Oarloch
Karel wurdt yn 768 – nei de dea fan syn heit en syn broer – kening fan de Franken. Syn hiele regearperioade lang is Karel oan it fjochtsjen: tsjin de islamityske hearskers fan it Ibearysk Skiereilân (it hjoeddeiske Spanje en Portugal), tsjin de Longobarden yn it suden (it hjoeddeiske Italië) en tsjin de Denen en de Saksen yn Noardwest-Europa. Dêrby is soms sprake fan ekstreem geweld en massale eksekúsjes. Troch al syn fjildtochten wit Karel syn ryk hieltyd fierder út te wreidzjen en úteinlik beslacht it Frankyske Ryk grutte dielen fan Europa. Yn it jier 800 wurdt Karel troch paus Leo III yn Rome kroand ta keizer fan it Westen, in titel dy’t sûnt de fal fan it West-Romeinske Ryk yn 476 net mear troch in foarst fierd is.
Bestjoer
Om syn enoarme ryk te bestjoeren ûntwerpt Karel de Grutte mei syn adviseurs in tûk bestjoersstelsel dat basearre is op trou en help fan wjerskanten. Leden van de Frankyske elite nimme bestjoerlike, rjochterlike en oarlochstaken op har. Sy steane harren foarst letterlik ‘mei ried en died’ by en krije dêr as fergoeding bûtenpleatsen foar werom. Karel ferdielt syn ryk yn graafskippen mei in amtner, de graaf, oan it haad. Ynspekteurs komme geregeld del om it bestjoer fan elke graaf te kontrolearjen mei in fêststelde fragelist. Sy bringe oan Karel ferslach út. De belangrykste wetten foar in streek lit er fêstlizze yn feroarderingen: de kapitularia.
Ferspraat oer it ryk hat Karel ferskate residinsjes, de saneamde ‘paltsen’. Der wurdt oannommen dat er yn Nijmegen ek in palts hie, it Valkhof. Karel reizget fan palts nei palts en regelet op it plak sels bestjoerlike en juridyske saken. De belangrykste minsken út it hiele ryk komme in pear kear yn it jier yn sa’n palts byinoar op saneamde ryksdagen, dêr’t se beslisse oer wichtige saken op militêr en bestjoerlik mêd. De besite oan de paltsen is ek in foarm fan belestingheffing yn natuera: foar it ferbliuw fan Karel en syn grutte hofhâlding wurde de foarrieden en middels fan ’e streek oansprutsen.
Karel achtet ûnderwiis, kultuer en wittenskip fan grut belang. Hy lit skoallen oprjochtsje dêr’t jongemannen in oplieding foar de steatstsjinst krije en hy ûntfangt gelearden út in soad lannen oan syn hôf. Sels skriuwe hoecht er net, dêr hat er amtners foar, mar hy kin hiel goed lêze. Ek is er betûft yn wis- en stjerrekunde en hy praat ferskillende talen. Karel lit in ienheidsmunt ynfiere dy’t oeral yn it ryk jildich is, en in maklik lês- en skriuwbere lettersoarte, de karolingyske minuskel.
Karel leit ek diplomatike kontakten yn ’e islamityske wrâld. Yn 797 reizget in Joadske gesant nei de kalyf yn Bagdad, Haroen ar-Rashid. Fiif jier letter komt er werom mei tal fan geskinken foar Karel, dêrûnder in oaljefant, Abul-Abbas.
Ferhalen
De lêste jierren fan syn libben wennet Karel yn syn palts in Aken. Dêr stjert er yn 814. Hy wurdt byset yn ’e paltskapel, dy’t de basis foarmet foar de hjoeddeiske Dom fan Aken. Yn 1165 wurdt Karel hillich ferklearre. Hy giet de skiednis yn as ien fan de grutste foarsten oait. Al by syn libben wurde der in soad ferhalen oer him ferteld, dy’t nei syn dea fierder oanset wurde.