De Beemster

Drûge fuotten yn ’e polder

Begjin santjinde iuw is de Beemster noch in grutte mar yn Noard-Hollân. Yn 1607 wurdt besletten om dy mar drûch te lizzen, sadat boeren dêr iten ferbouwe kinne. Sûnt dy tiid is de Beemster in symboal foar de wize wêrop’t Nederlanners harren lân sels ynrjochtsje.

Wrâlderfgoed
Yn 1607 jouwe de Steaten fan Hollân en West-Fryslân tastimming om de Beemster drûch te lizzen. It belooft in rendabel projekt te wurden dat boppedat in bydrage leverje kin oan de itensfoarsjenning fan it hurd groeiende Amsterdam. Der wurdt in hege en stevige dyk fan 38 kilometer lang om ’e mar oanlein en dêr wer omhinne in ringfeart. Dêrnei begjint it leechpompen fan ’e mar, dêr’t mar leafst 43 wynmolens foar noadich binne. Yngenieur Jan Adriaenszoon Leeghwater is meiferantwurdlik foar de bou en de pleatsing fan ’e molens. Der wurdt gebrûk makke fan molegongen: in pear molens trepsgewiis achterinoar, dy’t elk it wetter fan ’e mar in eintsje heger pompe oant yn ’e ringfeart.

Yn 1612 falt de mar drûch en kin de ynrjochting fan ’e polder begjinne. Der wurde wegen oanlein, sleatten groeven en stjelppleatsen boud. Dat alles bart neffens in oarderlik en strak geometrysk patroan. Oan dy wize fan grûn ferdielen en tawizen hat de Beemster syn rom te tankjen.

Nederlân hat troch minsklik yngripen yn ’e natuer foarm krigen. Dat begjint al yn ’e sechsde iuw foar Kristus mei de oanlis fan terpen en wierden om feilich wenje te kinnen. Yn ’e midsiuwen folgje lânoanwinning en bediking op hieltyd gruttere skaal en de oprjochting fan wetterskippen. Fan ’e sechstjinde iuw ôf wurdt it wetterbehear noch grutskaliger en systematysker oanpakt mei it drûchlizzen fan marren en feanpuollen. De Beemster stiet tsjintwurdich op ’e UNESCO-list fan Wrâlderfgoed. Dy drûchmakkerij is in skoalfoarbyld fan hoe’t Nederlanners grutte parten fan har lân sels ‘makke’ ha.

Wetterbehear
It wetterbehear yn de Beemster is yn ’e iuwen dêrnei noch folop fierder ûntwikkele. Lange tiid soargje wynmolens derfoar dat de bewenners drûge fuotten hâlde en dat it polderpeil geskikt bliuwt foar lânbou. Yn ’e lette njoggentjinde iuw wurde molens ferfongen troch stoomgemalen. Dêrnei nimme diselgemalen en elektrysk oandreaune pompen it oer. De Beemster is hjoed-de-dei ferdield yn mear as fyftich stikjes mei allegear in eigen wetterpeil. Bouboeren wolle graach in leech wetterpeil ûnder har lân, wylst doarpsbewenners leaver in heech peil hawwe om’t oars de peallen ûnder de huzen ferrotsje kinne. It ideale wetterpeil foar greidboeren sit dêrtuskenyn, wylst natuerbehearders wer harren eigen winsken hawwe.

Eartiids waard allinnich wetter fuortpompt om oerlêst foar te kommen, tsjintwurdich wurdt yn drûge perioaden ek swiet wetter ynlitten yn de Beemster. Dat is mooglik om’t de Iselmar, de eardere Sudersee, troch it ôfsluten fan ’e see no swiet wetter befettet dat geskikt is foar de lânbou. Oait waard der yn de Beemster mei wynkrêft en molens fan wetter lân makke, tsjintwurdich fynt dêr mei elektrisiteit en kompjûters modern wetterbehear plak.

Mear nij lân
Ek nei de santjinde iuw geane de Nederlanners troch mei drûchmakkerijen. Yn 1852 wurdt de Haarlimmermar drûchpompt. Dat bart foar it earst folslein mei stoomkrêft. Ien fan ’e trije gemalen dy’t dêrfoar brûkt wurdt is it Gemaal De Cruquius, mei de grutste stoommasine fan ’e wrâld. Troch it drûchlizzen fan de Noardeastpolder en de Flevopolder yn ’e eardere Sudersee ûntstiet de provinsje Flevolân. Nederlân hat sûnt dy tiid in ynternasjonale reputaasje opboud as baggeler en wetterbehearder. Op ferskate plakken yn ’e wrâld meitsje Nederlânske bedriuwen nij lân, dêrûnder de keunstmjittige Palmeilannen by Dubai.