Jeroen Bosch

Skilder yn in midsiuwske stêd

Yn it lêst fan ’e midsiuwen libbet der yn ’s-Hertogenbosch in skilder mei in bysûnder kreative fantasy. Syn skilderijen en tekeningen warskôgje foar de gefolgen fan ’e sûnden en ’e dwazens fan de minsken, sa as gebrûklik yn dy tiid. Tagelyk is de byldtaal fan Jeroen Bosch unyk en ûnferjitlik.

De midsiuwske stêd
Jeroen Bosch wennet en wurket oan ’e Markt yn ’s-Hertogenbosch, ek wol Den Bosch neamd. Yn ’e fyftjinde iuw makket de stêd in ekonomyske bloeiperioade troch, foaral troch de produksje fan en hannel yn tekstyl, lykas linnen en lekkenske stoffen, en metalen foarwerpen lykas messen en spjelden. As ’s-Hertogenbosch yn 1185 fan de hartoch fan Brabân stedsrjochten krijt, wurdt der in stedsmuorre om ’e Markt hinne boud. Dêr ferkeapje hannelers alderhande produkten. Troch de bloeiende hannel en yndustry en de komst fan ambachtslju, keaplju en keunstners groeit de stêd fluch. Yn ’e fjirtjinde iuw wurdt in nije stedsmuorre boud, sawat om it gebiet fan ’e binnenstêd fan no hinne.

Yn it deistich libben fan ’e midsiuwen is it kristlike geloof hiel belangryk. De geastlikheid spilet in grutte rol yn it ûnderdak jaan fan dakleazen, it (oer)skriuwen fan boeken, it ûnderwizen fan bern en it fersoargjen fan siken. Yn it Groot Gasthuis wurde fan ’e ein fan ’e trettjinde iuw ôf sike earmen, reizgers en beafeartsgongers ferplege troch gasthûssusters.

Fanwegen alle tsjerken en kleasters, dêr’t in soad pilgrims op ôfkomme, wurdt Den Bosch ek wol ‘Klein Rome’ neamd. De bekendste fan dy tsjerken is de grutte Sint-Jan. Jeroen Bosch is dêr lid fan ’e religieuze feriening de Illustre Lieve Vrouwe Broederschap, dy’t him opdrachten foar in tal skilderijen jout. Boppedat krijt er opdrachten fan ynfloedrike eallju en foarsten.

De Tuin der Lusten
Hoewol’t syn famyljenamme Van Aken is, sinjearret Jeroen Bosch ferskillende skilderijen mei ‘Jheronimus bosch’. Mei syn keunstwurken wol er minsken warskôgje om as goede, leauwige kristenen te libjen, om’t it oars nei harren dea min mei har ôfrinne sil.

Syn bekendste skilderij is de Tuin der Lusten. Dat grutte trijelûk fertelt it ferhaal fan de minskheid fan de skepping ôf, mei links de earste minsken Adam en Eva. It middenpaniel toant talleaze neakene froulju en manlju yn in paradyslik lânskip. Rjochts sjochst hoe’t duvels yn ’e hel de sûndige sielen fan ferstoarnen martelje, mei dêrboppe ien fan Bosch syn ferneamde stedsbrannen. As bern hat er yn 1463 wierskynlik tsjûge west fan in enoarme stedsbrân wêrby’t yn Den Bosch goed fjouwerhûndert houten huzen yn flammen opgongen.

Ek yn syn oare wurken wurde duvelske meunsters en bizarre wêzens, lykas fleanende fisken en fantasydieren, hiel detaillearre yn frjemde dekôrs útbylde. It leveret Bosch de bynamme ‘den duvelemakere’ op. By it begjin fan ’e Opstân hinget de Tuin der Lusten yn it paleis fan Willem van Oranje yn Brussel. Dêr nimme de Spanjerts it yn beslach. Letter reizget it nei har kening Filips II. Dêrom is it no te sjen yn Madrid.

Wurk
Der binne sa’n 25 skilderijen fan Jeroen Bosch bekend. Dy hingje wrâldwiid yn grutte musea, ûnder mear yn Washington, Wenen, Madrid, Lissabon en Venetië. Yn Nederlân binne noch in pear orizjinele wurken te sjen yn Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam, dêrûnder De marskramer en Christoffel. It wie dêrom unyk dat yn 2016, syn fiifhûndertste stjerjier, hast al syn keunstwurken byinoar te sjen wiene yn ’e stêd dêr’t er wenne en wurke hat. Der kamen sawat in heal miljoen minsken nei dy tentoanstelling yn Het Noordbrabants Museum yn ’s-Hertogenbosch ta.

Jeroen Bosch hat in soad lettere skilders ynspirearre. Syn ynfloed is bygelyks sichtber yn in stikmannich ferneamde skilderijen dy’t Pieter Bruegel yn ’e sechstjinde iuw makke, sa as De Dulle Griet, en yn ’e surrealistyske skilderijen fan Salvador Dalí út de tweintichste iuw.