De Grûnwet
De Grûnwet is de belangrykste wet fan in steat. Dy wet bepaalt hokker persoanen en ynstellingen oft de macht yn in steat útoefenje en hoe’t dat dien wurdt. De Nederlânske Grûnwet regelet bygelyks de rol fan it steatshaad en fan de ministers, de foegen fan rjochters en de taken fan de gemeenten en provinsjes. Boppedat stelt de wet fêst watfoar ynfloed en macht oft de Nederlânske boargers hawwe. Oare wetten meie net yn striid wêze mei de Grûnwet.
De Grûnwet iepenet mei de rjochten dy’t boargers hawwe yn harren ferhâlding ta de steat: de grûnrjochten. It giet dêrby net om rjochten dy’t de boargers ûnderling – inoar oanbelangjend – hawwe, mar om de rjochten dy’t boargers de frijheid jouwe om harren libben yn te rjochtsjen sûnder dat de steat him mei harren opfettingen en libbenskeuzes bemuoit. De steat mei frijheden lykas de frijheid fan godstsjinst en de frijheid fan mieningsutering allinnich beheine as dat echt nedich is. Dy needsaak kin der bygelyks wêze as ien in bedriging foarmet foar oaren. Yn sa’n gefal mei de steat yngripe, mar dat moat dan wol neffens de wet gebeure.
1798
Iuwenlang is it gebrûklik dat rjochten foar elk gebiet ferskille en ôfhingje fan ien syn posysje yn de mienskip. Ein achttjinde iuw groeit it besef dat elke boarger deselde rjochten heart te hawwen en dat elke ynstânsje dy’t macht útoefenet him oan de wetten hâlde moat. Yn Nederlân wurdt dat yn 1798, yn de tiid fan de Bataafske Republyk (1795-1806), fêstlein yn de ‘Staatsregeling voor het Bataafsche Volk’. Dy regeling is yn feite de earste grûnwet fan Nederlân en wurdt dêrom ek wol de ‘oergrûnwet’ neamd. Yn 1815 wurdt ûnder kening Willem I de Grûnwet foar it Keninkryk fan ’e Nederlannen opsteld, dy’t noch hieltyd jildich is. In protte ideeën út de grûnwet fan 1798 komme werom yn de ferzje fan 1815.
1848
Der hawwe ferskate grutte Grûnwetsferoaringen west. Yn 1848 brekke yn in soad Europeeske lannen revolúsjes en rellen út, ek yn Nederlân. Dat makket Kening Willem II ûngerêst. Hy freget de liberale steatsman Johan Rudolph Thorbecke om de Grûnwet sa te wizigjen dat de macht fan de kening beheind wurdt en de ministers en it parlemint mear macht krije. Mei dy wiziging leit Thorbecke it fûnemint foar it parlemintêre stelsel en de fierdere bestjoerlike ynrjochting fan it lân. De ‘Grûnwet fan 1848’ wurdt dêrom ek wol sjoen as it begjin fan de Nederlânske demokrasy.
Tweintichste iuw
Yn 1917 wurdt foar alle manlju it kiesrjocht ynfierd. Froulju krije dan passyf kiesrjocht: se meie har ferkiesber stelle. Yn 1919 krije sy ek it aktyf kiesrjocht en yn 1922 kinne froulju foar it earst nei de stimbus. Nei 1945 is de dekolonisaasje reden foar nije feroaringen. Yn 1983 folget in folsleine feroaring en wurde sosjale grûnrjochten en in algemiene bepaling tsjin diskriminaasje tafoege. Artikel 1 is fan dat momint ôf: Allen die zich in Nederland bevinden, worden in gelijke gevallen gelijk behandeld. Discriminatie wegens godsdienst, levensovertuiging, politieke gezindheid, ras, geslacht of op welke grond dan ook, is niet toegestaan.
Yn 2023 is it ferbod op diskriminaasje fanwegen ‘handicap of seksuele gerichtheid’ oan artikel 1 tafoege. Dy wiziging slút oan by eardere besluten sa as de ynfiering fan it homohoulik yn 2001. It proses fan dy Grûnwetsferoaring hat 13 jier duorre. Dat komt trochdat de Grûnwet minder maklik feroare wurde kin as oare wetten.