Geuzen
Filips II folget yn 1555 syn heit Karel V op as hear fan de Nederlannen. In jier letter wurdt er ek kening fan Spanje. Filips nimt in tal maatregels dy’t yn de Nederlannen lilkens feroarsaakje. Troch it bestjoer te sintralisearjen probearret er mear macht nei him ta te lûken. Dêrneist wol er de spjalting yn ’e tsjerke bestride: elkenien dy’t him bekeart ta de nije streaming fan ’e protestanten moat de deastraf krije.
Om Filips in halt ta te roppen biede twahûndert Nederlânske eallju lânfâdes Margaretha van Parma, healsuster fan Filips, in smeekskrift oan. Sy freegje om godstsjinstige ferdraachsumens en útstel fan ’e ferfolgingen. De lânfâdes skrikt fan harren oantal, mar in riedshear seit delbêdzjend: ‘It binne mar geuzen (bidlers).’ Mei it smeekskrift berikke se neat, mar de eallju fetsje de beneaming ‘geuzen’ op as earenamme. Se komme hieltyd iepenliker yn ferset.
Hagepreken en Byldestoarm
Underwilens krijt de Frânsk-Switserske herfoarmer Calvijn yn de Nederlannen in grutte oanhing. De protestanten of ‘kalvinisten’ komme hieltyd faker byinoar om yn ’e bûtenloft nei omreizgjende predikanten te lústerjen. Sy fine dat se har tsjin harren foarst fersette kinne as dy him net oan ’e Bibel hâldt. Op 10 augustus 1566 liedt sa’n ‘hagepreek’ yn it West-Flaamske Steenvoorde ta de bestoarming fan in tichteby lizzend kleaster, wêrby’t de religieuze bylden fernield wurde.
Yn ’e moannen dêrnei ferspriedt de ‘Byldestoarm’ him fan de Súdlike nei de Noardlike Nederlannen. De byldestoarmers, ôfkomstich út alle lagen fan ’e befolking, rjochtsje harren lilkens op de bylden yn tsjerken en kleasters. Foar in part út haat tsjin de katolike geastlikheid, mar ek út wanhoop fanwegen honger en earmoede.
De opstân wurdt in oarloch
Dêrop stjoert Filips in leger fan tsientûzen man nei de opstannige gewesten, ûnder lieding fan ’e hartoch fan Alva, de nije lânfâd. Alva stelt in strange rjochtbank yn om ’e opstannelingen te straffen. Dy Ried fan Beroerten stiet al gau bekend as de Bloedried.
De militêr opperbefelhawwer yn de Nederlannen, Willem van Oranje, bringt in leger byinoar. By de Slach by Heiligerlee, op 23 maaie 1568, wurdt Grinslân foar in part op ’e Spanjerts ferovere. As straf lit de hartoch fan Alva yn Brussel tweintich eallju ombringe, dêrûnder de promininte greven fan Egmont en Horne.
As reaksje dêrop kape de opstannelingen skippen om de oarloch fan see ôf fuort te setten. Under lieding fan Willem van Oranje feroverje dy ‘wettergeuzen’ earst Den Briel (1572) en dêrnei ûnder mear Alkmaar (1573) en Leiden (1574). Yn 1579 ûndertekenje de súdlike gewesten de Unie van Atrecht en fersoenje har sa mei Filips. Sân noardlike gewesten beslute yn datselde jier yn de Unie van Utrecht de striid fuort te setten. Dy striid krijt soms it karakter fan in boargeroarloch. De ynwenners fan de Nederlannen binne djip ferdield en nimme de wapens tsjininoar op.
Plakkaat van Verlating
Op 26 july 1581 ûndertekenje de Steaten-Generaal fan de sân gewesten it Plakkaat van Verlating. Dêr stiet yn dat in foarst syn ûnderdienen beskermje moat. Docht er dat net, dan is er in tiran en meie de ûnderdienen him ôfsette en in oare hearsker kieze. De Steaten-Generaal beskriuwe dêrnei de tirannike dieden fan Filips en beslute him te ferlitten. Se sette him dêrmei ôf as foarst. It slagget de gewesten dêrnei net om in oare foarst te finen. Dêrom geane se yn 1588 fierder as de Republyk fan ’e Sân Feriene Nederlannen. De Opstân is iuwenlang ynternasjonaal in ynspirearjend foarbyld, bygelyks yn ’e Amerikaanske striid om de ûnôfhinklikens.