Kolonisaasje
De seis eilannen binne allegear tusken 1631 en 1648 troch Nederlân ferovere. De Boppewynske Eilannen – Saba, Sint-Eustasius en Sint-Marten – lizze hast tûzen kilometer noardliker as de Underwynske Eilannen – Arûba, Bonêre en Kurasau. Mei Suriname foarmje se wat Nederlanners ‘de West’ neamden. It binne yn dy tiid koloniale besittingen yn it westlik healrûn, dêr’t de mienskip oant yn de njoggentjinde iuw bepaald wurdt troch slavernij. Earst tsjinje se as militêre stipepunten, hannelsposten en plantaazjekoloanjes. Letter wurde de oaljeyndustry en it toerisme belangryk.
Dekolonisaasje
De relaasje tusken Nederlân en dy koloanjes is yn de twadde helte fan de tweintichste iuw yngripend feroare. Yn de Twadde Wrâldoarloch wurde Suriname en de seis eilannen net beset troch Dútslân. Nei de oarloch krije sy as saneamde ‘oerseeske gebietsdielen’ regionale autonomy en algemien kiesrjocht. De nije ferhâldingen wurde yn 1954 fêstlein yn it Statút foar it Keninkryk fan ’e Nederlannen. Dat is in soarte grûnwet foar in trans-Atlantysk keninkryk mei autonome ryksdielen.
Krekt as yn oare eardere koloanjes groeit lykwols it ferset tsjin de koloniale machtsstruktueren. Ynwenners binne ûntefreden oer it oerwicht fan Nederlânske bedriuwen op de Kurasauske ekonomy wylst op it eilân in soad minsken yn earmoede libje. Dat liedt yn 1969 ta stakingen, dy’t útrinne op in grutte folksopstân. De ynset fan trijehûndert Nederlânske mariniers om de oarder werom te bringen, ropt in byld op fan in ûnderdrukkende koloniale macht. Om fierdere konfrontaasjes foar te kommen wol Den Haach fan ‘de West’ ôf.
De syktocht nei in lykwicht tusken ûnôfhinklikheid oan ’e iene kant en it behâld fan it âlde ferbân oan ’e oare kant liedt ta in yngewikkeld dekolonisaasjeproses. De ûnôfhinklikheid fan Suriname yn 1975 wurdt bygelyks troch in grut part fan de befolking net stipe. Sa’n 300.000 Surinamers komme yn de santiger jierren nei Nederlân. De Nederlânske Antillen, sa’t de bestjoerlike ienheid fan de seis eilannen hjit, wolle gjin ûnôfhinklikheid en dêr bliuwt it Statút fan 1954 foarearst fan krêft.
Selsstannich
Elk eilân hat syn eigen kultuer en eigen belangen. Arûba, dat in bloeiende ekonomy hat, fielt him al desennialang tekoart dien troch it politike oerwicht fan Kurasau. Yn 1986 krijt Arûba in saneamde ‘status aparte’ en sûnt 1996 is it in selsstannich lân yn it Keninkryk. It sykjen nei nije bestjoersfoarmen foar de Nederlânske Antillen is lykwols noch net ôfrûn; elk eilân beslút op ’en doer dat in aparte relaasje mei Nederlân better is. Op 10 oktober 2010 wurdt it Statút oanpast en hâlde de Nederlânske Antillen offisjeel op te bestean. Kurasau en Sint-Marten binne no ek selsstannige lannen binnen it Keninkryk fan ’e Nederlannen. Se binne ferantwurdlik foar harren eigen lânsbestjoer en wetjouwing. De lytsere eilannen – Bonêre, Sint-Eustasius en Saba – wurde formeel ûnderdiel fan Nederlân. Dy eilannen hawwe lykwols minder foegen as Nederlânske gemeenten, binne gjin ûnderdiel fan de Europeeske Uny en hawwe de Amerikaanske dollar as munt.
De Nederlânske regearing – dy’t noch altyd de einregy hat – hat soargen oer finansjele problemen yn it Karibysk gebiet. De eilannen ergerje har op harren beurt oan de minne foarsjenningen en de Haachske bemuoienis. Nettsjinsteande dat hat Nederlân troch de lange mienskiplike skiednis en alle famyljebannen in sterke bining mei dy eilannen. Goed 160.000 Antillianen wenje yn Nederlân en in groeiend oantal Nederlanners fêstiget him op de eilannen. Nederlân en it Karibysk gebiet sette it stribjen nei bettere ûnderlinge gearwurking fuort.