Mar in famke
Maria wurdt yn1457 yn Brussel berne as iennichst bern fan Isabella van Bourbon en Karel van Charolais. Se is it bernsbern fan de hartoch fan Bourgondië, Filips de Goede. Mei in soad pracht en preal wurdt se doopt, mar har pake is dêr net by oanwêzich om’t it mar in famke is. Dochs soe sy as iennichst bernsbern syn lettere erfgenamt wurde.
Troch tûke houliks- en machtspolityk en oarloggen witte de Bourgondiërs har hartochdom enoarm út te wreidzjen mei ûnder mear de rykste parten fan de Lege Lannen, lykas Flaanderen en Brabân. Filips de Goede set syn nicht grevinne Jacoba van Beieren ûnder druk om har greefskippen Seelân en Hollân nei har dea oan him ôf te stean. Filips ropt ek de Steaten-Generaal yn it libben: in polityk orgaan dêr’t alle dielen fan ’e Bourgondyske lannen yn fertsjintwurdige binne.
Nei it ferstjerren fan Filips yn 1467 folget syn soan Karel him op. Hy is altyd op it oarlochspaad om syn gebieten noch fierder út te wreidzjen en hat dêr syn bynamme ‘de Stoute’ oan te tankjen, wat ‘de dappere’ betsjut. Maria wurdt faak beselskippe troch har styfmem Margaretha van York, de suster fan de Ingelske kening. Beide ûndernimme se in soad diplomatike reizen yn ’e namme fan ’e hartoch. Troch syn kostbere oarloggen wurdt Karel hieltyd minder populêr. Hy lûkt ek hieltyd mear gesach nei him ta, wat net yn goede ierde falt by de Steaten-Generaal.
Hartogin
Yn jannewaris 1477 sneuvelet Karel op it slachfjild en wurdt Maria as nije hartogin fan Bourgondië de rykste erfgenamt fan Europa. De Frânske kening Lodewijk XI grypt fuort de gelegenheid oan om de Bourgondyske lannen, dy’t neffens him oan de Frânske kroan tabehearre, wer te anneksearjen,. Hy rjochtfeardiget syn aksje troch te sizzen dat in frou gjin fazal fan ’e Frânske kening wêze kin. Hy probearret Maria te twingen mei syn soan te trouwen.
Maria moat twa stappen nimme om Frânske oerhearsking foar te kommen. Om har fan de stipe fan ’e Bourgondyske gewesten te fersekerjen, ûndertekenet sy it ‘Groot Privilege’. Mei dy akte jout sy de rjochten fan de ferskillende gewesten dy’t troch har heit ôfnommen binne, wer werom. Yn ruil foar dy foarrjochten moatte de Steaten-Generaal har trou belove en ynstimme mei nije belestingen foar de oarloch. Dêrneist folget se de winsk fan har heit en trout mei Maximiliaan fan Eastenryk, út de Habsburchske dynasty. Mei Maximiliaan kin sy har lannen troch in sterke foarst beskermje litte.
It houlik betsjut de ein fan Maria har politike karriêre. Lykas wenst yn dy tiid moat se tenei de politike besluten oan har man oerlitte. It krijen fan bern foar de dynastike opfolging is no har foarnaamste taak, en se krijt yn koarte tiid trije bern. Lykas in soad rike tiidgenoaten lit Maria in ‘brevier’ meitsje. Dat prachtich fersierde gebedeboek brûkt se foar har deistige tawijing oan God. Yn 1482 stjert Maria, in pear wiken neidat se fallen is mei har hynder. Se wurdt yn in prachtige grêftombe lein, dy’t noch altyd yn Brugge te besjen is.
Neilittenskip
Troch Maria har houlik wurde grutte parten fan ’e Lege Lannen foar lange tiid ûnderdiel fan it Habsburchske Ryk, dat him útstrekke soe oant yn Azië en Amearika. Yn ’e sechstjinde iuw wurdt har beppesizzer Karel V hearsker fan dat wrâldryk. It ‘Groot Privilege’ en oare ôfspraken mei de gewesten wurde net fergetten. In iuw letter binne se in boarne fan ynspiraasje yn ’e Nederlânske Opstân tsjin Maria har oerbeppesizzer Filips II.