Hebban olla vogala

Nederlânske taal yn ûntwikkeling

'Hebban olla vogala nestas hagunnan hinase hic anda thu, wat unbidan we nu?' is ien fan ’e bekendste sinnen út de Nederlânske taal- en literatuerskiednis. It betsjut: 'Alle fûgels binne al oan it nesteljen, behalve ik en do. Wêr wachtsje wy noch op?' It binne rigels út in midsiuwsk leafdesferske. In ferske fan langstme fan sa’n tûzen jier âld.

Riedsel
‘Hebban olla vogala nestas hagunnan hinase hic anda thu. Wat unbidan we nu?’ Dy trettjin wurden binne ferneamd, mar se binne mei riedsels omjûn. Wy witte dat se om 1075 hinne opskreaun binne, mar it is net seker wa’t de skriuwer is en watfoar dialekt oft er brûkt.

It meast wierskynlik is dat it om in muonts út Flaanderen giet. Hy wennet en wurket dan al in moai skoft yn in kleaster yn Kent, yn it suden fan Ingelân. In grut part fan syn wurkdei follet er mei it kopiearjen fan Latynske teksten. Dat bart yn it skriptoarium: in seal mei skriuwtafels en alle materialen dy’t nedich binne om skriuwe te kinnen, lykas perkamint, inket en guozzefearren. Sa út en troch moat de guozzefear dêr’t de muonts mei skriuwt oanskerpe wurde. Foardat er fierder wurket probearret er op in apart fel oft syn pinne wer goed skriuwt. Ast dyn pinne probearrest, skriuwst faak wat dat dy tafallich yn it sin komt. By de muonts is dat in ferske dat er miskien noch út syn jeugd yn Flaanderen ken: ‘Hebban olla vogala…’

Aldnederlânsk
De Nederlânske taal is dan al iuwen yn ûntwikkeling. De âldste bekende wurden en tekstkes út de Lege Lannen datearje al út ’e sechsde iuw. It Nederlânsk is yn dy tiid foaral in sprektaal, gjin skriuwtaal. Skreaune wurden yn it Nederlânsk dûke mar hiel soms op. Faak binne it losse wurden yn in fierder Latynske tekst. Of it is in Aldnederlânske oersetting fan in Bibeltekst, lykas ‘Thie wingardon bluoyent anda thie bluom macot suoten stank’ (‘De wyngerds bloeie en de blom ferspriedt in swiete rook’).

It is noch net sa maklik om yn it âlde sintsje ‘Hebban olla vogala’ Nederlânsk te werkennen. Miskien is it wol in mingfoarm fan Aldnederlânsk, Noardsee-Germaansk en Kentsk. Yn dy tiid lizze Germaanske talen lykas Dútsk, Frysk, Ingelsk en Nederlânsk tichter byinoar as no. De Nederlânske taal en literatuer ûntwikkelje har fan it begjin ôf yn in hieltyd trochgeand kontakt mei de buorfolken.

Ynfloed
Yn ’e ôfrûne iuwen binne it benammen it Frânsk en it Latyn en, yn mindere mjitte, it Dútsk dy’t it Nederlânsk beynfloedzje. Tsjintwurdich komme nije wurden en siswizen faak út it Ingelsk en de talen fan ymmigranten, lykas it Surinaamsk, Marokkaansk-Arabysk, Turksk en Berbersk.