Ekonomyske groei
De útstream fan Nederlanners yn de jierren 1950 is de grutste yn de Nederlânske skiednis. Sa’n 350.000 minsken emigrearje mei stipe fan de regearing nei lannen lykas Kanada, Nij-Seelân en Australië. Begjin sechstiger jierren folget der rappe ekonomyske groei en kin Nederlân ynienen alle arbeiders brûke. Dat jildt benammen foar de yndustry. Bedriuwen lykas de Hoogovens en Philips rjochtsje harren blik dêrom op it bûtenlân. Se sykje tydlike arbeiders, dêrom de namme ‘gastarbeiders’.
Yn earste ynstânsje komme foaral Italiaanske, Spaanske, Grykske en Joegoslavyske arbeiders nei Nederlân, foar it grutste part manlju. Nei in oanwervingsoerienkomst mei Turkije yn 1964 folgje Turkske arbeiders, fiif jier letter Marokkaanske arbeiders. Yn sommige gefallen hellet in ‘keuringskommisje’ fan de Nederlânske oerheid arbeiders op yn Marokko. De mearderheid fan de migranten wennet en wurket yn de yndustriële sintra, sa as de Rotterdamske haven en de tekstylregio yn it easten fan it lân. Se dogge faak swier wurk, meitsje in soad oeren en libje yn ienfâldige omstannichheden.
Fan tydlik nei permanint
Yn de begjinjierren wurde de nije arbeidskrêften mei iepen earms ûntfongen. Mar nei in skoft lit de lokale befolking soms dúdlik fernimme net bliid te wêzen mei harren oanwêzichheid. De regearing lit se net ynboargerje: it idee is dat de arbeiders hjir tydlik binne. Yn ’e praktyk rint it oars. Wurkjouwers ferlingje de kontrakten hieltyd wer, oant yn de santiger jierren, mei de tebekgong fan de yndustry, de oanwerving fan gastarbeiders offisjeel stopset wurdt. Yn de tachtiger jierren wurde de gefolgen fan de krimpende wrâldekonomy krekt troch dy groepen field. In protte arbeiders bliuwe yn Nederlân, hielendal nei’t de wet op it wer byinoar bringen fan ’e húshâlding (1974) de mooglikheid biedt om harren famylje oerkomme te litten.
Fan de tachtiger jierren ôf wurket de Nederlânske regearing oan in yntegraasjebelied dat oant de dei fan hjoed trochgiet. Moatte nijkommers har oanpasse en hielendal opgean yn de mearderheidskultuer, of kin der sprake wêze fan yntegraasje mei behâld fan eigen identiteit? Of is yntegraasje in miks fan dy twa?
De multykulturele maatskippij
Nederlân is mei de komst fan dy grutte groep arbeiders wer in ymmigraasjelân wurden. Neist de tastream fan gastarbeiders ferlient Nederlân, krekt as in soad oare Europeeske lannen, asyl oan politike flechtlingen. Migranten út Suriname en de Antillen fêstigje har ek yn Nederlân. Binnen de Europeeske Uny heft Nederlân syn grinzen op, wat liedt ta ymmigraasje fan arbeidskrêften út East-Europa.
De ferskillende migraasjestreamen soargje foar in heftich polityk debat oer de relaasje tusken maatskippij, kultuer en religy. De terroristyske oanslaggen fan 11 septimber 2001 yn Amearika sette dat petear op skerp. Foaral it plak fan de islam yn de Nederlânske maatskippij liedt ta debat. Dêrby komt hieltyd de fraach werom wat 'Nederlannerskip' einliks ynhâldt, en yn hoefier’t Nederlân iepenstiet foar nijkommers.
Los fan de maatskiplike diskusje docht him ûnder migrantebern in flugger proses fan yndividualisearring foar. Se binne yn alle lagen fan de maatskippij te finen. Likegoed behinderje de lege sosjaal-ekonomyske omstannichheden in soad migranten yn in suksesfolle trochstreaming yn de maatskippij en ûnderfine se faak diskriminaasje by it partisipearjen op de arbeidsmerk.
Bern fan gastarbeiders ûndersykje de ynfloed fan de migraasje fan harren âlders op harren libben. Yn 2018 wint Murat Isik de Libris Literatuur Prijs mei syn roman Wees onzichtbaar, wêryn’t er it migraasjeferhaal fan syn Turkske famylje yn Amsterdam Súdeast fertelt. Sa’n oarsprongsferhaal jout dy generaasje it gefoel derby te hearren en soarget foar ferbining.