Begraafplakken
De hunebêdbouwers binne net de earste boeren yn Nederlân: it binne relative letkommers. De earste boeren binne de saneamde ‘bânkeramikers’ fan sântûzen jier lyn yn it Limboarchske heuvellân. Sawat twatûzen jier letter fêstigje de hunebêdbouwers harren yn Nederlân. It bytsje dat se neilitten hawwe, leit meastal yn ’e grûn ferskûle. Mar yn de provinsjes Drinte en Grinslân lizze harren spoaren gewoan oan it oerflak. It binne hunebêden, makke fan reusachtige stiennen dy’t troch minskehannen oardere en opelkoar steapele binne. De hunebêden tsjinje as mienskiplik begraafplak. Dat soarte stiennen grêfkelders is yn dy tiid net ûngewoan: yn hiel Europa binne der wol 35.000 fûn. Hjir wurde se boud fan ûnbidige swerfstiennen, dy’t yn ien fan ’e iistiden, sa’n 150.000 jier lyn, út Skandinavië wei hjirhinne skood binne.
Libbenswize
De hunebêdbouwers wenje yn boerepleatsen fan hout en liem, brûke houten en stiennen ark en meitsje potten fan klaai om foarrieden yn te bewarjen. Sokke potten sitte ek by de grêfgeskinken dy’t se oan de ferstoarnen meijouwe. Fanwegen harren foarm neame archeologen dy ‘trachterbekers’. Wy kinne de libbenswize fan de hunebêdbouwers rekonstruearje op basis fan boaiemfynsten dy’t yn en om de hunebêden dien wurde. Mar it is noch altyd net hielendal dúdlik hoe’t dy minsken it klearspylje om stiennen fan soms wol tweintichtûzen kilo fan ’e grûn te krijen. Wierskynlik meitsje se fan ierde in soarte fan oprit en brûke se rûne beamstamkes om de stiennen oerhinne rôlje te litten. As de stiennen teplak lizze, wurdt de grûn der ûnderwei groeven, sadat der in grêfkeamer ûntstiet.
Utfiningen
De hunebêden passe yn in lange perioade fan prehistoaryske ûntdekkingen en útfiningen dy’t fan grutte ynfloed west ha op de ûntwikkeling fan Europa. Fan 3000 foar Kristus ôf begjinne minsken foar it earst op gruttere skaal metaal te brûken: goud, koper en brûns. Der ûntsteane hannelsnetwurken troch hiel Europa om oan metalen foarwerpen te kommen. Groepen migranten út it notiidske Oekraïne en Ruslân komme dizze kant út en nimme útfiningen lykas it tsjil en de wein mei. En ek harren taal, dy’t de basis foarmet foar de grutste talefamylje fan ’e wrâld, de Yndo-Europeeske talen. Sawol yn de talen dy’t yn Europa sprutsen wurde as yn it hjoeddeiske DNA fan Europeanen en Nederlanners is dy migraasjeweach noch werom te sjen.
Monumint
Yn Drinte binne 52 hunebêden bewarre bleaun, yn Grinslân twa. Der moatte lykwols folle mear west ha. Troch de iuwen hinne binne der in soad hunebêden ferdwûn om’t de stiennen bygelyks as boumateriaal brûkt waarden. Fan de santjinde iuw ôf ûntstiet der mear oandacht foar de wearde fan de hunebêden. Dat liedt yn 1734 ta in monumintewet, dy’t foarkomme moat dat de hunebêden fernield wurde.