It Bernewetsje fan Van Houten

It fabryk út, de skoalle yn

Bern binne goedkeape arbeidskrêften en dêrom wolle fabrykseigeners harren graach as personiel ha. Neigeraden dat it oantal fabriken tanimt, groeit ek it ferset tsjin berne-arbeid. Yn 1874 ferbiedt it Bernewetsje fan Van Houten arbeid fan bern oant tolve jier. Fan 1901 ôf moatte alle bern fan seis oant tolve jier nei skoalle.

Berne-arbeid
Troch de skiednis hinne is berne-arbeid in normaal ferskynsel. Bern wurkje op it lân, yn de winkel of yn de wurkpleats. Dat wurdt net allinnich nuttich fûn – se kinne dêr wat fan leare – mar it is faak ek klearebare needsaak om it gesinsynkommen op peil te hâlden. Yn de tiid fan de yndustriële revolúsje wurde hieltyd mear bern yn it fabryk oan it wurk set, faak ûnder minne wurkomstannichheden. Bekend is it ferhaal fan it glêsfabryk fan Petrus Regout yn Maastricht, dêr’t de ovens nacht en dei brâne. It fabryk draait mei twa ploegen dy’t elk tolve oeren wurkje moatte. Bern fan acht oant tsien jier âld rinne om middernacht hinne heal yn ’e sliep oer de strjitte, op wei nei harren wurk.

Krityk
Fan it begjin fan de njoggentjinde iuw ôf komme der wetten dy’t berne-arbeid in bytsje beheine, sa as yn it Dútske Prusen yn 1839. Om 1860 hinne begjint yn Nederlân de krityk op berne-arbeid ta te nimmen. Dokters en ûnderwizers lizze út dat it wurk net sûn is en dat bern yn de skoalbanken thúshearre. Fabryksdirekteuren begjinne stadichoan yn te sjen dat se bern better yn tsjinst nimme kinne neidat se harren legere skoalle ôfmakke hawwe. Bern fan tolve jier en âlder dy’t lêze en skriuwe kinne, binne ommers breder yn te setten yn it fabryk.

In belangrike stim yn it debat is dy fan skriuwer Jacob Jan Cremer. Nei in besite oan in Leidsk tekstylfabryk hâldt er yn 1863 foar in selekt Haachsk selskip in flamjend betooch. Hy beskriuwt de ferskriklike omstannichheden wêryn’t bern wurkje moatte en docht in oprop oan de kening om berne-arbeid fuortendaliks ôf te skaffen. Tusken it ferbjustere publyk sitte ek inkelde Keamerleden en fabrikanten. Cremer syn betooch slacht yn as in bom en wurdt publisearre ûnder de titel Fabriekskinderen. Under druk fan de publike opiny stelt minister Thorbecke yn datselde jier in steatskommisje yn om ûndersyk te dwaan nei berne-arbeid.

Wetjouwing
Yn 1874 tsjinnet de liberale politikus Samuel van Houten in inisjatyfwet yn tsjin ‘overmatigen arbeid en verwaarlozing van kinderen’Dy wet ferbiedt it wurkjen fan bern oant tolve jier yn wurkpleatsen en fabriken. Hoewol’t Van Houten mei syn wet in algemien ferbod berikke wol, wurdt syn foarstel yn de Twadde Keamer ôfswakke. Sa komt der mei syn wet noch gjin ferbod op lânarbeid troch bern. En troch gebrek oan kontrôle is it net mooglik om fabryksarbeid troch bern fuortendaliks út te bannen. De Learplichtwet fan 1901 makket in definityf ein oan de berne-arbeid. Fan dat stuit ôf binne âlders ferplichte om harren bern fan seis oant en mei tolve jier nei skoalle te stjoeren. Yn de praktyk dogge de measte âlders dat dan al. Om 1900 hinne giet 90 prosint fan de bern nei skoalle.

Tsjintwurdich is berne-arbeid yn it Ynternasjonaal Ferdrach foar de Rjochten fan it Bern (1989) ferbean as dy ‘net-sûn of skealik’ is. Likegoed wurkje yn 2019 oer de hiele wrâld mar leafst 152 miljoen bern, fan wa 73 miljoen ûnder gefaarlike omstannichheden.