Nei see!
Michiel Adriaenszoon de Ruyter komt yn 1607 yn Vlissingen op ’e wrâld as soan fan in bierdrager. Al gau is dúdlik dat syn takomst op see leit. Nei in skoftke as touslagger wurke te hawwen, meunsteret er as alvejierrige oan as boatsjonge op syn earste skip. It is it begjin fan in seemanslibben. Yn ferskillende rangen en stannen, lykas kaperkapitein en keapfarder, befart er de wrâldseeën. Yn 1652 mient er genôch fertsjinne te hawwen om in rêstich bestean oan ’e wâl te lieden. De Ingelske see-oarloggen sette lykwols in streek troch dy plannen.
Ingelske see-oarloggen
De Republyk is in grut part fan ’e santjinde iuw yn oarloch. Yn 1648 einiget de Tachtichjierrige Oarloch tsjin Spanje mei de Frede fan Münster. Al gau folgje twa see-oarloggen mei Ingelân fanwegen konflikten oer de hannel. Nei it útbrekken fan de Earste Ingelske See-oarloch (1652-1654) freget de Siuwske Admiraliteit De Ruyter om tsjinst te nimmen by de marine. Hy akseptearret de funksje, foar ien tocht. It blykt lykwols it begjin fan in nije karriêre te wêzen dy’t einiget by de heechste funksje yn ’e marine: luitenant-admiraal.
Yn 1667 betinkt riedpensjonaris Johan de Witt in plan om de Twadde Ingelske See-oarloch (1665-1667) te winnen. De Ruyter fiert mei dy syn broer Cornelis de Witt de float oan om yn it hol fan ’e liuw de fijân te ferslaan. It plan slagget, in grut part fan de Ingelske float wurdt flak by Chatham ferneatige. It Ingelske flaggeskip Royal Charles wurdt triomfantlik meifierd. De achterside hinget no yn it Ryksmuseum yn Amsterdam.
Rampjier
It jier 1672 is de boeken yngien as it Rampjier. Frankryk en Ingelân slute in bûnsgenoatskip om de macht fan ’e Republyk te beheinen. Nei de moard op de bruorren De Witt wurdt de nije steedhâlder prins Willem III oansteld. Under him soarget De Ruyter der mei trije suksesfolle seeslaggen foar dat Ingelân en Frankryk ferlieze. Beslissend is de slach by Kijkduin op 21 augustus 1673. Hoewol’t de Ingelsen en Frânsen in gruttere float hawwe mei mear munysje, hat De Ruyter letterlik de wyn mei en sylt rjocht op ’e fijân ôf. Troch dy agressive oanfal wint De Ruyter. De Frânsen lûke har ûnder it bloedbad werom, wêrtroch’t de Nederlânske float hast gjin tsjinstân mear hat. De Ruyter wit sa foar te kommen dat de Ingelsen op ’e kust lânje.
Yn 1676 sneuvelet De Ruyter flak by Syracuse yn in gefjocht tsjin de Frânsen. Yn de Amsterdamske Nieuwe Kerk krijt er in moarmeren prealgrêf.
Byldfoarming
Yn ’e santjinde iuw stelle de bestjoerders fan ’e kustprovinsjes de Republyk graach foar as in freedsume see- en hannelsnaasje dy’t net graach oarlochfiert. Yn dat selsbyld binne oanfierders op see de grutte helden. Sy wurde besongen yn ferskes, har libbens en dieden wurde beskreaun yn populêre skiednisboekjes en de belangrykste seeslaggen wurde fêstlein op skilderijen en printen.
De Ruyter jildt noch altyd as de bekendste admiraal yn ’e Nederlânske skiednis. Dochs is syn reputaasje as seeheld ek yn diskusje. Hoewol’t er Europeeske kristenen befrijde dy’t ta slaaf makke wiene, fear er ek nei de kust fan West-Afrika om Nederlânske hannelsbelangen, ynklusyf de hannel yn Afrikanen, te beskermjen.