De Earste Wrâldoarloch

Neutraal yn oarlochstiid

Fan 1914 oant 1918 hearsket oer de hiele wrâld ‘de Grutte Oarloch’. Miljoenen boargers en soldaten komme om it libben. Nederlân is neutraal, dus de grutste ferskrikkingen bliuwe de befolking besparre. Mar ek hjir binne de gefolgen fan de oarloch goed te fielen: flechtlingen streame it lân yn, iten wurdt krap en de wurkleasheid is heech.

De Grutte Oarloch
De Earste Wrâldoarloch is de earste grutte oarloch dêr’t wrâldwiid miljoenen soldaten en boargers by belutsen reitsje. Yn dat konflikt steane de ‘sintralen’ (Dútslân, Eastenryk-Hongarije en it Ottomaanske Ryk) tsjinoer de ‘alliearden’ (Frankryk, Grut-Brittannië en Ruslân). It oarlochsfront beheint him net ta Europa, mar wreidet him út oant yn Afrika, Azië en it Midden-Easten. Oan de oarloch dogge ek lannen mei in protte koloanjes mei. Dêrtroch wurde soldaten út de hiele wrâld oproppen om mei te fjochtsjen.

De gefjochten yn Frankryk en België wurde foaral fierd út de beruchte loopgraven wei, dy’t soldaten mar in bytsje beskutting biede. Se rinne grut gefaar as se de loopgraven ferlitte moatte om de fijân oan te fallen. Hûnderttûzenen soldaten ferlieze harren libben oan it front. As yn 1917 de Feriene Steaten oan harren kant stean geane, reitsje de alliearden oan ’e winnende hân. Yn novimber 1918 jouwe de sintralen belies. De oarloch kostet tsien miljoen soldaten en minstens tsien miljoen boargers it libben. De fersteuringen fan de oarloch fergrutsje mooglik de deadlikheid fan de Spaanske gryp-pandemy, dêr’t yn 1918 en 1919 oer de hiele wrâld 50 miljoen en yn Nederlân hast fjirtichtûzen minsken oan stjerre.

Neutraal
By it útbrekken fan de Earste Wrâldoarloch ferklearret Nederlân him fuortendaliks neutraal. Nederlân is mar in lyts lân en it kin militêr net tsjin buorlannen lykas Ingelân en Dútslân op. Boppedat is Nederlân bang om yn in oarloch syn koloanjes te ferliezen. Nederlân en ek België wolle dus neutraal bliuwe, sa’t se tsientallen jierren wienen. Dat slagget België net, want it Dútske leger falt it lân yn om fluch oprukke te kinnen nei Parys. Nederlân hat mear gelok en kin syn neutraliteit hanthavenje, krekt as bygelyks Denemarken, Spanje en Switserlân. Dat Nederlân úteinlik neutraal bliuwe kin, is foaral te tankjen oan it feit dat Ingelân en Dútslân dêr beide foardiel fan hawwe: Nederlân fungearret foar harren as in buffersône.

Neutraliteit blykt in posysje te wêzen dy’t lestich fol te hâlden is. Oan it begjin fan de oarloch flechtsje mear as in miljoen Belgen nei Nederlân. De flechtlingen wurde opfongen, ûnder mear yn tintekampen. Under harren binne in soad oarlochsfrijwilligers dy’t har oanslute wolle by de alliearden. De Dútsers lizze dêrnei in 332 kilometer lang stek mei deadlik skriktried oan tusken Nederlân en België. De ôfsetting komt bekend te stean as de ‘Dodendraad’.

Grut-Brittannië blokkearret de hannel mei Dútslân en ferbiedt Nederlân om ymportguod troch te ferkeapjen oan de Dútsers. De Dútsers besykje krekt safolle mooglik libbensmiddels en grûnstoffen út Nederlân te heljen. Trijehûndert Nederlânske skippen fergeane troch Britske minen en Dútske torpedo’s. De wurkleasheid groeit troch de krimp fan de ynternasjonale hannel. Iten wurdt krap en giet op de bon. Yn 1917 en 1918 plonderje wanhopige húsfroulju yn Amsterdam en Rotterdam itensfoarrieden.

Revolúsje
Tsjin ’e ein fan ’e oarloch hearsket yn ferskillende Europeeske lannen in revolúsjonêre stimming. Yn Ruslân wurdt de tsaar ôfset en fermoarde. Nei de oarloch flechtet de Dútske keizer nei Nederlân en wurdt Dútslân in republyk. Ek yn Nederlân wurdt de driging fan in revolúsje field, wat de regearing derta bringt om yngripende tasizzingen te dwaan om de politike ûnrêst del te bêdzjen, sa as de achtoerige wurkdei en it algemien kiesrjocht (1919).