Untstean fan de Republyk
Neidat de Noardlike Nederlannen kening Filips II net langer as foarst erkenne, slagget it net om in nije foarst te finen. Yn 1588 beslute de Steaten-Generaal, as de fertsjintwurdiging fan ’e opstannige gewesten, om sels de soevereiniteit op har te nimmen en it regear fan ’e Republyk fan ’e Sân Feriene Nederlannen te foarmjen. Der binne in pear oare republiken, lykas Venetië en Genua, mar yn in tiidrek dêr’t foarsten krekt hieltyd mear de absolute macht sykje, bliuwt dat in ûngewoane steatsfoarm.
Belangrykste amtner fan Hollân
De yn Amersfoort berne Johan van Oldenbarnevelt wit flot karriêre te meitsjen yn it gewest Hollân. Hy is de fertrouwenspersoan fan steedhâlder Willem van Oranje. Yn 1586 wurdt er riedpensjonaris (ek wol oantsjut as lânsadvokaat) fan ’e Steaten fan Hollân, har belangrykste amtner. Hy makket fan ’e Republyk in goed funksjonearjend gehiel.
Om’t it rike Hollân it measte jild ynbringt, hat it ek de grutste stim yn ’e Republyk. Oldenbarnevelt soarget derfoar dat hy de spil fan de Steaten-Generaal wurdt. Under syn lieding kinne de Steaten-Generaal effektyf belestingen heffe en in slagge offinsyf útfiere tsjin Spanje. Hy slút politike kompromissen en as dat net slagget brûkt er omkeaping, drigeminten en militêre macht tsjin syn tsjinstanners. Ek nimt er it inisjatyf ta it oprjochtsjen fan hannelsorganisaasje de Vereenigde Oostindische Compagnie. Oldenbarnevelt funksjonearret as in soarte fan minister-presidint, minister fan Finânsjes en minister fan Bûtenlânske Saken tagelyk. Hy wurdt tige respektearre yn binnen- en bûtenlân en wurdt sjoen as de stjoerende krêft fan ’e Republyk.
Konflikt en ûnthalzjen
Op ’en doer krijt Oldenbarnevelt te meitsjen mei in konkurrint: steedhâlder prins Maurits, soan fan Willem van Oranje. In steedhâlder (dat betsjut letterlik plakferfanger) wurdt beneamd troch de foarst om út namme fan him te regearjen, mar om’t in republyk gjin foarst hat ferfalt dy oarspronklike taak. Formeel sjoen is de steedhâlder net mear as in tsjinner fan de Steaten-Generaal. Mar as heech ealman en opperbefelhawwer fan ’e striidkrêften stekt Maurits fier boppe alle oare bestjoerders út.
Lang bloeit de Republyk ûnder har mienskiplike gesach. Oldenbarnevelt rjochtet him op ’e polityk en Maurits beheint him ta syn militêre taken – it liket de perfekte gearwurking. Mar nei 1600 komme se geregeld mei-inoar yn konflikt. Maurits wol trochgean mei oarlochfieren tsjin Spanje, wylst Oldenbarnevelt in wapenstilstân tekenet, it Tolfjierrich Bestân (1609-1621).
Ek wol de riedpensjonaris geloofsrûzjes binnen de protestantske tsjerke foarkomme. Hy blykt ree om dat mei legertroepen ôf te twingen. Dêrmei bejout er him op it terrein fan ’e steedhâlder. Maurits fielt him dêrtroch bedrige en nimt Oldenbarnevelt syn macht ôf. Uteinlik lit er him arrestearje. De riedpensjonaris wurdt – ta syn eigen ferbjustering – ta de dea feroardiele fanwegen heechferried. Op 13 maaie 1619 wurdt Oldenbarnevelt ûnthalze op in skavot foar de Ridderseal yn Den Haach. Ekstra dramatysk foar him is it feit dat syn feroardieling yn gong set is troch de soan fan syn held Willem van Oranje.
Mei tank oan Oldenbarnevelt wurdt de Republyk ien fan de wichtichste steaten binnen Europa. De Steaten-Generaal en de steedhâlders fan it Hûs fan Oranje geane lykwols noch oant 1795 troch mei harren striid om ’e macht.