Hannelsferbûn
Tusken de tolfde en sechstjinde iuw ûntwikkelet in tal Nederlânske stêden, benammen yn it easten fan it lân, him ta wichtige en bloeiende hannelssintra. Se tankje har posysje oan harren lidmaatskip fan it Hânzeferbûn. De Hânze is oarspronklik in gearwurkingsferbân tusken keaplju út ferskate stêden dy’t deselde produkten ferhannelje. Troch gear te wurkjen kinne sy de kosten drukke, mei-inoar en dêrom feiliger reizgje, op gruttere skaal ynkeapje of ferkeapje en har as groep fersette tsjin besluten fan machtige lânshearen.
In 1356 wurdt yn in gearkomste yn Lübeck, in stêd yn it hjoeddeiske Dútslân, besletten dat de Hânze ek in belangemienskip fan ’e stêden wurdt en net allinnich mar fan ’e hannelers. De Hânze groeit út ta in machtich netwurk fan hannelsstêden yn it gebiet dat oan de Noardsee en de Eastsee grinzet. Dêrbinnen probearret it safolle mooglik problemen foar de hannel op te lossen. It Hânzenetwurk driuwt ek hannel mei partners bûten syn gebiet, bygelyks mei Londen en mei Spaanske stêden.
Groei en bloei
De hannel yn produkten lykas sâlt, granen, fisk, hout, wyn, bier, bistefellen en lekken bloeit. It ferfier giet foar in grut part oer see en oer rivieren, mei koggeskippen fan fyftjin oant tritich meter lang. De stêden groeie en bloeie, fersterkje har stedsmuorren, wreidzje har havens út en wurde opkreaze mei keapmanshuzen, pakhuzen en kantoaren. De rykdom fan ’e Hânze is noch dúdlik te sjen yn ’e earder neamde Iselstêden, mar ek yn lytsere Hânzestêden lykas Starum, Hasselt, Tiel en Doesburg.
Selsbetrouwen
It selsbetrouwen fan de Hânzestêden groeit. Om ’e hannel oer lân te befoarderjen lit it Kamper stedsbestjoer yn 1448 in brêge oer de Isel bouwe, sûnder tastimming te freegjen oan de biskop, dy’t dêr de lânshear is. Yn fiif moanne tiid leit der in nije brêge. It brêgejild dat elk foarbygeand skip betelje moat, bedarret yn ’e stedskas.
Dimter en oare Hânzestêden om Isel en Ryn hinne protestearje. Se wolle in frije trochfeart oer de Isel ha en kleie sels by de baas fan ’e biskop: keizer Frederik III fan it Dútske Ryk. Dy stjoert de stêd in brief wêryn’t er gebiedt de brêge ôf te brekken. Mar Kampen wegeret. Keizer en biskop litte it derby sitte en de brêge bliuwt lizzen.
Memmenegoasje
Ek foar net-Hânzestêden lykas Amsterdam is de hannel op ’e Eastsee fan grut belang. Dêr leit de basis fan ’e ekonomyske bloei. Amsterdam hannelet foaral yn bulkguod lykas graan en hout, mar moat dus konkurrearje mei de stêden oan ’e Isel. Yn ’e rin fan ’e sechstjinde iuw nimt de macht fan ’e Hânze ôf. Hollân wurdt ekonomysk hieltyd sterker ta skea fan de Iselstêden, dy’t lêst fan fersâning fan ’e rivier krije. Pas nei de fal fan Antwerpen, yn 1585, wurdt Amsterdam in echt belangryk hannelssintrum.
De Nederlânske hannel rekket hieltyd mear op ’e wrâldseeën oriïntearre. Mar de hannel op ’e Eastsee bliuwt oant let yn ’e santjinde iuw sa belangryk foar de ekonomy en itensfoarsjenning hjir, dat se ‘memmenegoasje’ neamd wurdt: mem fan alle hannel.