Europa

Gearwurkje foar in freedsum Europa

Gjin nije oarloch mear dy’t Europa ferskuort. Dat is de belangrykste driuwfear foar in gearwurking dy’t úteinlik liedt ta de Europeese Uny (EU). In grutte mearderheid fan de Nederlanners stipet it lidmaatskip fan de EU. Oaren freegje har ôf: hoefier moat dy gearwurking gean?

Europeeske gearwurking
Nei de Twadde Wrâldoarloch sykje Europeeske lieders nei manieren om in nije oarloch foar te kommen. Ferskate politisy pleitsje foar Europeeske gearwurking en yntegraasje. Der wurdt in begjin makke mei gearwurking op it gebiet fan strategyske grûnstoffen dy’t nedich binne foar it meitsjen fan wapens. Frankryk, Dútslân, Italië, België, Nederlân en Lúksemboarch tekenje yn 1951 it Ferdrach fan Parys en rjochtsje dêrmei de Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (EGKS) op. It ferdrach bepaalt dat de ûndertekeners de produksje fan koalen en stiel net mear nasjonaal regelje, mar oerdrage oan de EGKS.

Yn 1957 ûndertekenje de seis leden it Ferdrach fan Rome. Dêrmei is de oprjochting fan de Europeeske Ekonomyske Mienskip (EEG) in feit: in dûane-uny fan de seis lannen, dy’t frije hannel yn alle produkten garandearret. Al gau begjint de EEG in mienskiplik lânboubelied. De Nederlânske politikus Sicco Mansholt (1908-1995) ûntwerpt it om de itensfoarsjenning feilich te stellen en de ynkommens fan boeren troch subsydzjes te ferbetterjen. De Europeeske gearwurking wurdt hieltyd yntinsiver en sil yn de jierren dy’t folgje net allinnich oer ekonomy gean, mar ek oer kultuer, ûnderwiis en miljeu.

De Europeeske Uny
Begjin njoggentiger jierren is de Nederlânske regearing grut foarstanner fan fierdere yntegraasje fan Europa. Net alle lidsteaten binne dêr like entûsjast oer. Under it Nederlânske foarsitterskip fan de Ried fan Europeeske Mienskippen wurdt mei de ûndertekening fan it Ferdrach fan Maastricht yn 1992 de Europeeske Uny (EU) oprjochte. De lidsteaten wolle op it terrein fan feilichheid en justysje yntinsiver gearwurkje. En der wurdt besletten om in mienskiplike munt, de euro, yn te fieren.

Foar in trochfierlân lykas Nederlân is it lidmaatskip fan in grut Europeesk frijhannelsgebiet yn ekonomysk opsicht enoarm belangryk. Oare lannen sjogge de foardielen ek en it oantal lidsteaten fan EEG en EU groeit fan 6 yn 1972 oant 28 yn 2013.

De EU hat in grutte ynfloed op it libben fan syn ynwenners. Se kinne makliker emigrearje en reizgje binnen de Uny en oeral binnen de EU kin sûnder grinskontrôles guod ferfierd wurde. Regeljouwing tusken lannen wurdt ôfstimd, wêrtroch’t de EU hieltyd faker bepaalt wat de nasjonale oerheden fan de lidsteaten wol en net dwaan meie. Sa soarget de Nederlânske EU-kommissaris Neelie Kroes derfoar dat telecomproviders konsuminten net mear mei hege kosten belêstigje as se oer de grins belje.

Krityk
De bemuoienis út ‘Brussel’ wei ropt geregeld yrritaasje op. De measte Europeanen sjogge harsels yn earste ynstânsje as boargers fan har eigen nasjonale steaten. By guon ynwenners fan de Uny ûntstiet it gefoel dat se de regy kwyt reitsje oan Europa. Se fersette har tsjin fierdere yntegraasje; sa wize yn 2005 de Frânsen en de Nederlanners fia referindums in foarstelde Europeeske ‘grûnwet’ ôf. De eurokrisis dy’t yn 2009 útbrekt set it fertrouwen yn de EU fierder ûnder druk. Ek it fraachstik yn hokker mjitte oft lidsteaten flechtlingen opnimme moatte, liedt ta grutte ûnienichheid. De Britten stimme yn 2016 foar de ‘brexit’: it út de EU stappen. Nei in muoisum proses fan politike ûnderhannelingen wurdt it fuortgean yn 2020 definityf. Nettsjinsteande dy ûntwikkelingen is yn de measte fan de oerbleaune 27 lidsteaten de stipe foar de EU grut, ek yn Nederlân. De EU wurdt as belangryk, sels ûnmisber, ûnderfûn. Mar oer de wize wêrop’t de Europeeske gearwurking yn de takomst it bêste stal krije kin, ferskille de mieningen sterk.