op it EK fan 1988. It Oranje-alvetal fan 1998 op it WK yn Frankryk is in kleurryk alvetal dat de multykulturaliteit fan Nederlân sjen lit. Yn de simmer fan 2017 winne de Nederlânske froulju it Europeesk Kampioenskip fuotbal. Mar leafst 4,1 miljoen telefyzjekikers stimme yn Nederlân ôf op de finale en de Leeuwinnen krije in grandioaze huldiging yn Utert. Dy oerwinning betsjut de definitive trochbraak fan it frouljusfuotbal yn Nederlân. Sa wjerspegelet Oranje troch de jierren hinne de sportive en maatskiplike feroaringen yn de Nederlânske polder.