Annie M.G. Schmidt

Lekker ûndogensk yn in braaf lân

‘Doch noait wat dyn mem seit, dan komt it allegear goed’, sei Annie M.G. Schmidt. Gewoan sizze watst te sizzen hast, net oeral problemen sjen, yngean tsjin ûnlogyske regels en rebelske humor binne de geheimen fan har skriuwerskip.

Wurk
Annie M.G. Schmidt wurdt yn 1911 berne as dominysdochter op Súd-Bevelân. Se is in foarlik bern dat mei ferwûndering nei de wrâld om har hinne sjocht. Op har fjirtjinde publisearret se har earste ferske. Nei de Twadde Wrâldoarloch krijt se in baan by de Amsterdamske krante Het Parool, dêr’t se yllustrator Fiep Westendorp kennen leart. Mei har makket se fan 1952 oant 1957 ferhaaltsjes oer Jip en Janneke, wêrfan’t alle dagen ien yn ’e krante ferskynt. Dat is it begjin fan in libbenslange gearwurking, dêr’t ûnder mear Pluk van de Petteflet en Otje út fuortkommen binne.

Schmidt skriuwt fan alles: columns, ferskes, gedichten, berneferhalen, mar ek reportaazjes en stripferhalen. Se betinkt figueren dy’t sizze wat se fine en harren eigen wei sykje. De personaazjes hawwe alderlei freontsjes, faak bern sa’t sy sels ek wêze wollen hie. Mei ‘Zebra Flopje’ dy’t in oar ‘hansopje’ wol as dy ivige streepkes, en keningen dy’t oar iten wolle as dat harren foarset wurdt, ferset sy har tsjin regels, taboes en noarmen.

Fertolker fan de tiidgeast
Annie M.G. Schmidt hat yn de fyftiger jierren in soad sukses mei de radiosearje In Holland staat een huis. It harkspul draait om it húshâlden fan de famylje Doorsnee en jout in humoristysk byld fan it deistich libben fan nei de oarloch. De searje sprekt in breed publyk oan en wurdt hiel populêr – in bysûnder feit yn it sterk ferpyldere Nederlân.

Yn har wurk binne foarfallen en frustraasjes út har eigen libben werom te finen, sa as de iensumheid yn har jeugd en mislearre leafdes, mar ek taboeûnderwerpen lykas de ferhâlding mei in troude man en abortus. Se skriuwt kabaretteksten en baanbrekkende musicals, sa as Heerlijk duurt het langst en Foxtrot, dy’t geane oer de frijheid fan froulju en homoseksuelen.

Mei har eigenwize teksten is Annie M.G. Schmidt in ûntsettend ynfloedrike en tagelyk freonlike kritikus fan it brave, boargerlike en ferpyldere Nederlân. Sels ûntkomt se ek net oan krityk. Yn de twadde feministyske weach yn de santiger jierren fine feministen Jip en Janneke te rolbefêstigjend en âlderwetsk. Yn de Feriene Steaten rinne Jip en Janneke wer tsjin hiel oare beswieren oan: it stiet Amerikaanske útjouwers tsjin dat de beide bern yn de yllustraasjes hielendal swart ôfbylde binne.

Berneliteratuer
It wurk fan Schmidt past yn in rike tradysje fan Nederlânske berneliteratuer. Dy begjint mei in protte brave hendriken, sa as yn it gedicht ‘Jantje zag eens pruimen hangen’ (1778) fan Hiëronymus van Alphen. Fan ’e ein fan ’e njoggentjinde iuw ôf komt der romte foar bern dy’t ûndogensk wêze meie. Bekende foarbylden binne Dik Trom (1891) fan Johannes Kieviet en Pietje Bell (1914) fan Chris van Abcoude. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch komme der ek ûndogenske famkes yn berneboeken foar, stimulearre troch Pippi Langkous (1945) fan de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren.

Schmidt folget dat spoar, bygelyks yn Floddertje. Yn har ferhalen hawwe rebelske bern faak in sintrale rol en dat makket se sawol by bern as by folwoeksenen razend populêr. Fan Jip en Janneke allinnich al wurde miljoenen eksimplaren ferkocht, en fan har wurk binne oer de hiele wrâld oersettingen makke. Se krijt in soad prizen, mei dêrûnder de Zilveren en Gouden Griffel. Wat it geheim fan har sukses is? ‘De leeftiid dy’t ik sels altyd holden haw, is acht. En ik skriuw dochs einliks foar mysels. Ik tink dat dat it hiele punt is. Ik bin acht.’