Haven fan Rotterdam

Poarte nei de wrâld

Yn it Rotterdamske havengebiet komt guod út de hiele wrâld Nederlân yn, om dêrnei trochfierd te wurden nei it Europeeske achterlân. De haven leit yn de delta fan Ryn en Maas en is ek foar seeskippen berikber. Nederlân libbet foar in grut part fan de hannel en Rotterdam is it belangrykste knooppunt.

Daam yn de Rotte
Rotterdam groeit pas yn de njoggentjinde iuw út ta de belangrykste havenstêd fan Nederlân. De haven bestiet dan al iuwen. Om it jier 1250 hinne wurdt yn de mûning fan feanrivier de Rotte in daam lein. By dy daam wurdt guod oerladen fan rivierboaten op kustskipkes: it begjin fan de Rotterdamske haven. Yn de sechstjinde iuw ûntwikkelet Rotterdam him ta in belangrike fiskershaven. Hoewol’t de stêd letter wol wat profyt hat fan de koloniale skipfeart, wurdt Rotterdam noait it sintrum fan de koloniale hannel: troch fersâning is de haven út see wei te lestich te berikken. Boppedat sitte de foarnaamste finansiers en ûndernimmers yn Amsterdam.

Yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw wurdt de haven hieltyd fierder útwreide, foaral om profitearje te kinnen fan de opbloeiende yndustry yn it Dútske Ruhrgebiet. Under lieding fan wetterboukundich yngenieur Pieter Caland (1826-1902) wurde de dunen by Hoek fan Hollân trochstutsen en wurdt der in nije ferbining nei de haven groeven. Troch dy Nieuwe Waterweg is Rotterdam folle better te berikken fan see ôf. Yn de haven sels wurde nije havenbekkens oanlein. Masines lykas stoomkranen meitsje lossen en laden effisjinter. Binnenfeartskippen, frachtweinen en frachttreinen fiere produkten flugger ôf en oan.

Weropbou en groei
Yn de Twadde Wrâldoarloch rekket hast de helte fan de haven swier beskeadige troch bombardeminten. By de weropbou fan Nederlân hat it op ’e nij opbouwen fan de Rotterdamske haven topprioriteit. De haven groeit dêrnei hurd, mei troch de opbloei fan de hannel mei Dútslân. Yn de fyftiger jierren binne al útwreidingen nedich: de Eemhaven en de Botlek stamme út dy perioade. Yn 1962 wurdt de Rotterdamske haven de grutste fan ’e wrâld. De Europoort is yn 1964 klear en yn 1966 wurdt yn Rotterdam de earste seekontener lost. Yn de grutte stielen seekonteners kin los ‘stikguod’ ienfâldich en feilich ferfierd wurde, wat grutskalich laden en lossen mooglik makket. Ek dêrnei groeit de haven troch: de Eerste en Tweede Maasvlakte wurde yn 1973 en 2013 yn gebrûk nommen.

Nije útdagingen
Troch de globalisearring nimt it wrâldwide frachtferkear ta. Dat betsjut dat ek de konkurrinsje groeit: sûnt 2004 is Rotterdam net langer de grutste haven fan ’e wrâld. Foar de Nederlânske oerheid is it fan grut belang om Rotterdam konkurrearjend te hâlden, want de haven is in ‘mainport’, in belangryk knooppunt yn it bûtenlânske hannelsnetwurk. Yn 2007 wurdt de Betuwerûte iepene, in spoarline dy’t inkeld bedoeld is foar frachtferfier tusken Rotterdam en Dútslân.

De ûnbedimme groei ropt lykwols ek in protte fragen en protesten op. Der binne soargen oer de rol dy’t de haven spilet yn it trochslûzjen fan drugs, oer feilichheidsrisiko’s en de ynfloed fan it grutte havengebiet op de natuerlike omjouwing. It giet net langer allinnich oer de ekonomyske impact fan de groei fan ’e haven, mar ek oer de fraach hoe’t de haven klearmakke wurde kin foar de takomst.