Keizer Napoleon
Napoleon spilet in haadrol yn de Europeeske skiednis. Yn 1799 pleget er in militêre steatsgreep yn Frankryk. Syn doel is in grut ryk en hy fiert ferskate oarloggen. As generaal liedt er syn troepen yn de fjildtochten tsjin de keizer fan Eastenryk, de Russyske tsaar, de sultan fan it Ottomaanske Ryk en de Ingelske kening. Yn 1804 kroant Napoleon himsels ta keizer. Hy hearsket fan 1806 ôf oer hast hiel Europa, dat er bestjoert as ‘ferljochte despoat’: in allinnehearsker dy’t him liede lit troch de ideeën fan de Ferljochting salang’t dat him past. Fan Nederlân makket er in Frânske fazalsteat.
It Keninkryk Hollân
Mei help fan Frânske troepen twinge de patriotten yn 1795 de regearing fan de âlde Republyk om ôf te treden en rjochtsje yn plak dêrfan de Bataafske Republyk op. Oant 1806 bliuwt de Bataafske Republyk formeel ûnôfhinklik fan Frankryk, mar op ’en doer gebeurt der mar in bytsje sûnder goedkarring fan de Frânsen. Yn 1806 beneamt Napoleon syn broer Lodewijk Napoleon ta kening fan Hollân. Foar it earst is Nederlân in keninkryk, dat de basis foarmet foar de lettere monargy.
Lodewijk Napoleon leit yn de tiid dat er kening is ûnder oaren it fûnemint foar de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW) en it Ryksmuseum. Ek ropt er Amsterdam út ta haadstêd fan Nederlân. It Amsterdamske stedhûs op de Dam nimt er yn gebrûk as paleis. Lodewijk Napoleon nimt syn keningskip serieus, mar komt dêrtroch yn konflikt mei Napoleon, dy’t leaver in marionettekening hat dy’t presys docht wat hy wol. Yn 1810 set Napoleon syn broer ôf en livet er Nederlân yn by it Frânske Keizerryk.
Code Napoléon
De modernisearring fan it bestjoer en de rjochtspraak yn de troch him besette gebieten hawwe fan grutte betsjutting west. Hy wol yn alle lannen deselde ienheden en maten hantearje, en sa komt Nederlân oan it metrike stelsel mei de meter en de kilo. Hy yntrodusearret de boargerlike stân, dêr’t elkenien in fêste achternamme foar oannimme moat. Ek inisjearret er in grutte juridyske herfoarming mei de ynfiering fan de Code Napoléon, it Frânske boargerlik rjocht. Guon sjogge dat as in enoarme ferbettering neffens it eigen lokale rjocht. It nije wetboek skept ommers in rjochtssteat wêryn’t alle ûnderdienen gelyk binne foar de wet en wêryn’t de rjochtspraak iepenbier is. Tsjinstanners hawwe as krityk dat de Code Napoléon gjin rekken hâldt mei de hiel ferskillende lokale gewoanten en ôfspraken. De ynfiering fan de tsjinstplicht ropt ek wjerstân op, hielendal as de fraach nei soldaten troch de hieltyd mar trochgeande oarloggen tanimt.
Waterloo
Yn 1813 wurdt Napoleon ferslein troch de koälysjelegers fan Ruslân, Prusen, Eastenryk en Sweden, en dêrnei wurdt er ferband nei Elba. Nederlân is wer ûnôfhinklik. De soan fan de eardere steedhâlder Willem V, Willem Frederik, wurdt útroppen ta kening Willem I. Napoleon komt yn 1815 noch even oan ’e macht yn Frankryk, mar wurdt definityf ferslein by Waterloo. Nei de fal fan Napoleon prakkesearret gjinien deroer om de napoleontyske herfoarmingen wer werom te draaien. Sa bliuwt de Code Napoléon bestean, krekt as in soad oare modernisearringen.