In wûnderbern
Hugo de Groot wurdt yn 1583 berne yn in ynfloedrike famylje yn Delft. Hy giet al op alvejierrige leeftiid nei de krekt oprjochte Leidske universiteit om dêr rjochten te studearjen. De jonge De Groot blykt in yntellektuele alleskinner, dy’t like maklik Latynske fersen skriuwt as útjeften fan teksten út de klassike âldheid fersoarget. Op syn fyftjinde reizget Hugo de Groot mei riedpensjonaris Johan van Oldenbarnevelt nei it Frânske hôf, om stipe te krijen yn ’e opstân tsjin Spanje. De Frânske kening is fol lof oer him.
Finzenskip en ûntsnapping
Yn it Tolfjierrich Bestân (1609-1621) eskalearret yn de noch jonge Nederlânske Republyk in polityk en godstsjinstich konflikt. Johan van Oldenbarnevelt komt tsjinoer steedhâlder prins Maurits te stean. As adviseur fan Oldenbarnevelt wurdt De Groot ien fan ’e haadrolspilers yn dat konflikt. Yn 1618 lit Maurits syn tsjinstanners finzen nimme. Oldenbarnevelt wurdt troch Maurits ta de dea feroardiele. De Groot wurdt libbenslang finzen set yn Slot Loevestein, flak by Gorinchem, dêr’t syn húshâlding him by him foeget.
Yn 1621 wit De Groot te ûntsnappen tanksij in plan fan syn frou Maria van Reigersberch. Hy krijt geregeld boeken levere út Gorinchem wei, dy’t yn in kiste brocht wurde en wer ophelle. Op 22 maart lizze Maria en tsjinstfaam Elsje van Houweningen de ôflevere boeken op it bêd, wêrtroch’t it liket oft De Groot dêr leit. De Groot klimt yn ’e kiste, en sa wurdt er it slot út droegen en nei Gorinchem brocht. Dêrnei flechtet er, ferklaaid as mitseler, nei Antwerpen. De rest fan syn libben bringt er as banneling troch yn it bûtenlân. Hy stjert yn 1645 yn Rostock.
Ynternasjonaal rjocht
Syn ûntsnapping is de ein fan De Groot syn tiid yn Hollân, mar net fan syn yntellektuele aktiviteiten en gelearde reputaasje. Neist literêre wurken skriuwt er in grut tal ferhannelingen op teologysk, histoarysk en benammen juridysk mêd, dêrûnder De iure belli ac pacis (‘Oer it rjocht fan oarloch en frede’), dat de grûnbegjinsels fan it folkerjocht beljochtet. Mei syn wurk leit Hugo de Groot de basis foar it ynternasjonaal rjocht sa’t wy dat hjoed-de-dei kenne. Hy beskriuwt bygelyks wannear’t in steat in oare steat de oarloch ferklearje mei, en watfoar middels yn ’e striid tastien binne. Ek fynt er dat it tapaste geweld altyd yn ferhâlding stean moat ta it doel.
Ferhaal
De Groot syn ûntsnapping yn ’e boekekiste bliuwt troch de iuwen hinne ta de ferbylding sprekken. As slachtoffer fan ’e steedhâlder stiet er krekt as Oldenbarnevelt en de broers Johan en Cornelis de Witt symboal foar de tsjinstanners fan de Oranjes. Yn de patriottetiid dûke ferskate foarwerpen op dy’t fan him west hawwe soene, dêrûnder inkelde boekekisten. Der stiet in kiste yn it Ryksmuseum yn Amsterdam, yn Museum Het Prinsenhof yn Delft en yn Slot Loevestein.