De Atlas Maior fan Blaeu

De wrâld yn kaart

Europeeske seefarders en ûntdekkingsreizgers bringe fan de sechstjinde iuw ôf in soad ûnbekende gebieten yn kaart. Yn ’e bloeiende Republyk is der grutte fraach nei lúkse en detaillearre wrâldkaarten, sa’t heit en soan Blaeu dy meitsje. De ferneamde Atlas Maior út 1662 is it pronkstik.

Kaartemakkers
Wrâldferneamd binne de atlassen en kaarten dy’t yn ’e santjinde iuw printe binne yn it bedriuw fan ’e famylje Blaeu yn Amsterdam. Keningen, tsaren en oare grutten fan ’e ierde, allegear wolle se in moai útjûne atlas of fraaie globe fan Blaeu. Se steane symboal foar rykdom en kennis, in populêre kombinaasje.

Willem Janszoon Blaeu (1571-1638), soan fan in hjerringkeapman, lit him yn Denemarken by de ferneamde Deenske astronoom Tycho Brahe ûnderrjochtsje yn ’e navigaasjekunde en wurdt oplaat ta ynstrumint- en globemakker. Werom yn Amsterdam fêstiget er in eigen drukkerij en útjouwerij dêr’t er globes en letter kaarten makket. Fan syn alderearste printe kaarten út 1605 ôf falt Blaeu op troch kwaliteit en syn fernijende oanpak. Hy giet der net sels op út om mjittingen te dwaan, mar ûntwerpt syn kaarten op basis fan besteand kaartmateriaal, oanfolle mei kennis dy’t er ûntlient oan skipssjoernaals, reisferslaggen en gesprekken met seelju. Mei syn kaarten en atlassen krijt Blaeu in ynternasjonale reputaasje.

Nei syn dea nimt syn soan Joan (1599?-1673) it bedriuw oer. Hy bringt it famyljebedriuw ta noch gruttere bloei. Tachtich wurknimmers hâlde fyftjin drukparsen draaiende. In flink oantal froulju en bern fertsjinnet jild mei it ynkleurjen fan ’e kaarten.

Reiskaarten
De kaarten fan Blaeu steane yn in lange tradysje. De âldst bekende kaarten, makke yn it âlde Sina en it Midden-Easten, hawwe in kadasterfunksje: se lizze grûnbesit fêst. Fan de Grykske en Romeinske tiid ôf binne der kaarten dy’t sjen litte hoe’t de wrâld derút sjocht. De earste seekaarten stamje út de trettjinde iuw. De útfining fan it kompas soarget derfoar dat skippen net langer sicht op ’e kust hoege te hâlden om har oriïntearje te kinnen.

De Spanjerts en de Portugezen binne de earste Europeanen dy’t de oseanen oerstekke en yn kaart bringe. Goede kaarten meitsje it ferskil yn oarloggen of by it feroverjen fan nije gebieten. De rûte nei Azië lâns Súd-Afrika is lang en útputtend. It leannet dan ek de muoite om in fluggere rûte te finen. Ut de jonge Republyk wei wurdt Willem Barentsz op ’en paad stjoerd om lâns de Poalsirkel in noardlike trochwei te sykjen. Syn besykjen strânet yn 1596 yn it iis by Nova Zembla, mar smyt wol in soad nije ynformaasje op dêr’t de kaartemakker mei oan ’e slach kin.

Atlas Maior
Joan Blaeu bringt tal fan nije kaarten en atlassen út, dêrûnder de ferneamde Atlas Maior, dy’t fan 1662 ôf yn ferskillende edysjes en talen op ’e merk brocht wurdt. Mei hast seishûndert kaarten en in pear tûzen siden beskriuwingen bringt dy meardielige atlas de doe bekende wrâld yn kaart. De Atlas lit sjen hoe’t de kennis fan ’e wrâld troch ûntdekkingsreizen en hannelskontakten tanommen is. De Republyk hat yn ’e tiid fan Blaeu de measte deskundigens op dat gebiet, al wurdt har kennis al gau troch kaartemakkers yn oare lannen oernommen.

De Atlas is it djoerste meardielige boek fan ’e santjinde iuw. Net-kleure kostet er 350 gûne, mear as it jierynkommen fan in ambachtsman yn dy tiid. De ynkleure ferzje is noch ris hûndert gûne djoerder. De kaarten sels binne prachtich útfierd, mar selden orizjineel. Sy binne faak al earder útjûn, soms ferâldere en yn ’e regel net hielendal korrekt. De wurdearring foar de Atlas is der net minder om. Blaeu bringt mei syn Atlas Maior de wrâld binnen hânberik, yn ’e moaist tinkbere útfiering.