De earste spoarline

Alles giet hurder

Soe dat wol goed gean, mei safolle leven en sa’n hege snelheid? Yn de njoggentjinde iuw ropt de komst fan de trein in soad tsjinstân op. Mar yn 1839 is de earste spoarline yn Nederlân in feit. De trein jout it libben mear faasje en fergruttet de mobiliteit. Hy ferbynt alle dielen fan it lân en helpt de yndustry foarút.

De earste treinreis
Op 20 septimber 1839 wurdt de earste spoarline fan Nederlân feestlik iepene. De stoomlokomotiven ‘Snelheid’ en ‘Arend’ lûke de earste trein mei 38 kilometer yn ’e oere fan Amsterdam nei Haarlem. In protte minsken freegje har ôf oft it wol nedich en feilich is. Begjin dat jier is by Gent noch de stoomtsjettel fan in fuortridende trein útelkoar spatten. Oant 1839 is it fluchste ferfiermiddel de hynstekoets. Dy hellet sa’n 14 kilometer yn ’e oere. Folle nofliker reizgest mei it trekskip, mar dat giet twa kear sa stadich.

Nettsjinsteande alle twivels yn it begjin liedt de earste trein in tiidrek yn fan enoarme feroaringen. It trajekt Amsterdam-Haarlem wurdt al gau útwreide oant wat de ‘Oude Lijn’ neamd wurdt, fan Amsterdam nei Rotterdam. Mear linen folgje; de eksploitaasje is yn hannen fan ferskillende spoarweimaatskippijen.

Yndustrialisaasje
Troch de Spoarweiwet fan 1860 betellet de oerheid foar in flinke útwreiding fan it spoarwegenet. De trein komt oeral yn Nederlân, en dat stimulearret de ekonomy. Grûnstoffen en produkten moatte ferfierd wurde, en dat giet makliker en flugger mei de trein. Yn de nije yndustrystêden sjitte fabriken as poddestuollen út ’e grûn. Minsken trekke massaal fan it plattelân nei de stêden om dêr oan it wurk te gean. Dy urbanisaasje hat grutte gefolgen: stêden reitsje grôtfol, de wenfoarsjenningen binne min en fanwegen de enoarme fraach nei wurk hawwe de fabrykseigeners de mooglikheid om harren wurknimmers út te sûgjen.

In dei deropút mei de trein
Om 1900 hinne is de trein it belangrykste ferfiermiddel yn Nederlân. De ferbettere ferbiningen en it reisgemak drage by ta de ienheid fan it lân: minsken út ferskillende streken komme flugger meielkoar yn kontakt en de koartere reistiid makket it lân folle lytser. Foar de komst fan it spoar wie reizgjen bysûnder tiidslinend, foar de measte minsken te djoer, en soms sels gefaarlik. De trein feroaret dus net allinnich de ynfrastruktuer fan Nederlân, mar ek de belibbingswrâld fan de Nederlanner.

Ek it toerisme groeit troch de trein. Badplakken lykas Scheveningen en Zandvoort groeie út ta populêre plakken foar in dei nei it strân. Nije sneltreinferbiningen bringe Europeeske stêden lykas Berlyn en Parys tichterby. Oarsom wit in tanimmend oantal bûtenlânske toeristen Nederlân te finen. Plakken oan de tsjintwurdige Iselmar en de haadstêd Amsterdam wurde tanksij harren goede berikberheid toeristyske trekpleisters. 

It spoarwegenet is ek fan ynfloed op de ynstelling fan in unifoarme tiid. Iuwenlang bepale stêden sels hoe let oft it is. De klokken op de tsjerketuorren yn Den Haach steane betider as dy yn Swolle. Foar in lanlike tsjinstregeling hiel ûnhandich, en dêrom wurdt yn 1909 de standerttiid ynfierd: oeral yn Nederlân wize klokken deselde tiid oan.

Miljeu

Begjin tweintichste iuw krijt de trein in grutte konkurrint foar it persoane- en frachtferfier: de auto. Fan de tritiger jierren ôf wurde in soad linen opheft, foaral lokale linen. Mar de trein is net ferdwûn. Nettsjinsteande de opkomst fan de auto is it reizgjen mei de trein om alderlei redenen bestean bleaun. Tsjintwurdich kieze minsken hieltyd faker foar de trein omdat dy minder miljeubelêstend is as de auto of it fleantúch. Binnen Europa wurde âlde spoarferbiningen wer yn gebrûk nommen as duorsum ferfiersalternatyf.