Kening Willem I

It keninkryk fan Nederlân en België

De Republyk wie as steatsfoarm twa iuwen lang in útsûndering, yn in tiid dat in keninkrijk de regel wie. Nei in revolúsjonêre perioade fol demokratyske idealen komt dêr in ein oan: de eardere Noardlike en Súdlike Nederlannen wurde mei-inoar ien keninkryk. De earste kening is Willem I, soan fan de eardere steedhâlder Willem V.

Feriene Keninkryk fan ’e Nederlannen
As Napoleon yn 1813 ferslein is, wurdt de soan fan de eardere steedhâlder Willem V oanwiisd om it keningskip fan Nederlân op him te nimmen. Hy akseptearret de kroan en komt nei syn ballingskip yn Ingelân werom nei Nederlân. Yn 1814 wurdt er yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam ynhuldige as kening Willem I. Dat is in dúdlike breuk mei it ferline. Willem I wurdt net, sa as syn heit, steedhâlder yn alle gewesten, mar kening fan in ienheidssteat, mei in dúdlike politike haadrol.

Yn 1815 wurde de eardere Súdlike Nederlannen – it tsjintwurdige België – feriene mei it grûngebiet fan de âlde Republyk. Sa ûntstiet in Feriene Keninkryk fan ’e Nederlannen: foar Europeeske begripen in middelgrut lân mei koloniale besittingen yn ferskillende kontininten.

Kening-keapman
De enerzjike Willem, ek wol ‘kening-keapman’ neamd, spant him ûnder syn keningskip benammen yn om de ekonomy wer ta bloei te bringen. Hy docht dat troch yn de trije dielen fan syn keninkryk – it Noarden, it Suden en de koloanje Nederlânsk-Yndië – de sterke kanten fan de ekonomy te stimulearjen. It Suden, it notiidske België, dêr’t al ier in yndustriële revolúsje plakhân hat, moat him rjochtsje op de produksje fan konsumpsjeguod. De hannelers út it Noarden, it notiidske Nederlân, moatte dy produkten dêrnei de wrâld oer bringe. En de ynwenners fan de koloanjes ta beslút moatte de kostbere tropyske produkten leverje. Willem I lit tusken it Noarden en it Suden fan Nederlân kanalen en wegen oanlizze om it frachtferfier makliker te meitsjen. Sels treedt er ek op as ynvestearder. Foar de hannel mei Nederlânsk-Yndië rjochtet er yn 1824 de Nederlandsche Handel-Maatschappij op. Ek wurdt yn de koloanje it kultuerstelsel ynfierd: in systeem dat de lokale befolking ferplichtet om in part fan it jier op it lân te wurkjen foar it koloniale bewâld. Op dy manier wurdt Yndië in wingewest dat de ekonomy fan it heitelân der wer boppe-op helpe moat. De produkten wurde troch de Nederlandsche Handel-Maatschappij ferkocht.

België ûnôfhinklik
Nettsjinsteande syn ekonomyske aktiviteiten falt de kening by it súdlike part fan syn befolking net yn ’e smaak. De Belgyske liberalen sjogge yn him in foarst dy’t út is op absolute macht en net ree is om de ûntwikkele boppelaach mear ynspraak te jaan. De Belgyske katoliken meitsje beswier tsjin de bemuoiïng fan de protestantske kening mei de oplieding fan prysterstudinten. Se fine syn godstsjinstige bemuoienis te fier gean. De kranten wurde hieltyd mear beheind yn harren sjoernalistike frijheid. Boppedat easket Willem dat yn it hiele lân Nederlânsk praat wurdt, wylst de Belgyske boppelaach foaral Frânsk praat.

Yn 1830 komme de Brusselers yn opstân. ‘Dood aan Willem I, tiran van de Nederlanden,’ skriuwe de Belgyske opstannelingen. Willem stjoert der in leger op ôf, mar dat moat him al gau wer weromlûke. België krijt syn ûnôfhinklikheid. Likegoed hâldt de kening it leger noch njoggen jier paraat. Dat bringt hege kosten mei, wat de kening ek yn Nederlân minder populêr makket. Yn 1839 erkent Willem lang om let de Belgyske ûnôfhinklikheid. It jier dêrop docht er teloarsteld ôfstân fan ’e troan te’n geunste fan syn soan Willem II.