Suriname
Anton de Kom wurdt berne yn Paramaribo, de haadstêd fan Suriname, op dat stuit in koloanje fan Nederlân. Syn heit waard flak foar de ôfskaffing fan de slavernij yn 1863 berne as slaaf op de plantaazje Molhoop. Anton hellet syn boekhâlddiploma yn Suriname, mar hy kin troch it rasistyske belied gjin goede baan krije. Hy reizget nei Nederlân yn ’e hoop dêr mear gelok te hawwen.
Nederlân
Yn 1921 komt De Kom yn Nederlân oan. Yn Den Haach fynt er in baan by in hanneler yn kofje en tee. Dêr leart er Petronella Borsboom kennen. Yn 1926 trouwe se. Sa’n mingd houlik wurdt yn dy tiid noch as ûngewoan beskôge yn it yn haadsaak wite Nederlân. Anton en Nel krije fjouwer bern.
Neist syn wurk ûntwikkelet er him ta skriuwer en dichter. Ut ûnfrede oer dat der yn Nederlân sa’n bytsje bekend is oer de skiednis fan Suriname en it slavernijferline jout er dêr lêzingen oer. Ynspirearre troch de striid tsjin rasisme yn de Feriene Steaten en de gelikensensidealen fan kommunistyske organisaasjes yn Nederlân publisearret er krityske politike artikels. Hy krijt kommunistyske freonen en fielt him besibbe oan Yndonezyske studinten dy’t de ûnôfhinklikheid fan Nederlânsk-Yndië neistribje.
As syn mem ein 1932 op stjerren leit, giet er mei syn gesin nei Suriname. Dêr giet er troch mei syn politike aktiviteiten. Syn lêzingen wurde troch de autoriteiten ferbean. Hy rjochtet in advysburo op. In soad Surinamers mei ferskillende etnyske achtergrûnen witte De Kom dêr te finen en al gau krijt er de bynamme ‘papa De Kom’. Omdat de autoriteiten bang binne foar it ferset dat De Kom mei syn aktiviteiten oanwakkeret, wurdt er finzen set. Op 7 febrewaris 1933 komt foar de finzenis in grutte mannichte minsken byinoar om stipe oan De Kom te betsjûgjen. Soldaten begjinne te sjitten en der reitsje twa minsken dea en 22 ferwûne. Om fierder oproer foar te kommen, wurdt De Kom ferband út Suriname en moat er werom nei Nederlân.
Wij slaven van Suriname
Yn Nederlân komt er net mear oan it wurk. Mei it skriuwen giet er wol troch. Yn 1934 publisearret er syn boek Wij slaven van Suriname, it earste skiednisboek oer Suriname troch in Surinamer. Hy einiget mei in haadstik oer syn ferbanning. De Kom syn boek past yn in tiid wêryn’t mear ynternasjonale antykoloniale en antyrasistyske wurken ferskine, sa as The Black Jacobins fan C.L.R. James. De ferneamde lêste sinnen fan Wij slaven van Suriname binne:
Sranang mijn vaderland.
Eenmaal hoop ik u weer te zien.
Op den dag waarop alle ellende uit u weggewischt zal zijn.
Twadde Wrâldoarloch
De Kom soe Suriname lykwols net mear weromsjen. Yn de tiid fan de Dútske besetting fan Nederlân slút er him oan by it ferset. Hy skriuwt ûnder oaren foar de Haachske yllegale kommunistyske krante De Vonk, reden foar de besetters om him op 7 augustus 1944 te arrestearjen. Fia ferskillende kampen komt er úteinlik yn konsintraasjekamp Sandbostel telâne, dêr’t er op 24 april 1945 omkomt. Pas yn 1960 wurdt syn lichem yn in massagrêf identifisearre.
Yn de sechstiger jierren ûntdekke studinten syn boek opnij. Nei de ûnôfhinklikheid fan Suriname yn 1975 wurdt De Kom hieltyd mear fereare as held. Syn boeken en syn blik op ’e wrâld binne sawol yn Nederlân as yn Suriname noch hieltyd in ynspiraasjeboarne.