Christiaan Huygens

Begjin fan ’e moderne wittenskip

Christiaan Huygens fynt it slingeroerwurk út, is in belangrike wiskundige, natuerkundige en astronoom, en sjocht as earste de ring om ’e planeet Saturnus hinne. Hy heart by de earste generaasje moderne wittenskippers yn Europa.

Jeugd
Christiaan Huygens wurdt yn 1629 berne as twadde soan fan Suzanna van Baerle en Constantijn Huygens, dichter en sekretaris fan twa prinsen fan Oranje. Constantijn Huygens hat foar syn soannen in karriêre as diplomaat yn gedachten en stjoert se nei Leiden en Breda, om dêr rjochten en kriichskunde te studearjen. Mar Christiaan is mear ynteressearre yn ’e wis- en natuerkunde en astronomy. Al op jonge jierren wikselet er mei belangrike bûtenlânske gelearden brieven út oer alderhande fraachstikken.

Wittenskiplike revolúsje
Huygens is in bewûnderer fan de Frânske filosoof René Descartes (1596-1650), de ‘heit fan ’e moderne filosofy’, dy’t jierrenlang yn Nederlân wenne. Descartes basearret syn tinken net op besteande, soms al âlde stânpunten en teoryen. Hy wol sels eksperimintearje, observearje en wetten formulearje. Dy fernijende wize fan wittenskip beoefenjen wurdt populêr en bringt in wittenskiplike revolúsje op gong. Huygens giet yn ’e fuotleasten fan Descartes. Syn wiskundige oanpak fan wittenskiplike problemen sil bepalend wêze foar de ûntwikkeling fan ’e natuerwittenskippen. Huygens korrespondearret oer syn befiningen mei ferskate tiidgenoaten, ûnder wa Spinoza. Ek is er de mentor fan Antoni van Leeuwenhoek, de útfiner fan ’e mikroskoop.

Fertsjinsten
Huygens is fan grutte betsjutting foar de meganika. Hy bestudearret de fal- en slingerbeweging, dêr’t yn 1656 ien fan syn grutste útfiningen út fuortkomt: it slingeroerwurk. It is iuwenlang it iennichste sekuere ynstrumint foar tiidmjitting. Witte wat de krekte tiid is, is fan grut belang foar de plakbepaling op see. Hy wurket dêrom ek oan it meitsjen en ferbetterjen fan seeklokken.

Breder bekend is Huygens as astronoom. Tegearre mei syn âldere broer Constantijn slipet er linzen foar mikroskopen en astronomyske kikers. Mei in selsboude teleskoop ûntdekt Huygens sa de ring om ’e planeet Saturnus en ek de Saturnusmoanne Titan. Earder hiene oare gelearden it aparte oansicht fan ’e planeet noch beskreaun as ‘in soarte fan earkes’. Christiaan ûntdekt dat it in ring is.

Ynternasjonaal oansjen
Huygens ferbliuwt yn syn libben in soad yn Ingelân en Frankryk. Yn 1655 promovearret er oan de universiteit fan Angers en yn 1666 wurdt er beneamd ta earste direkteur fan de Académie Royale des Sciences yn Parys. Fan 1681 oant syn dea yn 1695 wennet er ôfwikseljend op de troch syn heit ûntwurpen bûtenpleats Hofwijck yn Voorburg en oan it Plein yn Den Haach.

Ek nei Huygens behâldt de Nederlânske wittenskip syn hege oansjen en posysje binnen ynternasjonale netwurken. De ferneamde medikus Herman Boerhaave (1668-1738) is bekend oant yn Sina. Om 1900 hinne geane in soad Nobelprizen nei Nederlânske wittenskippers. Ien fan har is de ferneamde natuerkundige Hendrik Lorentz (1853-1928), waans wurk de basis leit foar de relativiteitsteory fan Albert Einstein.