Eise Eisinga

It sinnestelsel yn in húskeamer

Yn 1774 frezet Fryslân de ein fan ’e tiden troch in foarsizzing dat de ierde út syn baan slingere wurde sil. Sakeman Eise Eisinga berekkenet dat dat net kin en bout, as in echte Ferljochtingstinker, yn syn hûs yn Frjentsjer in planetarium, sadat elkenien sels sjen kin hoe’t it sinnestelsel wurket.

Ferljochtingstinker
De heechbejeftige Eisinga mei as bern net nei de Latynske Skoalle om’t er foarbestimd is om, krekt as syn heit, wolkjimmer te wurden. Eisinga leart rekkenkunde fan ’e kontakten fan syn heit. Troch fierdere selsstúdzje ferdjippet er him yn ’e astronomy. Dat de universiteit fan Frjentsjer (1585-1811) deunby is, komt dêrby goed fan pas. Lang is oannommen dat Eisinga in ienfâldige wolkjimmer wie, mar neffens resint ûndersyk blykt er in sakeman te wêzen dy’t ynternasjonaal operearret. Eisinga hat meardere manlju en froulju yn tsjinst en driuwt ek hannel mei Amearika.

Eisinga is krekt as in soad oare boargers yn syn tiid ynspirearre troch de Ferljochting. Hy is derfan oertsjûge dat minske en mienskip ferbettere wurde kinne troch kennis. It Ferljochtingstinken hat yn de Republyk in minder revolúsjonêr en antygodstsjinstich karakter as yn Frankryk. Nederlânske oanhingers fan ’e Ferljochting leauwe earder dat God it goed mei de wrâld foarhat. Se komme byinoar yn genoatskippen en dogge natuerkundige proeven, besjogge fossilen, besprekke oplossingen foar maatskiplike problemen en bestudearje de himellichems.

Het planetarium
In 1774 publisearret de Fryske dominy Eelco Alta in boekje wêryn’t er in grouwélige foarsizzing docht. Sadree’t fjouwer planeten en de moanne yn ien line komme te stean, sil troch de mienskiplike oanlûkingskrêft de ierde út syn baan slingere wurde en yn de sinne ferbaarne. Dy foarsizzing liedt yn Fryslân ta wat ûnrêst. It is foar Eisinga ien fan ’e oanliedingen om oan syn planetarium te begjinnen, in put dy’t him sân jier kostje sil.

It planetarium dat Eisinga yn it plafond fan syn wenkeamer bout, is in skaalmodel fan it sinnestelsel. Yn 1781 is it planetarium klear. It sintrale slingeroerwurk wurdt oandreaun troch njoggen gewichten. Dat oerwurk regelet de goede omgongsfaasje fan elke planeet fia in ymposant rêdwurk fan houten hoepels en skiven mei 5934 hânsmeide spikers as tosken. De planeten fan it planetarium bewege yn deselde tiid om ’e sinne as de echte planeten: Merkurius docht 88 dagen oer in omgong, de ierde in jier en Saturnus mear as 29 jier.

Eisinga is net allinnich in Ferljochtingstinker, mar ek in patriot. Hy ferset him tsjin ’e absolutistyske oanstriden fan steedhâlder Willem V. As yn 1787 it patriottyske ferset brutsen wurdt, moat Eisinga flechtsje. By syn weromkommen yn Frjentsjer wurdt er oppakt en foar fiif jier út ’e provinsje ferband. Yn dy tiid past syn famylje op it planetarium, sadat Eisinga it wer yn beweging sette kin as er werom is. Yn 1818 komt kening Willem I nei Fryslân om it planetarium te besjen. Hy is sa ûnder de yndruk dat er it keapet foar de Nederlânske steat. Letter wurdt it oan ’e gemeente Frjentsjer skonken. It âldst wurkjende planetarium op ’e wrâld is dêr noch altyd te besjen.

Ynstruksjes
Yn 1828 stjert Eisinga op 84-jierrige leeftiid. Yn syn testamint beskriuwt er de wurking fan syn planetarium. Oant op ’e dei fan hjoed toant it planetarium de aktuele stân fan ’e planeten. De behearders folgje Eisinga syn ynstruksjes noch altyd, ûnder oaren foar it hânmjittich trochfieren fan de skrikkeldei 29 febrewaris.