Max Havelaar

Unrjocht yn Nederlânsk-Yndië

It boek Max Havelaar fan Multatuli klaget de regearing oan fanwegen it Nederlânske koloniale bestjoer. As amtner yn Nederlânsk-Yndië sjocht Multatuli hoe’t Nederlanners de befolking útrûpelje. Syn roman wurdt in bestseller en wakkeret it ferset tsjin it kolonialisme oan.

Kultuerstelsel
Yn 1859 skriuwt in teloarstelde amtner út Nederlânsk-Yndië, Eduard Douwes Dekker, ûnder de skûlnamme Multatuli in literêre roman mei as titel Max Havelaar of de Koffij-veilingen der Nederlandsche Handel-Maatschappij. It boek is in skerpe feroardieling fan de misstannen ûnder it koloniale bewâld yn Nederlânsk-Yndië. Dy misstannen wurde foar it grutste part feroarsake troch it saneamde kultuerstelsel, in belestingsysteem dat yn 1830 ynfierd wurdt troch de gûverneur-generaal fan Nederlânsk-Yndië Johannes van den Bosch. Hy wol de finansjeel min funksjonearjende koloanje winst meitsje litte foar Nederlân.

It kultuerstelsel hâldt yn dat de befolking twongen wurdt om in stik grûn beskikber te stellen foar it ferbouwen fan in bepaalde hoemannichte produkten. Dy produkten, sa as kofje, sûker, tee en de kleurstof indigo, moatte dêrnei sûnder fergoeding oan Nederlân levere wurde. It systeem leveret Nederlân in soad jild op, mar foar de pleatslike bewenners pakt it min út. Utrûpeling en hongersneed binne it gefolch. Der komt dan ek hieltyd mear krityk. Multatuli is ien fan dy kritisy.

It ferhaal
Max Havelaar ferskynt yn 1860. It boek is in ramtferhaal mei ferskillende trochelkoar hinne frissele ferhaallinen. It iepenet mei it ferhaal fan Batavus Droogstoppel, makeler yn kofje, it skoalfoarbyld fan in lytsboargerlike, fantasyleaze, gjirrige man. Hy stiet symboal foar de Nederlânske eksploitaasje fan de koloanje. Droogstoppel krijt op in dei besite fan in âld-klassegenoat, Sjaalman, dy’t him freget in manuskript út te jaan.

Dan folget – ûnderbrutsen troch kommentaar fan Droogstoppel – it ferhaal fan dat manuskript. Yn grutte linen is it romanpersonaazje Max Havelaar basearre op wat skriuwer Eduard Douwes Dekker sels as amtner yn Nederlânsk-Yndië meimakke hat. Max Havelaar nimt it op foar de ûnderdrukte befolking, de Javanen, mar wurdt dêryn tsjinwurke troch syn Nederlânske liedingjaanden en troch pleatslike profiteurs dy’t mei de Nederlanners gearwurkje.

Troch de ferhaallinen fan Droogstoppel en Havelaar binne noch oare ferhalen weve, sa as de ferneamde fertelling fan Saïdjah en Adinda. Under dat oangripende leafdesferhaal skûlet in felle aanklacht tsjin de eksploitaasje en wreedheden dêr’t de befolking fan Java ûnder te lijen hat. Oan ’e ein fan it boek rjochtet Multatuli him yn in flamjende oanklacht rjochtstreeks ta kening Willem III, dy’t as steatshaad einferantwurdlik is foar de misstannen en korrupsje yn Nederlânsk-Yndië.

Untfangst
Yn earste ynstânsje wurdt de roman kritysk ûntfongen, mar it boek wint hurd oan populariteit. Max Havelaar wurdt sels yn de Twadde Keamer besprutsen. It boek past yn in bredere literêre streaming fan njoggentjinde-iuwske skriuwers dy’t har fia harren wurk útsprekke tsjin ûnrjocht. Multatuli ferwiist yn Max Havelaar bygelyks nei de Amerikaanske skriuwster Harriet Beecher Stowe, auteur fan it ferneamde boek De hut van Oom Tom, dat de publike ôfkear fan de slavernij oanfjurre. In Nederlânske minister neamt Multatuli sels ‘den Nederlandschen Beecher Stowe’.

Max Havelaar wurdt oan ’e dei fan hjoed ta werprinte. It boek is yntusken yn tsientallen talen oerset en wurdt yn 1999 troch de Yndonezyske skriuwer Pramoedya Ananta Toer yn The New York Times betitele as ‘The Book That Killed Colonialism’.