Marga Klompé

De fersoargingssteat

Yn 1967 hat se kâns om de earste froulike minister-presidint fan Nederlân te wurden, mar se tinkt dat it lân dêr noch net ryp foar is. Marga Klompé is ien fan de belangrykste arsjitekten fan de fersoargingssteat. De Algemiene bystânswet fan 1965, dy’t Nederlanners libbensûnderhâld garandearret, is fan har hân.

Earste froulike minister
Marga Klompé wurdt berne yn Arnhem, yn in katolyk gesin dat it net breed hat. Fanwegen har talinten mei sy as iennige fan de fiif bern trochstudearje; se promovearret yn de wis- en natuerkunde. Yn de Twadde Wrâldoarloch is se koerierster foar it ferset. As der yn 1944 yn Arnhem fochten wurdt, koördinearret se de medyske en itenshelp oan hiel wat flechte boargers en is se belutsen by de evakuaasje fan de stêd. Nei de befrijing helpt se dêr it iepenbiere libben wer op gong te bringen.

Fuort nei de oarloch wurdt se polityk aktyf. Se steurt har deroan dat har partij, de Katolike Folkspartij, gjin froulike parlemintariërs hat. Yn 1948 wurdt se keazen yn de Twadde Keamer en yn 1952 wurdt se de earste froulike parlemintariër foar de Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel, de foarrinner fan de Europeeske Uny. Yn 1956 wurdt se de earste froulike minister yn de Nederlânske skiednis. Se krijt it departemint Maatskiplik Wurk yn it kabinet-Drees IV.

Fersoargingssteat
Yn de kabinetten-Drees (1948-1958) komt in oantal belangrike wetten ta stân. Elkenien fan 65 jier ôf krijt in âlderdomsútkearing. Mei tanksij Twadde Keamerlid Corry Tendeloo wurdt de regel fan hannelingsûnbekwamens ôfskaft, wêrtroch’t troude froulju tenei sûnder tastimming fan harren man besluten nimme meie oer jildsaken, wurk en de opfieding fan de bern. In soad útwreidingen fan de fersoargingssteat krije yn Nederlân pas stal yn de sechstiger jierren – letter as de measte oare West-Europeeske lannen – as de wolfeart tanimt en de oerheid mear jild útjaan kin.

Klompé is in belangrike oanjeier fan dy ûntwikkeling. Nederlânske senioaren libje faak yn ‘rêsthuzen’ ûnder minne omstannichheden. Under Klompé har lieding komt der in wet mei strange regels foar dy tehuzen. Ek fiert se yn 1965 de Algemiene bystânswet (Abw) yn. Minsken dy’t net goed yn harren libbensûnderhâld foarsjen kinne, wurde oant dan ta holpen troch maatskiplike organisaasjes of famylje. Mar as dat net genôch is moat de oerheid ynspringe, fynt Klompé. De Abw follet oan mei in oerheidsútkearing. Bystân ûntfange is mei dy wet gjin woldiedichheid mear, mar in rjocht. It wurdt foar earmere Nederlanners no makliker om selsstannich te libjen.

Lêste jierren
Har partij neamt har as mooglike minister-presidint as der yn 1967 in nij kabinet komme moat. Dêr betanket se foar. It lân is ‘noch net ryp’ foar in froulike premier, tinkt se. Fan 1967 oant 1971, yn it kabinet-De Jong, is se wol wer minister. Yn dy revolúsjonêre jierren treedt se begrypfol op tsjinoer aktivisten dy’t flugge feroaringen yn de maatskippij sjen wolle. Yn 1971 wurdt Marga Klompé as earste frou minister fan steat: in earetitel dy’t it haad fan ’e steat jout oan eardere politisy dy’t har op bestjoerlik gebiet bûtengewoan fertsjinstlik makke hawwe. Se beëiniget dêrmei har politike karriêre en begjint har folslein yn te setten foar de Roomsk-Katolike Tsjerke. Nettsjinsteande in slimme sykte dêr’t se sûnt de tachtiger jierren oan lijt, wurket se noch safolle mooglik troch, oant har dea yn 1986.

Erfenis
De basis fan de fersoargingssteat dêr’t Marga Klompé oan meibout, bliuwt fuortbestean as ûnderdiel fan it sosjale sekerheidsstelsel. Nederlân begjint, krekt as oare West-Europeeske lannen, fan de tachtiger jierren ôf te besunigjen op de sosjale foarsjenningen. Uteinlik is de Algemiene bystânswet ferfongen. De oerheid easket no de aktive dielname fan boargers oan arbeid of ûnderwiis foar’t se yn oanmerking komme foar bystân. Sa bliuwt de fersoargingssteat yn beweging.