Stienkoal
Hoe ferwaarmje ik myn hûs en myn iten? Tûzenen jierren lang binne hout en turf yn de Lege Lannen de meast brûkte brânstoffen. Pas yn de njoggentjinde iuw wurde se ferkrongen troch stienkoal. Dy fossile brânstof is yn grutte hoemannichten te dollen en goedkeaper te produsearjen. Stienkoal is boppedat de brânstof foar de yndustrialisaasje: stoommasines draaie derop en treinen komme dertroch yn beweging.
Stienkoalwinning bringt fan 1900 ôf nije wurkgelegenheid nei Nederlân, foaral yn Limboarch, dêr’t tolve minen iepene wurde. Desennialang is de mynbou in betroubere boarne fan wurkgelegenheid. Dy lûkt migranten en arbeiders út alderlei streken, oant de Middellânske See ta. Plakken lykas Heerlen en Geleen groeie út ta bloeiende en moderne stêden en binne grutsk op harren nije foarsjenningen, sa as sikehuzen en skoallen.
Sluten fan de minen
Mar dan feroaret it enerzjylânskip. Under it lân fan boer Boon yn Slochteren wurdt yn 1959 in reusachtige foarried gas fûn. Dat gas kin maklik oppompt wurde, en komt úteinlik fia in liedingnetwurk yn frijwol alle huzen telâne, dêr’t it as brânstof tsjinnet foar gaskachels en -fornuzen. Foar de yndustry bliuwt stienkoal noch wol fan belang, mar yn it bûtenlân is dat folle makliker en goedkeaper te winnen. Dêrom kundiget de regearing yn 1965 oan dat de koaleproduksje stadichoan ôfboud wurde sil.
Foar it personiel dat ûntslein wurdt, moat nij wurk socht wurde. It giet om 45.000 arbeidsplakken, noch los fan de tsientûzenen banen dy’t by taleveringsbedriuwen ferdwine sille. Nettsjinsteande de oerheidsplannen om de wurkgelegenheid op peil te hâlden, wurdt de Limboarchske mynstreek fan 1975 ôf rekke troch in lange ekonomyske resesje en sosjale delgong. Boppedat feroarsaakje de ferlitten minen nije problemen: it grûnwetter giet stadich omheech yn de sterk fersmoarge minen, wêrtroch’t it ferûntreinige rekket. Dêrneist taast it grûnwetter de eardere myngongen oan, en dêrtroch kin der ûnferwachts in mynfersakking ûntstean, in ûnderierdske holte dy’t ynstoartingsgefaar feroarsaket. Yn 2011 fersakket in part fan in winkelsintrum yn Heerlen troch sa’n sinkgat.
Ierdgaswinning
Yntusken oppenearje har yn it sok fan de grutskalige ierdgaswinning ek oanmerklike problemen. Yn Grinslân dogge har fersakkingen yn ’e ûndergrûn foar, wêrtroch’t geregeld ierdbevingen ûntsteane. De lêste jierren nimme de bevingen yn sterkte ta en hawwe se slimme skea oan huzen en oare gebouwen ta gefolch. Dat soarget foar ûnrêst ûnder de Grinzers, dy’t ferskate protesten tsjin de ierdgaswinning organisearje. Yn 2023 biedt de oerheid Grinslân ekskuzes oan: ‘De masine fan de gaswinning dindere mar troch en dêrtroch binne net allinne huzen, mar ek libbens fan minsken skansearre.’ Der binne skeafergoedingen oankundige en de Grinzer gaskraan giet definityf ticht.
Nije enerzjyboarnen
De byeffekten en gefolgen fan it gebrûk fan fossile brânstoffen – fersmoarging, ierdbevingen, mar ek temperatuerstiging troch CO2-útstjit – sille noch jierren omtinken fergje. Sawol de Europeeske Uny as de Feriene Naasjes hawwe ôfspraken makke oer maatregels om dy gefolgen te beheinen. Oerskeakelje op nije, duorsume foarmen fan enerzjy, sa as wyn-, wetterstof- en sinne-enerzjy, kin dêr in bydrage oan leverje. Hoe’t dy enerzjytransysje oanpakt wurde kin, is ien fan de belangrykste fraachstikken fan dizze tiid.