Desiderius Erasmus wurdt om 1469 hinne berne as soan fan in net-troude pryster en syn húshâldster. Nei in jeugd lâns ferskate kostskoallen bedarret er yn Parys, dêr’t er teology begjint te studearjen. Erasmus is hiel goed yn Latyn en Gryksk en wit in soad fan de klassike âldheid. Al yn syn eigen tiid wurdt er beskôge as in grut gelearde.
Humanisme
Erasmus is in foaroansteande humanist. Yn it humanisme stiet it mins-wêzen sintraal. As mins moatst selsbewust, mei in soad soarch en oandacht, neitinke oer de omgong mei dysels en dyn omjouwing. Op syn reizen troch Europa leart Erasmus oare ferneamde humanisten kennen. Fia in grut brievenetwurk ûnderhâldt er kontakt mei harren, ûnder wa de Ingelske humanist, filosoof en steatsman Thomas More.
Erasmus publisearret ferskillende teologyske en humanistyske boeken foar in brede lêzersgroep. Tanksij de noch jonge boekdrukkeunst, útfûn om 1450 hinne, wurdt dy doelgroep ek berikt. Boeken drukke kostet folle minder tiid en jild as boeken oerskriuwe mei de hân. Syn bekendste boek wurdt Lof der Zotheid út 1509, wêryn’t er de gek hat mei minne minsklike eigenskippen lykas gjirrichheid, idelens en machtsbegearte. Erasmus jout sa op in satiryske wize kommentaar op ’e machthawwers yn tsjerke en wrâld. Dat is net sûnder risiko, want de tsjerke bestraft krityk. Mar Erasmus omsylt dat probleem troch it personaazje ‘Zotheid’ as ferteller optrede te litten en sa de minsken in spegel foar te hâlden.
Bibelkrityk
Humanisten binne kristen én tekstleafhawwer. Erasmus fynt de Latynske Bibeloersetting dy’t yn de tsjerke brûkt wurdt net sekuer en dúdlik genôch. It twadde diel, it Nije Testamint, set er op ’e nij oer út it Gryksk yn it Latyn. Erasmus fynt Bibelkennis foar minsken hiel belangryk. De tsjerke is dêr net bliid mei. Benammen geastliken hawwe kennis fan ’e teksten en drage dy oan oaren oer. Erasmus wol dat elkenien it geloof ûnderfine kin, en hopet dat alle minsken oait fertroud reitsje mei de Bibel.
Yn Erasmus syn libben fynt der in spjalting yn ’e Roomsk-Katolike Tsjerke plak. Tsjerkherfoarmer Maarten Luther (1483-1546) – dy’t foar syn eigen Bibeloersetting gebrûk makket fan Erasmus syn oersetting – hat de haadrol yn ’e Reformaasje. Erasmus hat wol krityk op de Tsjerke, mar hy giet net sa fier as Luther. Erasmus is net ree om mei de Roomsk-Katolike Tsjerke te brekken. Hy pleitet derfoar mieningsferskillen mei sûn ferstân te oerbrêgjen. Sa lit er him sjen as in echte humanist. Mar dat er gjin partij kieze wol, komt him op krityk út beide kampen wei te stean.
Ynspiraasjeboarne
Yn ’e simmer fan 1536 stjert Erasmus yn it wenhûs fan syn drukker Froben yn Basel. Erasmus neamt him by syn libben graach ‘Desiderius Erasmus fan Rotterdam’. Rotterdam hat altyd grutsk op syn ferneamde stedsgenoat west. Al yn 1549 krijt er in stânbyld en ûnderwilens binne ek de Erasmus Universiteit en de Erasmusbrêge nei him ferneamd. Ek dêrbûten libbet syn namme troch: miljoenen studinten yn Europa binne fia it Erasmusprogramma op útwikseling gien.