Yndonezië

De striid foar ûnôfhinklikheid

Flak nei de Twadde Wrâldoarloch wurde Nederlânske militêren nei de resint útroppen Republyk Yndonezië stjoerd om it âlde gesach werom te bringen. Der folget in oarloch mei in soad geweld, mar Yndonezië bliuwt ûnôfhinklik. Yn 1949 erkent Nederlân dy ûnôfhinklikheid ek.

Unôfhinklikheid

Proklamasi. Kami bangsa Indonesia dengan ini menjatakan kemerdekaan Indonesia…

Wij, het volk van Indonesië, verklaren hierbij dat Indonesië onafhankelijk is…

Sa lit Soekarno op 17 augustus 1945 yn Jakarta oan de wrâld witte dat it koloniale Nederlânsk-Yndië definityf foarby is. Twa dagen earder hat Japan him oerjûn, nei de atoombommen op de Japanske stêden Hiroshima en Nagasaki. Dêrmei komt der in ein oan de Twadde Wrâldoarloch yn Azië.

Al foar de oarloch bestiet yn Nederlânsk-Yndië in brede aktivistyske beweging dy’t him ynset foar selsbeskikkingsrjocht. Lieders lykas Soekarno, Mohammad Hatta en Soetan Sjahrir iverje foar folsleine ûnôfhinklikheid, oaren wolle mear autonomy. Mar it Nederlânske gesach hâldt de toutsjes strak yn hannen. En dan falt Japan yn 1942 Nederlânsk-Yndië binnen. De alliearde striidkrêften ferlieze op 27 febrewaris de Slach op de Javasee en op 8 maart folget de kapitulaasje. Under minne omstannichheden wurde soldaten kriichsfinzen makke en wurde Nederlanners en letter ek Yndyske Nederlanners finzen set yn kampen. De Japanners stelle it Nederlânsk-Yndyske bestjoerssysteem bûten wurking, feitlik hâldt Nederlânsk-Yndië op te bestean.

Unôfhinklikheidsoarloch
Nederlân erkent de Republyk Yndonezië net. Fan 1945 ôf wol it mei ûnderhannelingen, oarlochsfiering en geweld it gesach weromwinne, of op syn minst kontrôle hâlde oer it dekolonisaasjeproses. Mear as 200.000 militêren dogge mei oan dy oarloch, en mear as de helte dêrfan binne tsjinstplichtigen. De grutste militêre operaasjes fan Nederlân binne Operatie Product yn 1947 en Operatie Kraai yn 1948-1949. By de lêste wurdt Soekarno finzen set. Beide operaasjes wurde oantsjut mei de term ‘polisjonele aksjes’. De Feriene Naasjes jouwe it befel om op te hâlden mei de militêre aksjes en de finzenen frij te litten. Pas yn maaie 1949 jout Nederlân ta oan de ynternasjonale druk. Yn de perioade 1945-1949 falle oan Yndonezyske kant mear as hûnderttûzen deaden, oan Nederlânske kant sa’n fiiftûzen militêren en tûzenen boargerdeaden. Op 27 desimber 1949 wurdt yn Amsterdam de soevereiniteitsoerdracht tekene.

Allinnich it westlike part fan Nij-Guineä wurdt pas yn 1962 opjûn. Nei in oergongsperioade ûnder VN-tafersjoch beheart Yndonezië sûnt 1963 de regio, sûnder dat der rekken holden wurdt mei de winsken fan de Papoea’s. Dêrmei wurde de steatsgrinzen fan de tsjintwurdige Republyk Yndonezië deselde as dy fan it eardere Nederlânsk-Yndië. 

Migraasje
Fanwegen de nije machtsferhâldingen ferlitte oant yn de sechstiger jierren yn totaal mear as 300.000 Nederlanners, Yndyske Nederlanners en leden fan Yndonezyske minderheidsgroepen (Molukkers, Papoea’s, Sinezen) it lân. De measten geane nei Nederlân. Under harren binne 4.000 Molukske soldaten fan it eardere Koninklijk Nederlandsch-Indisch Leger (KNIL) en harren húshâldingen. Yn totaal komme der 12.500 Molukkers nei Nederlân. Sy ferwachtsje dat se op koarte termyn weromkeare kinne nei in eigen Molukske steat. Mar dy ferwachting wurdt noait wiermakke. Dat liedt yn de santiger jierren ta skokkende gizelingsaksjes troch jonge Molukske aktivisten.

Gjin ferline tiid
Lange tiid wurdt der oer de ferlerne koloniale oarloch swijd. De stânpunten tusken de grutte groep feteranen en in brede groep migranten út de eardere koloanje rinne fier útinoar. Fan 2008 ôf wurdt de erkenning fan de oarlochsmisdieden yn de rjochtseal útfochten. It bekendst is de Rawagede-saak. Yn 1947 waarden yn it West-Javaanske doarp Rawagede 431 manlju deasketten troch Nederlânske militêren. Sa’n sechstich jier letter easkje de widdowen in skeafergoeding. Yn 2011 oardielet de rjochtbank dat de widdowen dêr rjocht op hawwe.

Noch altyd wrakselet Nederlân mei de erkenning fan Soekarno syn ôfkundiging en de dêropfolgjende oarloch. Yn 2020, 75 jier nei de Proklamasi, makket kening Willem-Alexander ekskuzes foar ‘ûntspoaringen fan geweld’ yn de oarloch en lokwinsket er Yndonezië mei 75 jier ûnôfhinklikheid.